Mishkeegogamang Odjibwe Naasje
Mishkeegogamang Odjibwe Naasje | ||
Ingelsk | Mishkeegogamang Ojibway Nation | |
flagge | ||
algemiene ynformaasje | ||
lân | Kanada | |
provinsje | Ontario | |
haadkertier | Mishkeegogamang (Ontario) | |
etnisiteit | Odjibwe | |
ledetal | 1.400 (2011) | |
oprjochting | 1905 | |
status | erkend | |
erkenning | Kanada | |
reservaat | ||
reservaat | Osnaburgh Reservaat 63A Osnaburgh Reservaat 63B | |
lokaasje | westlik Ontario | |
oerflak | 162,8 km² | |
ynwennertal | 580 (2011) | |
offisjele webside | ||
www.miskeegogamang.ca | ||
kaart | ||
Lokaasje yn Ontario.
|
De Mishkeegogamang Odjibwe Naasje (Ingelsk: Mishkeegogamang Ojibway Nation) is in Yndiaanske stamme-organisaasje yn Kanada, mei eigen reservaten yn it westen fan 'e provinsje Ontario. Dizze stamme stiet ek wol bekend as de Mishkeegogamang Earste Naasje (Mishkeegogamang First Nation), mei't "earste naasje" in Kanadeeske oantsjutting foar in Yndianestam of -troep is. De Mishkeegogamang Odjibwe Naasje waard as offisjele stamme-organisaasje oprjochte yn 1905, en hie neffens gegegevens út 2011 doe 1.400 leden. It haadkertier is fêstige yn Mishkeegogamang, yn Ontario. Oant 1993 stie dizze stamme-organisaasje bekend as de Osnaburgh Earste Naasje (Osnaburgh First Nation) en noch earder as de Osnaburgh House Troep (Osnaburgh House Band).
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Mishkeegogamang Odjibwe Naasje is sitewearre yn it mânske Kenora Distrikt fan noardwestlik Ontario, mar besit ek lân yn it oangrinzgjende Thunder Bay Distrikt, dat mear nei it suden ta leit. De mienskip leit oan 'e autodyk Highway 599, likernôch 500 km noardwestlik fan 'e stêd Thunder Bay en sa'n 30 km besuden it plak Pickle Lake, oan 'e noardlike igge fan 'e St. Joseph-mar, dêr't de rivier de Albany dêr yn útmûnet.
Reservaten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It grûnbesit fan 'e Mishkeegogamang Odjibwe Naasje bestiet út twa ûnderskate reservaten: it lytsere Osnaburgh Reservaat 63A yn it Thunder Bay Distrikt, en it gruttere Osnaburgh Reservaat 63B yn it Kenora Distrikt. Mei-inoar beslane dy in oerflak fan 162,8 km². De doarpen Mishkeegogamang (foarhinne New Osnaburgh), Bottle Hill, Poplar Heights en Sandy Road lizzen yn 'e reservaten. It bestjoer fan 'e stamme hat syn sit yn Mishkeegogamang, mar iepenbiere gearkomsten wurde holden yn Ten Houses, dat 24 km besuden de reservaten leit.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De leden fan 'e Mishkeegogamang Odjibwe Naasje besteane út etnyske Odjibwe (Ojibwe of Ojibway) of Tsjippewa (Chippewa), in Algonkwynsktalich folk dat de talrykste Yndiaanske groep is yn 'e krite fan 'e Grutte Marren fan Kanada en de Feriene Steaten. De stamme hie yn 2011 sa'n 1.400 leden, wêrfan't 580 permanint yn 'e reservaten wennen. Likernôch twatrêde part fan 'e leden fan 'e Mishkeegogamang Odjibwe Naasje sprekt en ferstiet it Odjibwe, dat skreaun wurdt yn in eigen wurdliddeskrift (dat troch iere kristlike misjonarissen ûntwikkele is), mar tsjintwurdich teffens yn it Latynske alfabet.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Mishkeegogamang Odjibwe Naasje is ien fan 'e noardlikste Odjibwe-mienskippen. It tinken is dat hja oarspronklik út it gebiet fan 'e Grutte Marren komme, mar yn 'e iere koloniale perioade in stik nei it noarden ferfearn binne om bettere (lukrative) kontakten ûnderhâlde te kinnen mei de keaplju fan 'e Britske Hudsonbaaikompanjy. Dêrby soene de Kry, dy't earder oan 'e St. Joseph-mar taholden, ek fierder nei it noarden ta opskood wêze.
Yn 'e twadde helte fan 'e achttjinde iuw stifte de Hudsonbaaikompanjy oan 'e igge fan 'e St. Joseph-mar in hannelspost dy't Osnaburgh House kaam te hjitten. Dy hannelspost bestie sa'n twahûndert jier, en joech syn namme letter oan 'e Yndiaanske delsetting dy't dêr deunby ûntstie en sadwaande Osnaburgh neamd waard. Nei't de hannelspost yn 1963 syn funksje ferlear, rekke it gebou yn ferfal. Sûnt de 1980-er jierren is op dat plak (dat net op it reservaatlân fan 'e Mishkeegogamang Odjibwe Naasje leit) in fiskerskamp fêstige mei as namme de Old Post Lodge.
Yn 1905 waard it Ferdrach Nû. 9 sletten, ien fan 'e regionale, saneamde Nûmere Ferdraggen tusken de ûnderskate Yndiaanske folken en de Kanadeeske autoriteiten. It Ferdrach Nû. 9 besloech noardwestlik Ontario en ek de Odjibwe fan Osnaburgh sleaten har derby oan. Under de betingsten fan dy oerienkomst krigen hja har beide reservaten tawiisd en beholden se it folle gebrûksrjocht fan harren folle gruttere tradisjonele wengebiet, wat benammen fan belang wie oangeande jacht en fiskerij. Ek waard betongen dat de Odjibwe net needsaaklikerwiis ek beslist op harren reservaatlân hoegden te wenjen. As útfloeisel fan it Ferdrach Nû. 9 waard formeel de Mishkeegogamang Odjibwe Naasje (ûnder de namme Osnaburgh House Troep) oprjochte as moderne stamme-organisaasje, mei in keazen stammeried en mei Missabay as it earste keazen opperhaad.
Troch de oanlis fan 'e autodyk Highway 599, dy't yn 1954 ree kaam, waard de krite fan Osnaburgh ûntsletten. Dat brocht grutte sosjale feroarings foar de leden fan 'e stamme, mei't de wichtichste delsetting, it doarp Osnaburgh (yn it Osnaburgh Reservaat 63A), mar in pear kilometer fan 'e autodyk ôf lei en sadwaande allegeduerigen mei lju fan bûten te krijen hie. Dêrom waard fierder fan 'e wei ôf, yn it Osnaburgh Reservaat 63B, in nij doarp oanlein mei de namme New Osnaburgh, en fitere it stammeregear de minsken oan om dêrhinne te ferhúzjen. Op 15 novimber 1993 waard troch de Stammeried in resolúsje oannommen om 'e offisjele namme te feroarjen fan it Ingelske 'Osnaburgh', yn 'Mishkeegogamang', de Odjibwe-namme.
Bestjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Mishkeegogamang Odjibwe Naasje wurdt bestjoerd troch in keazen opperhaad en fiif keazen riedsleden. De iepenbiere gearkomsten fan 'e Stammeried wurde yn 'e regel holden yn it riedsgebou yn Ten Houses. Yn it ferline wie de Mishkeegogamang Odjibwe Naasje lid fan 'e Windigo Earste Naasjes Ried, in gearwurkingsferbân fan stammen út noardlik Ontario, mar it lidmaatskip dêrfan is opsein. Wol is men noch lid fan 'e lytsere Nishnawbe Aski Naasje; yn it ramt dêrfan wurdt de wetshanthavening yn it reservaatgebiet fan 'e Mishkeegogamang Odjibwe Naasje útoefene troch de Nishnawbe-Aski Plysjetsjinst.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |