Munstertsjerke (Roermond)
Us-Leaffrouwe Munstertsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Limburch | |
plak | Roermond | |
adres | Munsterplein 1 | |
koördinaten | 51° 11' N 5° 59' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Roermond | |
patroanhillige | Marije | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Pierre Cuypers (restauraasje) | |
boujier | 15e en 16e iuw | |
boustyl | romanogotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 32522 | |
Webside | ||
Side parochy Roermond | ||
Kaart | ||
De Us-Leaffrouwe Munstertsjerke oan it Munsterplein yn Roermond is tegearre mei de Sint-Janstsjerke yn Nieuwstadt it iennige foarbyld yn Nederlân fan in tsjerke yn in rekonstruearre letromaanske styl. De munstertsjerke heart ta de Rynlânske romaanske styl. De namme munster komt fan it Latynske monasterium, dat kleaster betsjut en dat dus sizze wol dat de tsjerke oarspronklik in abdijtsjerke west hat.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke waard om 1218 hinne as kleastertsjerke fan in sistersjinzerske frouljusabdij stifte troch greve Gerard III fan Gelre. Mei de bou moat lykwols al earder útein set wêze. Om't de tsjerke ek ornearre wie as grêftsjerke foar de greve en syn skaai moast it gebou mear oansjen krije as dat wenst wie foar in sistersjinzerske tsjerke. Lang om let waarden allinne Gerard III sels en syn frou Margarete fan Brabân yn 'e tsjerke begroeven. Harren grêfmonumint stiet ûnder de koepel. Otto II folge syn heit fan 1220 oant syn dea yn 1271 op as greve fan Gelre en Sutfen en hy stifte û.o. it kleaster Graefenthal tusken Kessel en Asperden yn 'e Dútske gemeente Goch, wêr syn tombe noch jimmeroan te sjen is.
It âldste diel fan 'e tsjerke is it klaverblêdfoarmige koer, dat besibbe is oan dy fan 'e romaanske basiliken yn Keulen, Neuss en Spiers. De healrûne haadapsis hat ek trije healrûne, oan inoar grinzgjende strielkapellen. De twa dwersearms fan it dwersskip binne dêrfoaroer mearsidich sletten. Tusken de apsis en it dwersskip binne twa koertuorren, in typysk Rynlânsk skaaimerk, lykas ek de dwerchgalerijen yn 'e koerapsis en de dwersskippen. Ek de achtsidige krusingstoer is in Rynlânsk stylelemint.
It tusken 1220 en 1244 boude skip is oan 'e bûtenkant it meast ienfâldich útfierde diel fan 'e tsjerke. De binnenkant niget neffens de letromaanske eigenskip ta mear fertikalilteit. Boppe de rigen pylders en bôgen tusken it skip en de sydskippen is in dwerchgalerij en dêrboppe de ljochtbeuk. It skip en de sydskippen hawwe in krúsribferwulft.
Omdat de tsjerke al de belangrykste boueigenskippen fan de iere gotyk hat wurdt de tsjerke dêrom ek wol ta de romanogotyk rekkene.
It westlike diel ûntstie tusken 1244 en 1260. Tocht wurdt dat dit diel fan 'e tsjerke yn ferbân mei de minne boaiem net foltôge waard. Yn 'e 18e iuw waard dêr in fjouwerkante klokketoer yn 'e barokke styl boud.
Restauraasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ien fan 'e earste opdrachten fan 'e arsjitekt Pierre Cuypers wie de restauraasje fan it koer fan 'e Munstertsjerke yn 1850. Dy opdracht fierde er tegearre mei syn broer Henri út, dy't lykas harren heit tsjerkeskilder wie. Folle yngrevener wie de restauraasje dy't fan 1863 oant 1890 duorre. De plannen dy't Cuypers mei de tsjerke hie joegen strideraasjes. De twa achtsidige koertuorren waarden ferfongen troch fjouwerkante, de barokke klokketoer waard ôfbrutsen en op it west fan de tsjerke waarden twa tuorren boud mei achtkante spitsen tusken fjouwer topgevels. De Frânske arsjitekt Viollet-le-Duc stie efter Cuypers syn wurk en dat wie immen mei ynternasjonaal oansjen. Mar net allinne syn rivaal Carl Weber fersette him tsjin de plannen fan Cuypers, ek syn eardere rjochterhân F.F. van Schoubrouck krige er tsjin him. Alhoewol't de plannen fan Cuyper hast sûnder feroarings útfierd waarden, joech de striid sa'n soad argewaasje, dat it de oanlieding waard om yn 1865 Roermond foar Amsterdam yn te ruiljen.
Fan 1959 oant 1964 waard de tsjerke nochris restaurearre. Dêrby waard Cuypers' neogoatyske ynterieur wer ferwidere. Alle feroarings bûten bleaune lykwols sa't se wiene.
Yn 1992 skansearre in ierdskodding de twa koertuorren fan 'e tsjerke, mar se waarden alletwa neffens de plannen fan Cuypers op 'e nij boud. Njonken de Munstertsjerke is oan 'e súdlike kant in monumint foar de arasjitekt oprjochte. It monumint waard yn 1930 makke troch August Falise.
De tsjerke krige yn 2003 in erfenis fan € 850.000. De parochiaan hie yn it testamint it betingst steld dat it jild foar de restauraasje ornearre wie en dat de koepel dan blau farve wurde moast mei gouden stjerren. It wurk waard neffens opdracht útfierd en nei de restauraasje fan it ynterieur koe de tsjerke yn 2005 wer yn gebrûk nommen wurde.
De Munstertsjerke fierde yn 2020 it 800-jierrich jubileum.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De bruorren Franssen bouden foar de Munstertsjerke yn 1891 in nij twamanualich oargel. It stie doe sydlings opsteld oan 'e westkant yn it noardlike sydskip mei de pipen nei it middenskip. By in fergrutting fan it ynstrumint yn 1947 troch de firma Heythuysen ferskode it ynstrumint nei it westlike oksaal. Dêrby waard de neogoatyske oargelkas ferwidere en yn de nije opset wiene allinne de sinken pipen te sjen.
Yn 2009 waard mei de demontaazje fan it oargel in begjin makke om it Franssen-oargel te rekonstruearjen. De neogoatyske oargelkas fan Pierre Cuypers wie yn 1947 opslein en bewarre bleaun. Heythuysen restaurearre en rekonstruearre mei help fan ûnderdielen fan in oar oargel it Franssen-oargel yn syn histoaryske oargelkas. Dêrby waard de oarspronklike disposysje mei ien register (Mixtuur 3-4 sterk) útwreide, dat al gau nei de oplevering fan it oargel yn 1891 mist waard. Op 21 oktober 2011 waard it rekonstruearre oargel wer op it oarspronklike plak yn gebrûk nommen.[1]
Relykskat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2013 waard bekend makke dat ûndersikers yn 'e Munstertsjerke yn 2010 yn in nis in ynmistele relykskat ûntdutsen hiene. It gie om goed 50 rûne en ovale pakketsjes en trije poppen. De mei goudtriid en parels ynnaaide bonken en skedels binne reliken fan de 11.000 jongfammen fan 'e hillige Ursula. Mooglik binne de reliken yn 'e Frânske tiid ferstoppe om te foarren te kommen dat se ferneatige waarden.[2][3]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Munsterkerk
|