Noardlân (arsjipel)
Noardlân of Noardlâneilannen (Russysk: Северная Земля; Severnaja Zemlja; "Noardelik Lân"), oant 1926 Nicolaas II-lân (Земля Николая II; Zemlja Nikolaja II) neamd, is in arsjipel yn de Noardlike Iissee, tusken de Karasee yn it westen en de Laptevsee yn it easten. It wurdt troch de Strjitte Vilkitski skieden fan it Tajmyr-skiereilân op de fêste wâl fan Midden-Sibearje. De arsjipel bestiet út fjouwer grutte en in stik as santich lytsere eilannen, dy't mei-inoar in oerflak hawwe fan sa'n 37.000 km² (bytsje grutter as Belgje). Bestjoerlik binne se in part fan it mânske gemeentlike distrikt Tajmyrski fan de Russyske kraj Krasnojarsk.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Noardlân leit op 55 kilometer benoarden fan Kaap Tsjeljoeskin op it fêstelân. De grutste eilannen Oktoberrevolúsje (14.204 km²) yn de midden, Bolsjevik (11.206 km²) yn it suden, Komsomolets (8812 km²) yn it noarden en Pionier (1527 km²) is it westlike eilân. Oan de noardwestkant fan Komsomolets fynt men Schmidt (467) en súdeastlik fanten Bolsjevik lizze noch Lyts-Tajmyr (232 km²) en Starokadomski (110 km²). Súdwestlik fan Pionier leit de Sedov-arsjipel, dêr't sûnt de jierren 1990 inkele minsken wenje. Besuden dizze arsjipel leit it eilân Samojlovitsj en súdlik fan Oktoberrevolúsje de Reade Floateilannen. Op Komsomolets leit de noardlikste punt fan Aazje, de Arktyske Kaap.
De arsjipel is ûnderdiel fan deselde geologyske struktuer as it Tajmyr-skiereilân en bestiet út in mjoks fan sedimentêre stienten (sânstien, schist, mergel, kalkstien en dolomyt), metamorfe en stjurringsstienten (doleriten en graniten).
De eilannen binne foar in part platofoarmich (Bolsjevik), diels mei hichten (Pionier) en hawwe foar in part it karakter fan leechberchtme. De flakten lizze somtiden heech (Oktoberrevolúsje; oant 200 meter) en foar in part leech (Komsomolets). Oan de kusten rinne de flakten stadichoan ôf nei see, dêr't se lântongen, sânbanken en lagunes foarmje mei sân- en kiezelboaiems. De permafrost begjint op in djipte fan 15 sm. De noardeastkusten binne faak kliffen oant 300 meter. De súdwestlike kusten binne lege seeôfsettings. Talleaze baaien, bochten en fjorden kringe djip it lân yn. De kusten telle fierders noch in protte kusteilantsjes, benammen by Oktoberrevolúsje.
De eilannen binne tige fergletsjere; sa'n 17.472 km² fan de likernôch 37.000 km² is mei iis bedutsen. Schmidt is hast hielendal bedutsen troch in iiskape, op Oktoberrevolúsje binne fiif grutte iiskapen, op Bolsjevik leit de grutte Leningradgletsjer en ek de oare eilannen binne meast mei iis bedutsen. De heechste pyk is de Karpinski (962 meter) op Oktoberrevolúsje. Oan de seekant rinne guon gletsjers troch oant fier ûnder de wetterspegel.
It teiwetter fan de gletsjers foarmet de boarne fan in tal lytse rivierkes, dy't oant 90 à 100 kilometer lang binne (de Oesjakova en Ozjornaja). De grutste marren binne oant 100 meter djip om't it wetter net fuortkin nei see troch de gletsjertongen.
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De eilannen lizze yn de sône fan it poalklimaat en it seeklimaat, mei koarte kâlde simmers en lange strange winters. It is der drûch en meast tichtbewolke. De gemiddelde jiertemperatuer is -16 °C. yn jannewaris leit de gemiddelde temperatuer tusken de -28 en -30 °C (absolút minimum by it poalstasjon op Golomjanny: -55 °C). De temperatuer skommelt yn de wintermoannen lykwols sterk troch oerlûkende sykloanyske depresjes fanút de noardlike Atlantyske Oseaan oer de Noardlike Iissee, dy't delfal en hegere temperaturen meibringe. Yn de winter binne der fûle sniestoarmen en hurde winen (oant 40 m/sek.). Simmers skommelje de temperatueren tusken gemiddeld +0,5 oant 1,6 °C yn july. Hegere temperaturen oant in maksimum fan +6,2 °C komme somtiids foar at der waarme luchtmassa's út Sibearje oerkomme. Simmers komt der fierders faak mist foar.
Mei it 1000 km westliker lizzende Nova Sembla slútt Noardlân de Karazee yn, dêr't een oantal grutte riveren yn útrinne, ûnder oaren de Ob en de Jenisej. Dêrtroch is de delfal heger as dat men ferwachsje soe op de breedtegraad. De gemiddelde jierlikse delslach fariëarret fan 150 oant 200 mm oan see, oant 400 - 450 mm op de toppen fan de gletsjers. It measte falt oan de noardwestkant fan de arsjipel, wat men weromsjocht yn de iisbedekking, dy't it súdeastlike Bolsjevik foar sa'n 30% bedekt en it noardwestlik lizzende Komsomolets foar 65%. De earder neamde orkanen komme benammen yn septimber en oktober foar, dan falt sa'n 30% fan de jierlikse delslach, mar ek simmers kin it wol snije út reden fan de lege atmosfearyske temperaturen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste dy't de oanwêzigens fan in lân benoarden fan Midden-Sibearje foarsei wie Michail Lomonosov, yn 1763. Tochten nei it fier bûtenút lizzend gebiet wiene net sa maklik. Kaap Tsjeljoeskin waard yn 1742 alris besocht, mar fierder hie noch gjin minske west. Yn de 19e iuw waarden ferskate tochten ûndernommen om in Noardeastlike trochfeart te finen, wêrby't men somtiden in grutte lânmassa miende te sjen, mar bewiis wie der net. De bekendste reis is dy fan Matvej Gedensjtrom en Jakov Sannikov yn 1810 fan Nij-Sibearje ôf.[1] Yn 1869 fernijde in P. Tretjakov ferhalen fan lânseigenen oer in lân, mei iisbearen en poalfoksen, benoarden de kust yn de regio Toeroechansk. Ek Nordenskiöld ûntdekte it gebiet net, hoewol't er de Vilkitski Strjitte nei it easten trochkruste. Wol fernaam er dat der fûgels út it noarden oerfleagen dat hy wie der fan oertsjûge dat er lân benoarden fan him wêze moast. Yn 1882 besocht ien fan syn bemanning, de Deen Andreas Peter Hovgaard op it skip de Dijmphna, it ûnderstelde lân te berikken, mar hy kaam fêst te sitten by de yngong fan de Karazee (mei de Nederlânske ekspedysje fan Maurits Snellen op de letter sonken Varna). Nansen (op de Fram) fûn it gebiet ek net yn 1893, likemin as Toll (op de Zarja) yn 1901, al makke dy lêste út reden fan oerfleanende fûgels ek op dat der lân noardlik fan Tajmir wêze moast, krektlyk as Nordenskiöld.
Yn 1910 sette lykwols de partikuliere ekspedysje fan Boris Vilkitski op de iisbrekkers Vajgatsj en Tajmyr útein. Sy setten útein mei it yn kaart bringen fan de hiele Sibearyske kust fan de Beringstrjitte oant de Barentssee. Yn 1912 berikte it selskip it eilân Lyts-Tajmyr, farrend fan Kaap Tsjeljoeskin ôf. Dêrwei folgen de skippen de kusten yn noardwestlike rjochting oant der op 3 septimber in grutte lânmassa ferskynde. Men gie oan lân by Kaap Berch; eastlik fan it van de Matoesevitsjfjord yn it noardeasten fan Oktoberrevolúsje) en sette dêr de Russyske flagge. Fanwege de ynfallende winter en omdat hja net oerwinterje woene op see, farden beide skippen wer nei it suden en ûntdutsen sa it eilân Starokadomski. Men koe troch it optsjen fan it pakiis net troch Strjitte Vilkitski komme dat men gie werom nei Vladivostok. De letter ferdwûne Russyske geolooch Vladimir Roesanov berikte Noardlân wierskynlik itselde jier, om't yn 1947 oerbliuwsels fan syn eigendommen fûn binne op ien fan de eilannen. It neifolgjend jier farden de Tajmyr en de Vajgatsj opnij nei Kaap Tsjeljoeskin en brochten de kusten fan de Strjitte Vilkitski yn kaart. De tochten fan Vilkitski soargen foar opteinens yn de geografyske fermiddens. Yn 1919 slagge it Amundsen, by syn oerwintering op Kaap Tsjeljoeskin, net om Noardlân te berikken.
Yn maaie 1928 fleach Umberto Nobile (mei syn loftskip N2 'Italia') oer de poalsee mei de bedoeling Noardlân te fotografearjen en der 5 of 6 minsken del te litten om ûndersyk te dwaan, mar troch min waar slagge dat doe net.[2]
Tusken 1930 en 1933 waarden meardere ekspedysjes ûndernaam om de arsjipel fierders te ûndersykjen en te kartearjen; dy fan Nikolaj Oervantsev, Grigori Oesjakov, Sergej Zjoeravljov en Vasili Chodov wie it bekendst. Harren team brocht twa jier op it eilân Domasjni fan de Sedov-arsjipel troch, wat in soad geografyske feiten opsmiet. Hja wienen goed en wol begûn doe't yn 1931 it loftskip LZ127 "Graf Zeppelin" oer de poalsee farde en yn mar inkelde dagen in suver folsleine mjitting fan de lânmassas tusken de 40e en 110e easterlingtegraad makke; fan Franz Joseflân oant Noardlân. Op dy reis waarden sa'n 500 eilannen ûntdekt en waarden de lêste wite plakken fan de wrâldkaart ynfold. By dy ekspedysje waard ek dúdlik dat Noardlân net ien (grut) eilân foarme, mar út minstens twa bestie. Oervantsev en syn team slagge it úteinlik alle eilannen te ûnderskieden en makken de earste detaillearre topografyske kaart fan it gebiet.
Mear wittenskiplik ûndersyk waard tusken 1948 en 1954 dien troch it Wittenskiplik Undersyks Ynstitút foar Arktyske Geology (NIIGA) út Leningrad, laat troch B. Jegiazarov, dy't in hast folsleine geologyske kaart fan de arsjipel makke.[3]
Yn de jierren 1950 waard in rige poalstasjons op de eilannen set en ek in fleanfjild oanlein (ICAO: UODS) foar bommewerpers (stasjonearre op it eilân Sredni fan de Sedov-arsjipel) om by need útwike te kinnen. Yn de jierren 1990 wienen de measten lykwols al wer ferlitten. Allinne op Golomjanny (yn de Sedov-arsjipel) is noch in poalstasjon. Sredni hat de ienige grinspost fan de Federalnaja Sloezjba Bezopasnosti (FSB). It fleanfjild wurdt no ek brûkt as springplanke foar toeristen dy't maitiids nei de Noardpoal wolle.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|