Springe nei ynhâld

Eddy Becker

Ut Wikipedy
Eddy Becker yn 1983

Eddy Becker, berne as Eddy Beuker, (11 april 1947) is in Nederlânske diskjockey, radio- en telefyzjepresintator en sjonger.

Ynearsten woe Becker muzikant wurde. Nei syn middelbereskoaloplieding waard er sjonger en gitarist by de band The Explosions. In pear jier letter waard er as ynfaller bassist en sjonger by Willy & His Giants. Syn muzikale karriêre waard lykwols net wat er dêrfan ferwachte en dêrom besleat om diskjockey te wurden. Hy die ûnderfining op by VARA's Popshow en yn 1966 waard er de opfolger fan Veronica's nijslêzer Harmen Siezen.

Ynienen moast er, fanwegen it ûntbrekken fan in tape, live it moarnsprogramma Ook Goeiemorgen presintearje. Doe doopte Willem van Kooten him om ta Eddy Becker, omdat dat better rymde mei "de man mei de wekker". It brocht him in soad sukses en hy soe dit programma hast trije jier lang presintearje. Yn 1968 brocht er ek twa singles út: Felicidad, de roddel fan de stêd (ien fan de Nederlânske teksten op de muzyk fan de Spaansktalige hit La Felicidad fan Digno Garcia, dêr't it duo Johnny en Rijk harren karnavalshit Pa wil niet in bad makken), en M'n tante die weet van wanten. It earste helle it tredde plak yn de Veronica Top 40, de twadde flopte. Letter presintearre er, faak tegearre mei Rob Out, noch gâns programma's foar Radio Veronica.

Op 1 maaie 1969 makke er de oerstap nei de publike omrop, earst earst wer by de VARA, mar in jier letter stapte er oer nei de NCRV. Fan 1970 oant 1988 makke er ferskate muzikale telefyzjeshows as Kwistig met muziek, Eddy, Ready, Go! en de Eddy GoRound Show. Yn dy telefyzjeshows ûntfong er ynternasjonale stjerren lykas Cliff Richard en ABBA. By de NOS-radio wurke er yn 1970 en 1972 mei oan de earste edysjes fan Radio Tour de France en wie er yn 1971 ien fan de presintatoaren fan de jierlist fan de Daverende Dertig. Fia Radio Gooiland en Holland FM kaam er yn 2001 werom nei it oldies-stasjon Radio 192.

Nei it mislearre besykjen om in nostalgysk tydskrift (Flashback) op te setten, wat him binnen twa jier finansjeel oan de râne fan de ôfgrûn brocht, hâldt er him tsjintwurdich wer allinnich dwaande mei presintearjen. Hy is geregeld gastpresintator by regionale omroppen as bygelyks Radio Gelderlân en NPO Radio 5, en wurket freelance by it ANP.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: