Jan Goedeljee

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Jan Goedeljee.

Jan Goedeljee (Leien, 24 augustus 1824 – dêre, 16 oktober 1905) makke as fotograaf yn Leien en omkriten in protte foto’s fan gebouwen, lânskippen, pommeranten en gewoane minsken. Syn soan Johannes Goedeljee (Leien, 30-8-1849 – 26-5-1921) wie ek fotograaf en teffens syn heite kompanjon. Tegearre runden se oan de ein fan de 19e iuw yn Leien de fotostudio Jan Goedeljee & Sn. of J. Goedeljee & Sn.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fotografy wie in stik praktysker wurden fan 1839 ôf, doe't Louis Daguerre in ûntwikkelingsproses betocht hie, wêrtroch't de beljochtingstiid folle koarter wêze koe. In bekende stêds- tiid- en fakgenoat fan Goedeljee wie Israël Kiek (1811 -1899).

Ynearsten wie Goedeljee krekt as syn heit boekbiner, mar yn 1865 liet er him ek fotograaf neame; yn 1881 wurdt “boekbiner” weilitten. Teffens wie er yn dy snuorje in skoft begraffenisûndernimmer. Yn 1866 publisearret er it boek Photographische Gezichten in ‘s Rijks Akademietuin te Leiden, mei tolve foto's. Goedeljee makke ek portretten fan heechleararen, fan prins Alexander en fan partikulieren. Hy neamde him yn doe Hoffotograaf. Yn 1879 giet Goedeljee by syn soan yn; se rjochtsje it bedriuw “J. Goedeljee en Zn” op. Yn 1884 jout de firma Goedeljee in Catalogus van Land-, stad- en zeegezichten út, mei 550 nûmers en titels fan foto’s, dy't sadwaande kocht wurde koene.

Yn 1905 komt Jan Goedeljee te ferstjerren. Mei troch der yn Leien in protte fotostudio’s bykaam wiene, (yn 1910 binne der tolve), giet it bedriuw oer de kop.
Yn 1915 wurdt fernijd dat Johannes Goedeljee as fotograaf oan de Universiteitsbibleteek ferbûn is.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: