Springe nei ynhâld

Nasjonaal Monumint Pompeys Pillar

Ut Wikipedy
Pompeys Pillar
  berch
Pompeys Pillar, sjoen út it easten wei.
Pompeys Pillar, sjoen út it easten wei.
Nasjonaal Monumint Pompeys Pillar (Montana)
Nasjonaal Monumint Pompeys Pillar
Lokaasje fan Pompeys Pillar yn Montana
geografy
lân Feriene Steaten
steat Montana
county Yellowstone County
koördinaten 45°59′43″ N 108°0′21″ E
sifers
relative hichte 45 m (yn ferh. ta omlizzend lân)
oerflak   0,4 ha (rots)
21 ha (nasjonaal monumint)
oar
soarte berch rotsformaasje
âldens 75–66 miljoen jr
stiensoarte sânstien

It Nasjonaal Monumint Pompeys Pillar (Ingelsk: Pompeys Pillar National Monument) is in opmerklike rotsformaasje oan 'e igge fan 'e rivier de Yellowstone, op likernôch 40 km noardeastlik fan 'e stêd Billings, yn it sintraal súdlike diel fan 'e Amerikaanske steat Montana. De eksakte koördinaten binne: 45°59′43″ noarderbreedte by 108°00′21″ westerlingte. De rotsformaasje is 45 m heech, beslacht yn oerflak 0,4 ha en bestiet út sânstien. Hy is foarme oan 'e ein fan it Kryt, sa'n 75 oant 66 miljoen jier lyn. It deunby leine plak Pompey's Pillar (Montana) is nei de rotsformaasje ferneamd.

Op Pompeys Pillar binne Yndiaanske petroglifen by 't folop weromfûn, en argeologyske fynsten deunby de rotsformaasje wize derop dat it gebiet yn elts gefal al 11.000 jier troch de minske bewenne wurdt. Teffens draacht Pompeys Pillar in ynskripsje dy't makke is troch de Amerikaanske ûntdekkingsreizger William Clark, ien fan 'e lieders fan 'e ferneamde Ekspedysje fan Lewis en Clark, dy't tusken 1804 en 1806 de earste dokumintearre oerlânske reis nei de westkust fan 'e Feriene Steaten makke. De ynskripsje bestiet út 'e namme "W. Clark" en de datum "July 25, 1806". Dit is it iennichste duorjende bewiis fan it foarbykommen fan 'e ekspedysje dat by de hiele rûte lâns fan en nei de westkust fûn is.

Yn syn deiboek skreau Clark dat hy de rotsformaasje beklom en fan 'e platte top ôf in fier útsjoch hie nei alle rjochtings. Hy neamde de rotspylder 'Pompys Tower' ("Toer fan Pompy'), nei Jean-Baptiste, byneamd 'Pompy', it ienjierrich jonkje fan Sacajawea, de froulike Yndiaanske gids fan 'e ekspedysje. Yn 1814 krige de rotsformaasje syn hjoeddeiske namme. Geandewei de njoggentjinde iuw folgen withoefolle blanke kolonisten yn sintraal súdlik Montana it foarbyld fan Clark troch ek harren inisjalen yn 'e rots yn te kervjen.

Op 25 july 1965 waard Pompeys Pillar in nasjonaal histoarysk plak, en op 17 jannewaris 2001 krige it de status fan in nasjonaal monumint taparte. Behalven de rotsformaasje sels heart ek 20½ ha lân deromhinne ta it monumint, mar mei in totaal oerflak fan 21 ha is it noch altyd ien fan 'e lytste nasjonale monuminten yn 'e hiele Feriene Steaten. Pompeys Pillar is op 'e noed fan it Amerikaansk Buro fan Lânbehear (BLM).

Yn 2006 waard by it monumint in besikerssintrum iepene, it Pompeys Pillar Interpretive Center. Dat leit him benammen ta op 'e oerdracht fan ynformaasje (û.m. troch in tentoanstelling) oangeande de reis fan 'e Ekspedysje fan Lewis en Clark yn it algemien en harren passaazje troch de delling fan 'e Yellowstone yn it bysûnder. Pompeys Pillar is siteweare oan 'e autodyk Interstate 94, en sadwaande maklik berikber. Jiers komme der 50.000 besikers op ôf.

De ynskripsje op Pompeys Pillar makke troch William Clark.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.