Springe nei ynhâld

Echte mûzen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Mûs)
Echte mûzen
In hûsmûs.
In hûsmûs.
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift: mûzen en jerboä's (Myomorpha)
boppefamylje: mûzen en rotten (Muroidea)
famylje: mûseftigen (Muridae)
ûnderfamylje: mûzen en rotten fan de Alde Wrâld (Murinae)
skaai: echte mûzen (Mus)
Linnaeus, 1758
mûs wiist troch nei dizze side. Foar oare betsjuttings fan dat begryp, sjoch: mûs (betsjuttingsside).

De echte mûzen (wittenskiplike namme: Mus) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en de ûnderfamylje fan de mûzen en rotten fan de Alde Wrâld (Murinae). Ta dit skaai hearre 41 soarten mûzen, wêrfan't de bekendste en meast fersprate sûnder mis de hûsmûs (Mus musculus) is. In protte soarten kjifdieren dêr't men by it hearren fan it wurd "mûs" ek faak oan tinkt, lykas de fjildmûs, de boskmûs en de dwerchmûs, hearre lykwols net ta dit skaai.

Mûzen binne yn 'e regel lytse bistkes mei in lange keale of hast keale sturt, lytse rûne earen en in spjochtich snútsje. Se wurde faak beskôge as skealik ûngedierte, mei't se lânbougewaaksen en rispingen oanfrette kinne en troch harren parasiten en kjitte sykten ferspriede kinne. Oan de oare kant wurde mûzen ek holden as hûsdieren en as proefdieren yn laboratoaria. Behalven troch de hûskat, dêr't se in sprekwurdlik minne relaasje mei hawwe, wurdt der ek in soad op harren jage troch oare kateftigen, party hûneftigen en fierders troch foksen, rôffûgels, slangen en sels guon lidpoatigen. Fanwegen harren opmerklike fermogen ta oanpassing oan hast elts soarte fan biotoop en klimaat, binne mûzen guon fan 'e súksesfolste sûchdieren dy't ea bestien hawwe.

Domestisearre mûzen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.