Springe nei ynhâld

Robert Fruin

Ut Wikipedy
Portret fan Fruin troch Jan Goedeljee, 1879

Robert Jacobus Fruin (Rotterdam, 14 novimber 1823 - Leien, 29 jannewaris 1899) wie in Nederlânsk histoarikus. Hy wie de earste yn Nederlân dy't skiednis as aparte wittenskip beoefene. Hy hat yngeand stúdzje makke fan it wurk fan Leopold von Ranke; hy kin beskôge wurde as dy syn learling.

Yn 1842 sette er út ein mei in stúdzje Klassike Filology. Hy promovearre yn 1849 en waard learaar Ierdrykskunde en Skiednis oan it Steedlik Gymnasium yn Leiden. Fruin beklaaide as earste de learstoel Heitelânske Skiednis - dat betsjut Nederlânske skiednis - oan de Ryksuniversiteit Leien, fan 1860 oant 1894. Hy oanfurdige syn amt mei it útsprekken fan de rede De onpartijdigheid van den geschiedschrijver.

It wie Fruin syn stribjen om fan ferheljende skiednis nei mear analysearjende skiednis te kommen. Teffens hie er each foar it belang fan it detail yn it histoaryske barren. Fruin syn fyzje op de skiednis hat it stimpel fan it Thorbeckiaanske liberalisme. Dêrtroch krige er striderij mei de antirevolúsjonêr Groen van Prinsterer, dy't goekunde fan him wie. Syn beneikommen fan de 17e iuw wie lukwols nasjonalistysk. De Republyk wie in apart gefal yn de Europeeske skiednis. Syn ûnuansearre fyzje op Lieuwe van Aitzema hat jierrenlang beskiedend west.

Izaäk Hendrik Gosses wie Fruin syn learling yn it lêste jier foar syn emeritaat.

Fruin lit yn it boek Tien Jaren, dat er foar syn learlingen op it gymnasium skreau, sjen hoe't De Nederlânske Opstân him ûntjoech fan in hast helpleaze tastân ta in skraachwurk oerwinning yn 1588 oant benei wûn yn 1598. Dy ûntwikkeling is foar in part ta te skriuwen oan ynternasjonale faktoaren sa as de oarloch fannijs tusken Frankryk en Spanje, mar ek oan de politike betûftens fan in Johan van Oldenbarnevelt en de militêre bekwamens fan Maurits fan Nassau. Yn de meast kritike faze fan de Tachtichjierrige Oarloch hiene de opstannige goaen poerbêste oanfierders ta harren foldwaan dy't de oermastering fan Spanje tichterby brocht hawwe.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Het vaderlandse verleden : Robert Fruin en de Nederlandse geschiedenis / gearstald en ynlaat troch Herman Paul en Henk te Velde. - Amsterdam : Bakker, 2010. - 293 s. : yll., portr. ; 20 cm. Utj. mei by gelegenheid fan it lustrum fan de Universiteit Leien. - Mei literatueropjefte, reg. ISBN 978-90-351-3544-4