Springe nei ynhâld

NCRV

Ut Wikipedy
It logo fan de NCRV yn 2012
A.B. Roosjen, foarsitter fan de NCRV, sprekt by it 35-jierrich bestean. Utert, 16 novimber 1959

De NCRV (Nederlânske Kristlike Radio-Feriening; Nederlânsk: Nederlandse Christelijke Radio-Vereniging) wie in Nederlânske publike omropferiening. De protestantsk-kristlike NCRV, oprjochte yn 1924 en fan protestantsk-kristlike oertsjûging, wie de âldste omrop fan Nederlân. Yn 2014 fusearre de NCRV mei de KRO ta de KRO-NCRV.

De earste tsientallen jierren liet de omrop in ortodoks-protestantsk (grifformeard) lûd hearre. De measte oare publike omroppen kamen fuort út it maatskiplik middenfjild, as inisjatyf fan boargers. De radio wie foar de oprjochters fan de NCRV wichtich foar evangelisaasje op plakken dêr't men oars gjin tagong hie. It wie ek in middel om 'it kristlik folksdiel' te stypjen en te befêstigjen. De taak wie rommer as it útstjoeren fan tsjerketsjinsten, moarnswijïngen en soksoarte saken. Dochs wie it útstjoeren fan tsjerketsjinsten goed foar de ferhâlding mei de tsjerken, wat sines die ta de besteanssekerheid fan de NCRV. Fanwege de komst fan de EO yn 1967 koe de NCRV him fierder ûntjaan ta in iepener omrop, dy't minske- en mienskiprjochte is, fanút de protestantsk-kristlike ynspiraasje.

Hjoed-de-dei is de missy fan de omrop: "De NCRV is een maatschappelijk betrokken mediaorganisatie die zich laat inspireren door het protestants-christelijke gedachtegoed en zich inzet voor de kwaliteit van de samenleving" en makket er foar it grutste part programma’s foar radio, telefyzje en ynternet dy't net (allinnich) te meitsjen hawwe mei it kristlik leauwe. Fan augustus 2010 ôf waard der praat mei de IKON, KRO en RKK oer in mooglike fúzje ta in grutte konfesjonele omrop. De IKON heakke letter ôf en gie gearwurkjen mei de EO. Yn maaie 2011 waard buorkundich makke dat de KRO en NCRV mooglik fusearje soene en mei yngong fan 1 jannewaris 2014 waard dat in feit ûnder de namme KRO-NCRV. Op 1 jannewaris 22019 fusearren de Feriening NCRV mei de Feriening KRO ta de nije Feriening KRO-NCRV.

Sûnt de ynfiering fan it programmearmodel fan septimber 2006 wiene de measte programma’s fan de NCRV te finen op Nederlân 2. Bekende titels wiene Altijd Wat en Man bijt hond. Mar ek op it bredere, mear op ferdivedaasje rjochte Nederlân 1 wienne as NCRV-programma’s te sjen, lykas Praatjesmakers, De rijdende rechter , Babyboom en Eén tegen 100. Op Nederlân 3 joech de NCRV ek programma’s. Op Zapp waard de NCRV fertsjintwurdige mei programma's foar de jongerein as Willem Wever, De BZT-Show en SpangaS.

Bekende NCRV telefyzje-programma's út it ferline binne: Swiebertje (fan de jierren ’60 ôf) Stiefbeen & Zoon (’63), Farce Majeur (’66), De Glazen Stad (68), Bartje (’72), De Kleine Zielen (69), De kleine waarheid (70), Memorandum Van Een Dokter (63), Het meisje met de blauwe hoed (’73), De koperen tuin (’75), Sil de strandjutter (’76), Showroom (’77), De Zevensprong (’82) en De zomer van ’45 (’91), Holidayshow ('90), Pommetje horlepiep (76), Ted's familiespelshow ('89) Thomas & Senior (85)

Omroppers/omropsters

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

alfabetysk oardere

Telefyzjepresintatoaren & presintatrises

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]