Fred Benavente
Fred Benavente | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Alfred Benavente | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 24 novimber 1926 | |
berteplak | Haarlim | |
stoarn | 2 desimber 2005 | |
stjerplak | La Caylar | |
wurkpaad | ||
berop/amt | Akteur, sjonger, tekstskriuwer | |
aktyf as | Programmamakker | |
bekendste wurk(en) |
Farce Majeure |
Alfred (Fred) Benavente (Haarlim, 24 novimber 1926 - Le Caylar (Frankryk)), 2 desimber 2005) wie in Nederlânsk programmamakker, akteur, sjonger en tekstskriuwer.
Benavente waard foaral bekend as lid en regisseur fan it team fan it satiryske telefyzjeprogramma Farce Majeure, dêr't er yn spile mei Alexander Pola, Jan Fillekers, Ted de Braak en Henk van der Horst.
Hy wie lykwols ek de betinker fan populêre programma's lykas Zeskamp en Spel zonder grenzen; hy regissearre de Ted Show (mei Ted de Braak) en Speel ’s met lichte Muziek, en hy betocht en regissearre in rige programma’s mei Bueno de Mesquita en Rita Corita.
Mei syn karakteristike stim spriek er commercials en tekenfilms yn; bygelyks joech er syn stim oan Olivier B. Bommel yn de film Als je begrijpt wat ik bedoel.
Benavente waard yn 2004 beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau út reden fan syn fertsjinsten foar de Nederlânske telefyzje.
Benavente waard op 9 desimber 2005 kremearre yn Bilthoven.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Fred Benavente fan Wikimedia Commons. |