Springe nei ynhâld

Molokaï

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Molokai)
Molokaï
De rotsige westkust fan Molokaï.
De rotsige westkust fan Molokaï.
polityk
soarte gebiet eilân
lân Feriene Steaten
steat Hawaï
haadplak Kaunakakai
grutste plak Kaunakakai
sifers
ynwennertal 7.300 (2010)
oerflak 673,4 km²
befolkingstichtens 10,9 / km²
oar
tiidsône UTC –10
simmertiid gjin simmertiid
offisjele webside
www.gohawaii.com

Molokaï (Ingelsk: Molokai, útspr.: ['mɔlə'kai], likernôch: "mòllekai"; Hawaïaansk: Moloka‘i, útspr.: ['molokɐʔi], likernôch "mol-lok-kuh-y") is in eilân yn 'e Hawaï-arsjipel, in eilannegroep yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan. It is ien fan 'e acht haadeilannen fan 'e arsjipel en leit tusken de beide bekende fakânsjebestimmings Oähû (mei Honolulu) en Maui yn. It grutste plak op it eilân is Kaunakakai. De bynamme fan Molokaï is the Friendly Isle ("it Freonlike Eilân"). Yn it ferline stie Molokaï bekend as leprakoloanje, dêr't ûnder mear de Flaamske preester Damiaan de Veuster jierrenlang arbeide.

Molokaï hat in oerflak fan 673,4 km², wêrmei't it it op fjouwer nei grutste eilân yn 'e Hawaï-arsjipel is. De foarm fan it eilân is rûchwei rjochthoekich, en it mjit 61 km fan east nei west en 16 km fan noard nei súd. Yn it súdeasten wurdt Molokaï fan it buoreilân Maui skaat troch Pailolo-kanaal, en yn it suden leit it lytsere eilân Lanaï oare kant it Kalohi-kanaal. Yn it noardwesten skiedt it 40 km brede Kaiwi-kanaal Molokaï fan it eilân Oähû, dat it bestjoerssintrum fan 'e Amerikaanske steat Hawaï is. Op Molokaï kin men nachts de ljochten fan Honolulu, op Oähû, gewaarwurde, wylst Lanaï en Maui gewoan fan 'e súdkust ôf te sjen binne.

De lizzing fan Molokaï yn 'e Hawaï-eilannen.

Molokaï hat him ûntjûn út twa fukanen, dy't bekendsteane as de Eastlike Molokaï-fulkaan en de folle lytsere Mauna Loa, dy't om betizing foar te kommen mei de grutte fulkaan mei deselde namme op it eilân Hawaï, faak de Westlike Molokaï-fulkaan neamd wurdt. It heechste punt op it eilân is Kamakou, op 1.510 m boppe seenivo, dat diel útmakket fan 'e Eastlike Molokaï-fulkaan. Wat der tsjintwurdich oer is fan 'e Eastlike Molokaï-fulkaan is de súdlike helte fan 'e oarspronklike berch; de noardlike helte stoarte likernôch 1,5 miljoen jier lyn folslein yn, en leit no yn 'e foarm fan in púnfjild ferspraat oer de boaiem fan 'e Stille Oseaan foar de noardkust fan Molokaï. De noch steande súdlike helte fan 'e fulkaan omfiemet sadwaande guon fan de heechste seekliffen fan 'e wrâld. Foar de súdkust fan it eilân leit it langste kustrif fan de Feriene Steaten, dat hast 40 km lang is.

Molokaï waard om 650 (n.Kr.) foar it earst kolonisearre troch Polyneziërs dy't nei alle gedachten oarspronklik fan 'e Markwesaseilannen kamen, yn it hjoeddeistige Frânsk-Polyneezje. Tradisjoneel wurdt oannommen dat op Molokaï de ferneamde Hawaïaanske hûla-dûns ûntstien is. Dat wurdt elts jier noch fierd by it Moloka‘i Ka Hula Piko-festival. Foar it meastepart fan syn skiednis stie Molokaï ûnder hearskippij fan eigen ali‘i (haadlju), wêrûnder de achttjinde-iuwske hege haadfrou en keninginne Kanealai. Dêroan kaam yn 1795 in ein, doe't de Hawaï-eilannen ûnder it bewâld fan kening Kamehameha de Grutte ta ien keninkryk feriene waarden.

De kliffen fan Molokaï.

Hoewol't de Britske ûntdekkingsreizger James Cook, dy't de Hawaï-eilannen yn 1778 ûntdiek, in waarnimming fan Molokaï notearre, wie syn lânsman George Dixon yn 1786 de earste westerling dy't op it eilân foet oan lân sette. De earste blanken dy't har op Molokaï nei wenjen setten wiene protestantske sindelingen, dy't yn 1832 in missypost opsetten ta Kalua‘aha, oan 'e eastkust fan it eilân. Yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw liet kening Kamehameha V te Kaunakakai in bûtenpleats sette, dêr't er tûzen kokospalmen om hinne plantsje liet, dy't tsjintwurdich de Kokospalmbosk fan Kapuaiwa foarmje.

Fanwegen in brekme oan ymmuniteit foar Westerske sykten hie de lânseigen befolking fan 'e Hawaï-eilannen slim te lijen fan krupsjes dy't op 'e arsjipel yntrodusearre waarden troch blanke keaplju, seelju en oaren. Fral de pokken, goalera en kinkhoast easken in protte slachtoffers. Minder faak foarkommend, mar like yngripend wie lepra, dat boppedat ek noch tige besmetlik is. Under druk fan blanke eigners fan sûkerreidplantaazjes, dy't yn noed sieten oer de sûnens fan harren fjildarbeiders (en dêrmei de feilichstelling fan har eigen ynkomsten), besleat it Hawaïaanske regear de fersprieding fan lepra foar te kommen troch alle lju dy't deroan litten op ien plak yn karantêne te hâlden. Dêrta waard yn 1866 op it isolearre noardlike Kalaupapa-skiereilân, oan 'e noardkust fan Molokaï, in leproazekoloanje stifte.

De Halawa-baai, oan 'e eastkust fan Molokaï.

De leprakoloanje fan Kalaupapa bestie oant 1969. Yn 't earstoan wie de sitewaasje der primityf, mar geandewei waarden troch ynset fan benammen sindelingen de omstannichheden ferbettere. Sa waard der te Kalawao in ûndersykshospitaal oprjochte. Koart nei 1900 berikte de koloanje in hichtepunt fan 1.100 bewenners. Yn totaal libben der yn 'e 103 jier fan it bestean fan 'e koloanje mear as 8.500 manlju, froulju en bern. Eltsenien by wa't op 'e Hawaï-eilannen lepra fêststeld waard, waard derhinne stjoerd, en tagelyk foar de wet dea ferklearre. De bewenners fan 'e koloanje mochten der net wer wei, en it wie ek net tastien om harren te besykjen. Hoewol't guon pasjinten der nei de sluting fan 'e koloanje foar keazen op yn Kalaupapa te bliuwen, is lepra anno 2016 op Molokaï folslein útrûge.

Ien fan 'e sindelingen dy't te Kalaupapa wurke, wie de Flaamske roomske preester Damiaan de Veuster (1840-1889), dy't sechstjin jier lang yn 'e koloanje aktyf wie en op in stuit sels ek oanhelle rekke mei lepra. Hy waard neitiid hillich ferklearre. Oer him waarden ferskate films makke, wêrûnder de tillefyzjefilm Father Damien: The Leper Priest, út 1980, en de spylfilm Molokai: The Story of Father Damien, út 1999. Ek de Dútsk-Amerikaanske non Marianne Cope (1838-1918), dy't mei seis oare fransiskaanske susters oerkaam nei Kalaupapa, waard neitiid hillich ferklearre.

De Flaamske pater Damiaan de Veuster (1840-1889), koart foar syn dea.

Fan 1897 ôf waard de westerein fan Molokaï brûkt as in grutte feepleats, de Molokai Ranch. Dy't ferpachte fan 1923 oant 1985 in grut part fan 'e grûn oan ananaskwekers, en in oansjenlik diel fan 'e tweintichste iuw wie it ferbouwen fan ananas ien fan 'e wichtichste ekonomyske sektors op it eilân. Om genôch fjildarbeiders te hawwen, waarden Japanske en Filipynske ymmigranten oanlutsen. Meitiid begûn de Molokai Ranch him ek ta te lizzen op it toerisme, dêr't it bedriuw ferskate hotels en restaurants, in bioskoop en in golfbaan foar oanlei. Doe't de eilânbefolking him yn 2007 massaal tsjin 'e plannen foar in nij en grutter resort fersette, besleat de Molokai Ranch alle toeristyske operaasjes te beëinigjen en ferlearen 120 minsken har baan.

De Molokai Ranch, dy't him no wer inkeld taleit op lânbou, is noch altyd de grutste wurkjouwer fan it eilân. It is no eigendom is fan it Singapoereeske ynvestearringsbedriuw GL Limited. Dat hat witte litten dat it gjin muoite hawwe sil om ôfstân fan 'e Ranch te dwaan as der in reedlik bod foar dien wurdt. Yn 2013 waard de Molokai Ranch op in wearde fan sa'n $200 miljoen skat. Hoewol't de lânbou noch altyd de wichtichste pylder fan 'e pleatslike ekonomy is, moat it toerisme beslist net fuortsifere wurde. De toeristyske foarsjennings binne op Molokaï lykwols beheind, en de eilânbefolking hâldt al jierrenlang de plannen fan private grûnûntwikkelders tsjin om 'e toeristyske yndustry op it eilân dramatysk te fergrutsjen. Yn 2014 wie der op Molokaï mar ien hotel; de measte toeristen útfanhûzje yn hierapparteminten of hierhuzen.

In satellytfoto fan Molokaï.

It meastepart fan Molokaï heart ta Maui County, yn 'e mande mei de buoreilannen Maui, Lanaï en Kahoölawe. Dat diel fan Molokaï wurdt bestjoerd fanút Wailuku, op Maui. It Kalaupapa-skiereilân, oan 'e noardkust fan Molokaï, dêr't foarhinne de leprakoloanje fêstige wie, is lykwols bûten Maui County bleaun, en foarmet op himsels Kalawao County. Dat is geografysk de lytste county fan 'e Feriene Steaten, dy't mar 31 km² beslacht. Kalawao County hat gjin offisjeel haadplak om't it bestjoerlik noch altyd ûnder it Departemint fan Folkssûnens fan 'e steat Hawaï ressortearret.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Molokaï doe in befolking fan 7.300 minsken, wat delkomt op in befolkingstichtens fan 10,9 minsken de km². It grutste plak op it eilân is Kaunakakai, mei 3.400 ynwenners. Kalaupapa is mei 120 ynwenners it grutste plak fan it lytse Kalawao County. Om't de lânbou op Molokaï noch altyd ien fan 'e wichtichste pylders fan 'e ekonomy is, hat it eilân it heechste wurkleasheidssifer fan Hawaï. In trêde fan 'e befolking hâldt himsels itende troch it gebrûk fan troch de oerheid útfurdige itensbonnen.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.