Nearo Klaudius Drusus
Drusus folút Nearo Klaudius Drusus (14 jannewaris 38 f.Kr. – simmer 9 f.Kr.), wie in Romeinsk generaal ûnder keizer Augustus dy't him as syn bêste befelhawwer beskôge. Hy hat de earste Romeinske dux west dy't de noardlike oseaan befarde en ûnder him waard it noarden fan Nederlân troch de Romeinen beset.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nearo Klaudius Drusus wie de jongste soan fan Livia en Tibearius Klaudius Nearo, man fan Antonia; heit fan Klaudius (de takomstige keizer), Germanikus en Livilla. Hy wie de broer fan de lettere keizer Tiberius en de takomstige keizers Kaligula en Nearo wienen neisieten fan him.
Troch keizer Augustus dy't mei syn mem troude neidat er earst syn heit twongen hie om fan har te skieden, waard er grutbrocht as wied er syn eigen soan.
Om 18 f.Kr. troude Drusus mei Antonia, in nicht fan de keizer. Yn de koarte tiid dat sy tegearre wienen, krigen sy trije bern, nammentlik Germanikus, berne om-ende-by 15 f.Kr., Livilla yn 13 f.Kr., en de gammelige Tibearius yn 10 f.Kr., dy't letter keizer wurde soe.
Hy wie in súksesfol Romeinsk militêr dy't in protte gearwurke mei syn broer Tibearius. Hy stoar op 29-jierrige leeftyd yn 9 f.Kr. nei in ûngelokkige fal fan syn hynder.
Drusus yn Fryslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Fryslân is Drusus fral bekend wurden troch syn oerweldiging fan Germaanje yn 12 f.Kr. Troch him waarden de Friezen skatplichtich makke oan it Romeinske ryk en levere sy helptroepen oan it ynvaazjeleger fan de Romeinen. Fryske seelju hawwe de Romeinske float oer de waadsee loadse en yn it gebiet fan de Sjauken ticht by de kust yn it noarden wie de Fryske stipe ûnmisber.
Omdat er it nij oermastere gebiet goed yn de knipe hâlde woe, hat er in keatling fan wachtposten en legerplakken oanlizze litten. Lâns de Ryn hawwe dat mear as 50 west. Oaren hat er bouwen litten lâns de Iems, Weser en Elbe. Ek liet er de Drususgrêft oanlizze en om de tafier fan wetter goed regelje te kinnen, liet er by de splitsing fan de Ryn en de Waal de Drususdaam bouwe. [1] De Germanen hawwe dy daam letter ferwoaste.
Yn 9 f.Kr. marsjearre Drusus foar de fjirde kear de Ryn oer Germaanje yn. Hy luts troch it gebiet fan de Sjatten en Sueben nei dat fan de Sjerusken, yn it streamgebiet fan de Midden-Weser. Neidat er dy rivier oerstutsen hie, berikte hy de ouwer fan de Elbe en makke him ree foar de weromreis. Noch djip yn it Germaanske gebiet bruts er by in fal fan syn hynder e kûtbonke en rûn derby bloedfergiftiging. Neffens Suetonius beswykte hy 30 dagen letter oan de gefolgen dêrfan yn in tydlik simmerkamp.
Nei syn dea yn Mainz waard Drusus op talrike plakken troch de Romeinske legioenen yn Boppe-Germaanje en Neder-Germaanje fereare. De „Drususstien“ yn Mainz (doe noch: Mogontiacum) is nei alle gedachten in oerbliuwsel fan in tige grut monumint dat oprjochte waard foar Drusus.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Primêre boarne:
Literatuer:
Fuotnoaten:
|