Springe nei ynhâld

Nicolas Japikse

Ut Wikipedy
Nicolas Japikse

Nicolas Japikse (De Jouwer, Haskerlân, 29 novimber 1872 - De Haach 13 maart 1944) wie in Nederlânsk histoarikus.

Nicolas wie in soan fan Jacobus Japikse, haad fan de Frânske skoalle op De Jouwer, en Geerts Berber. Hy boaske 26 augustus 1900 mei Cornelia Japikse. Ut it houlik waarden twa jonges en in famke berne.

Nicolas Japikse gie nei de HBS en it gymnasium en studearre skiednis fan 1893 oant 1900 yn Leien by de heechleararen R.J. Fruin, P.L. Muller en P.J. Blok. By Prof. Dr. Blok promovearre er yn 1900 op in proefskrift mei de titel "De verwikkelingen tusschen de Republiek en Engeland van 1660-1665".

Yn 1918 waard er direkteur fan it Buro fan de Commissie voor 's Rijks Geschiedkundige Publicatiën en yn 1928 waard er ek direkteur fan it Keninklik Hûsargyf. Japikse hie nauwe bannen mei it hof, de striidkrêften en konservative politikussen. Hy wie tsjin it besunigjen op leger en float. As learling fan Blok wiisde er de Grut-Nederlânske opfettings fan Prof. Dr. P.C.A. Geyl ôf.

Japikse wie de skiednislearaar fan prinsesse Juliana.

It slagge dr. Japikse net om in learstoel yn Leien of oare plakken te krijen. Wol hie er in tal oare funksjes by de oerheid en yn redaksjes. Yn 1938 publisearre er syn grutste wurk, in twadielige "De geschiedenis van het Huis Oranje-Nassau".

Dr. Japikse hat him ek wiidweidich dwaande holden mei Bismarck, de Dútske ienwurding en de Dútske skuldfraach by it ûntstean fan de Earste Wrâldkriich. Syn pro-Dútske opfettings yn dy politike en historyske kwestjes wiene bekend.

Nei de oarloch waard er beskuldige fan "pro-Dútsk"-wêzen. Hy hat him yn alle gefallen net dúdlik oppenearre tsjin wittenskiplike stellingen op grûn fan in nasjonalistyske of nasjonaal-sosjalistische ideology. Wol moat sein wurde dat Dr. Japikse ek yn de kriich op de wenstige wittenskiplike wize redenearre en debattearre[1].

  • De Turksche kwestie, Utjouwerij A.W. Bruna & Zoon Utert 1914

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • "Persoonlijkheden in het Koninkrijk der Nederlanden in woord en beeld". Haadredaksje H.P. van den Aardweg (Amsterdam 1938)
  • Biografy en fotografysk portret yn it "Biografisch Woordenboek van Nederland" 3 (De Haach 1989) fan P. Luykx, sjoch hjir.

  1. P. Luykx