Murk Boerstra
Murk Boerstra (Snits, 29 novimber 1883 - De Haach, 9 maaie 1953) wie in Nederlânsk luitenant-generaal, kommandant fan it Nederlânsk-Yndysk Leger.
Wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boerstra waard 22 july 1904 beneamd ta twadde luitenant fan de artillery fan it leger yn East-Ynje, dêr't er oan ferskate kriichshannelingen meidie. Yn 1906 waard er befoardere ta earste luitenant en yn 1910 gie er werom nei Nederlân. Hy waard learaar oan de Keninklike Militêre Akademy yn Breda. In stikmannich jierren letter waard er talitten oan de hegere kriichsskoalle yn De Haach dêr't er syn stúdzjes fuortsette. Werom yn Nederlânsk-Ynje klom er op ta (kaptein yn 1918, majoar yn 1926, luitenant-kolonel yn 1928 en kolonel yn 1931) de rang fan generaal-majoar (1932), sjef fan de generale stêf fan it KNYL.
Boerstra wie ûnder mear as militêr attasjee ferbûn oan de gesantskippen yn Tokio en yn Peking, dat hy kaam in soad te witten oer de ferhâldings yn it Fiere Easten. At Boerstra mei ferlof yn Nederlân wie, siet er yn ferskillende kommissys wat de ferdigening fan Nederlânsk-Ynje oangie. Hy wie doe ek ynspekteur fan de Militêre Loftfeart fan it Keninklik Nederlânsk-Yndysk Leger. Op 30 july 1935 waard er beneamd ta luitenant-generaal en kommandant fan it Nederlânsk-Ynjysk leger en kaam yn Ynje oan mei de Sibajak.
Yn de tiid dat er kommandant wie siet er yn de kommissy Sintraal Komitee yn Nederlânsk-Ynje. Yn de Folksried pleite er foar fersterking fan it leger en foar in mear mobile macht mei it each op de ynternasjonale tastân. It wie neffens him net goed om jin oan in beskaat gebiet te ferbinen en hy kundige oan dat der rillegau frijwilligerskorpsen oprjochte wurde soenen.[1] Yn in ynterview [2] joech Boerstra útlis fan syn belied. Hy wie fan betinken dat de bewapening fan Java mei 20.000 man beropstroepen en mei yn de bûtengoaen nochris 12.000 man moai genôch wie foar de ferdigening (syn wurden: wat door bezuinigingen enerzijds kleiner werd, werd anderzijds beter, doordat men naar middelen zocht om de effectieve kracht van het leger te behouden, ondanks de bezuiniging. En oer de grutte fan it leger yn Ynje fergelike mei dat fan Nederlân (efter elkoar 40.000 man en 400.000 man) sei er dat Indië geen landsgrenzen had en dat een uitstekend georganiseerd, goed aangevoerd, zij het niet groot beroepsleger wel degelijk een factor van grote betekenis was. Neffens Boerstra soe de fijân it ek net maklik krije yn de bûtengoaen en de oaljehavens op Borneo. Hy trede 26 july 1939 ôf as kommandant fan it Nederlânsk-Ynjysk leger en waard opfolge troche generaal-majoar Berenschot. Hy sei yn syn eintaspraak: Gij kunt er staat op maken dat het leger, naar organisatie en bewapening, zich zal kunnen meten met elke tegenstander, die het tegenover zich mocht vinden.[3]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|