Kolomenskoje

Ut Wikipedy
Kolomenskoje

Kolomenskoje (Russysk: Коло́менское) wie foarhinne in keninklik lângoed, dat op inkele kilometers súdeastlik fan it sintrum fan de Russyske haadstêd Moskou leit. It lângoed is 390 hektare grut en leit oan de âlde wei nei Kolomna (fandêr de namme). It gebiet waard yn de jierren 1960 by de haadstêd yndield.

De namme Kolomenskoje waard foar it earst neamd yn in testamint fan Ivan Kalita. Yn de rin fan de tiid ûntjoech it doarp him ta it lângoed dat it meast yn de geunst stie by de Moskovityske foarsten.

Himelfearttsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Himelfearttsjerke

It earste noch besteande bouwurk wie de Himelfearttsjerke út 1532. De fan wite stien boude tsjerke waard boud ta oantinken fan de langferwachte berte fan in erfgenaam fan de troan, de takomstige tsaar Ivan de Ferskriklike. It wie de earste stiennen tsjerke yn de foarm fan in tinte en de bou markearre in spektakulêre ûnderbrekking fan de tradisjonele byzantynske tradysje yn de arsjitektuer. De Himelfearttsjerke wurdt fanwegen de fertikale foarmjouwing bytiden ek wol "Wite Pylder" neamd. It nei de himel wizende bouwurk bestiet út in krúsfoarmige basis, folge troch in lange jimmeroan smeller wurdende achtkante konstruksje en in achtkantige tinte, dy't bekroand wurdt mei in lytse koepel. De smelle pilasters op de sydkanten, de pylkfoarmige ramen en de trije rigen kokosjniki, it lykwichtige ritme fan de treppenarkaden en de iepen galerijen aksintuearje de dynamyske beweging fan dit masterwurk fan Russyske arsjitektuer. Fanwegen de grutte wearde foar it minskdom besleat UNESCO om de tsjerke op de Wrâlderfgoedlist yn 1994 yn te skriuwen.

It paleis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsaar Aleksej I liet alle eardere bouwurken yn Kolomenskoje ôfbrekke en ferfange troch in grut houten paleis mei mearke-eftige dakken. Guon bûtenlanners neamden dizze tizeboel fan yngewikkelde gongen en 250 keamers it achtste wrâldwûnder. Alhoewol't it allinnich in simmerpaleis wie, wie it foar tsaar Aleksej de favorite residinsje. Yn it paleis waard yn 1709 de takomstige tsarina Elizabeth berne en tsaar Peter de Grutte brocht hjir in grut part fan syn jonkheid troch. Mei de ferhuzing fan it hôf nei Sint-Petersburch rekke it paleis yn it neigean en Katarina II wegere noch langer it gebou te brûken as har ferbliuw yn Moskou. Hja joech de opdracht it paleis yn 1768 ôf te brekken en it te ferfangen troch in ienfâldiger stiennen bouwurk. Krekte tekeningen fan it houten paleis bleaunen lykwols bewarre en in rekonstruksje yn opdracht fan de Moskouse oerheid waard yn 2010 foltôge. It rekonstruearre paleis stiet likernôch 1 kilometer súdliker fan de orizjinele lokaasje by de Himelfearttsjerke om sa de histoaryke fûneminten te sparjen. It paleis fan Katarina de Grutte út 1768 waard yn 1872 ôfbrutsen en allinnich de Kazantsjerke (1662), inkelde poarten en bygebouwen bleaunen dêrfan bewarre.

G.Quarenghi - Panorama fan de doarpen Kolomnskoje en Dijakovo, 1797

Iepenloftmuseum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tidens it Sovjet-tiidrek waarden der op inisjatyf fan de arsjitekt Pjotr Baranovsky út ferskate dielen fan de Sovjet-Uny houten gebouwen oerbrocht nei Kolomenskoje, sadat der tsjintwurdich ferskillen bouwurken út benammen de 17e iuw te sjen binne.

Bouwurken (seleksje)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ofbyld Namme Boujier Omskriuwing
Himelfearttsjerke 1528—1532 
Tsjerke fan de Unthalzing fan Jehannes de Doper Midden 16e iuw De boudatum fan de tsjerke wurdt grute op 1547. Mooglik wie de bouwer in Italjaanske arsjitekt, mar der binne ek guon dy't te tsjerke taskriuwe oan Postnik Jakovlev, de bouwer fan de Basilius-katedraal op it Reade Plein.
Kazantsjerke 17e iuw It paleis wie ea mei in houten gong ferbûn mei de Tsjerke fan Us Leaffrou fan Kazan, dy't tsaar Aleksej Michailovitsj as hûstsjerke bouwe liet. De tsjerke bleau útsein de jierren 1941 en 1942 ek tidens it Sovjet-tiidrek iepen foar de earetsjinst. Hjoeddedei wurdt der deistich op ferskillende tiden in tsjinst fierd.[1]
Tsjerke fan de Hillige Joaris 16e iuw
Wettertoer 17e iuw
Foarpoarte 1671—1673 Haadtagong fan it keninklik hôf yn Kolomna, boud foar tsaar Alexej Michailovitsj Romanov. De toer mei in dûbelkoppige earn is in rekonstruksje út 1994. Yn de gebouwen njonken de poarte is it museum ûnderbrocht.
Ferlosserpoarte 17e iuw
Boerewente
Toer fan de finzenis fan Bratsk 1659
Toer fan de finzenis yn Sûmy (Kareelje) 17e iuw.
Kleasterpoarte 1698 Kleasterpoarte fan it Nikolaaskleaster út Severodvinsk (Oblast Archangelsk).
Hûs fan tsjaar Peter de Grutte 18e iuw Yn de jierren 1920 en 1930 waarden houten gebouwen út hiel Ruslân nei Kolomenskoje brocht. It blokhûs fan Peter de Grutte stie ea yn Archangelsk. It ienfâldige ûnderkommen hat fjouwer keamers en docht tsjintwurdich tsjinst as útstallingsromte oer Ruslân's grutte tsaar.
Paleis paviljoen 1825
Wettermûne Rekonstruksje út 2007 fan in wettermûne út de 19e iuw.
Houten Sint-Joristsjerke 1685
Houten paleis Rekonstruksje fan it "achtste wrâldwûnder" dat foar Aleksej Michailovitsj (de heit fan Peter de Grutte) boud waard en yn opdracht fan Katarina de Grutte ôfbrutsen waard.
Tsaar Peter-hûs 2013 In kopy fan it orizjinele houten hûs fan tsaar Peter I yn Saandam (1632). Tsaar Peter wenne hjir tidens syn ferbliuw yn Nederlân yn 1697, doe't hy yn Nederlân in stúdzje makke fan it bouwen fan skepen. De replika stiet symboal foar de sterke bannen tusken Ruslân en Nederlân.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]