Springe nei ynhâld

Mûsgoffers

Ut Wikipedy
Mûsgoffers
In Fresnokangaroerôt (Dipodomys nitratoides).
In Fresnokangaroerôt (Dipodomys nitratoides).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift: bevers en goffers
   (Castorimorpha)
tuskenskift: goffereftigen (Geomorpha)
boppefamylje: goffers en mûsgoffers
   (Geomyoidea)
famylje: mûsgoffers (Heteromyidae)
Gray, 1868

De mûsgoffers (wittenskiplike namme: Heteromyidae), ek wol wangpûdmûzen of wangsekmûzen neamd, foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e bevers en goffers (Castorimorpha), it tuskenskift fan 'e goffereftigen (Geomorpha) en de boppefamylje fan 'e goffers en mûsgoffers (Geomyoidea).

Ta dizze famylje hearre de skeintoskmûsgoffers, stikelmûsgoffers, kangoeroemûzen en kangoeroerotten. Yn totaal giet it dêrby om likernôch 65 libbene soarten. Dy komme benammen foar yn Noard-Amearika, hoewol't guon harren fersprieding troch de Grutte Amerikaanske Utwikseling fia de lânbrêge fan Midden-Amearika útwreide hawwe nei it noardlike diel fan Súd-Amearika.

De mûsgoffers binne lytseftige herbivoaren, dy't komplekse ûndergrûnske hoalestelsels oanlizze yn 'e prêrjes en woastinen fan 'e westlike helte fan Noard-Amearika. Guon soarten komme lykwols foar yn it tropysk reinwâld, dêr't se in selde soarte hâlden en dragen fertoane. Mûsgoffers hawwe wangpûden dy't net yn 'e mûle sitte, mar oan 'e bûtenkant oer de wangen hinne en nei efteren rinne oant oer de sydkant fan 'e hals. De wangpûden binne fan binnen mei hier begroeid en hawwe iepenings oan 'e foarkant, deunby de mûle. Mûsgoffers libje foar it meastepart fan sied en oare dielen fan planten, dy't se yn mânske hoemannichten garje yn harren wangpûden en sa mei weromnimme nei harren hoalen. By kâld of reinich waar bliuwe de mûsgoffers binnen en tarre se op 'e foarrieden fretten dy't se oanlein hawwe.

*) ynkl. it eardere skaai Liomys, dat parafyletysk bliek te wêzen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.