Nikolo-Korelsky Kleaster

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Nikolo-Korelsky Kleaster

Александро-Свирский монастырь

Sicht op de beide kleasters fan ôf de Rosjtsinsky-mar
Sicht op de beide kleasters fan ôf de Rosjtsinsky-mar
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
oblast Arkhangelsk Oblast Flag.png Archangelsk
plak Severodvinsk
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier Twadde helte 17e iuw
oare ynformaasje
webside nikolo-korel29.ru

It Nikolo-Korelsky Kleaster is in kleaster yn de Russyske stêd Severodvinsk, in stêd yn de oblast Archangelsk. It yn 1419 yn de delte fan de Noardlike Dvina stifte kleaster leit tsjintwurdich op de werf Sevmasj, dat wurk jout oan likernôch 30.000 wurknimmers. It kleaster hat lang tsjinne as de poarte foar Ruslân en foar in soad Russen wie it de rûte nei Jeropa.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der wurdt fan útgien dat it kleaster let yn de 14e of oan it begjin fan de 15e iuw stifte is troch de muonts Euthimius, wa syn reliken yn 1647 ûntdutsen waarden. It kleaster wurdt foar it earst yn 1419 yn skriftlike boarnen neamd, doe't it troch Sweedske troepen ferwoastge waard. It duorre mear as in heale iuw ear't it kleaster wer bewenners krige.

Yn 1471 ferdronken ûnder fertochte omstannigheden yn de Wite See twa soannen fan de boargemaster Marfa Boretskaja. De beide soannen waarden begroeven op it terrein fan it âlde kleaster en Marfa joech opdracht om it kleaster wer op te bouwen. Foar dat doel joech hja in diel fan har besittings wei; it kleaster krige grûn, fiskrjochten en mocht sâlt winne en fierder liet hja in oan Nikolaas wijde tsjerke bouwe.

Oersjoch fan it kleaster tsjin it ein fan de 19e iuw
It kleaster yn 1905-1906)
De katedraal krige nei de weromjefte oan de Tsjerke de koepels werom

Lang bleau it kleaster de seepoarte fan it lân. Ek reizgers út it Westen diene it Nikolaaskleaster oan. Om in noardlike rûte te finen nei Yndia en Sjina folge in ekpedysje ûnder lieding fan Richard Chancellor de kust fan it Kola-skiereilân en foer doe de Wite See op. Hy lei it skip by it doarpke Njonoksa oan en dêr ûntdiek Chancellor dat er yn Moskoovje wie. It folgjende plak dêr't er it skip foar anker lei wie fuort by de muorren fan it kleaster.

Al gau nei de ekspedysje waard de Moskovyske Hannelskompanjy yn Londen oprjochte, dy't letter fan tsaar Ivan de Ferskriklike it monopoly op de hannel mei Ruslân krige. Fan ôf 1555 ûntstie by it kleaster in oanlisplak mei pakhûzen en oare gebouwen, dêr't it guod fan de grutte seeskepen op lytsere skepen oerladen waard. Oare ûntdekkingsreizgers lykas Stephen Borough brûkten it plak ek as startpunt foar fierdere ûntdekkingsreize.

Mei de stifting fan de stêd Novocholmogory yn 1584, yn 1613 omdoopt ta Archangelsk, ferlear it kleaster de ekonomyske betsjutting. De nije stêd ûntjoech him ta de wichtichste seehaven fan it Russyske noarden.

De noch besteande houten poarte fan it kleaster yn Kolomenskoje-museum

Sûnt 1620 brûkten de Russyske hearskers it kleaster as finzenis foar politike en religieuze tsjinstanners fan it rezjym. Healwei de 17e iuw waarden de houten gebouwen ferfongen troch stiennen gebouwen. Tusken 1664 en 1667 waard de Himelfearttsjerke boud. Dêrnei fûn fan 1670 oant 1674 de bou fan in nije Nikolaaskatedraal plak. De klokketoer folge yn 1700. Tsjin de ein fan de 17e iuw krige it kleaster sân houten ferdigeningstuorren, wêrfan't allinne de westlike toer mei de poarte bewarre bleaun, dy't tsjintwurdich te sjen is yn Kolomenskoje yn Moskou.

Sovjet-tiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kleaster waard yn de jierren 1920 sletten. De koepels fan de katedraal fan it ferlitten kleaster gyngen yn 1933 by in brân ferlern, dy't neffens de offisjele lêzing troch de bliksem feroarsake wêze soe. Yn 1936 waard de lokaasje fan it kleaster troch Josef Stalin oanwiisd om de stêd Severodvinsk te bouwen. It doel fan Stalin wie om dêr in skipswerf foar de noardlike float fan de Sovjet-marine oan te lizzen. It gaadlikse plak wie dy fan it kleaster, dat al in skoft leech stie. Ynearsten boude de werf gewoane boaten, mar letter spesialisearre de werf him yn de bou fan nukleêre dûkboaten. Foar dat doel waard de 17e-iuwske kleastermuorre ôfbrutsen. De hillige poarte ferhûze nei it Kolomenskoje-museum yn Moskou, dêr't yn dy tiid ferkillende oare kleastergebouwen en tsjerken út it hiele lân hinne brocht waarden. De tsjerken dy't no op it terrein fan in skeepswerf leine, krigen in funksje foar de werf en waarden yntegrearre yn de fabrykshallen. De doe noch besteande tamboeren fan de koepels binne yn dy tiid ek ferneatige.

Yn de jierren 1990 waard in part fan de oarspronklike gebouwen wer oerdroegen oan de Russysk-Otterdokske Tsjerke. As earste waard de slim skansearre Nikolaaskatedraal renovearre. Op 7 april 2005 fûn der foar it earst wer in fiering fan de Godlike Liturgy plak. De Nikolaaskatedraal krige yn 2009 de fiif op de werf makke koepels mei dêr op de krusen werom. De otterdokske mienskip hat fanwegen de aard fan it bedriuw net frijelik tagong ta de eigen gebouwen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Александро-Свирский монастырь