Springe nei ynhâld

Osnaburgh Reservaat 63A

Ut Wikipedy
Osnaburgh Reservaat 63A
Osnaburgh 63A Reserve
polityk
haadplak Mishkeegogamang (Ontario)
stamme Mishkeegogamang Naasje
lân Kanada
provinsje Ontario
distrikt Thunder Bay Distrikt
sifers
ynwenners 153 (2011)
oerflak 41,8 km²
bef.tichth. 3,7 / km²
oar
stifting 1905
tiidsône UTC –5
simmertiid UTC –5 (gjin simmertiid)
webside www.miskeegogamang.ca
kaart
Osnaburgh Reservaat 63A (Ontario)
Osnaburgh Reservaat 63A
De lizzing fan it reservaat yn Ontario.

It Osnaburgh Reservaat 63A (Ingelsk: Osnaburgh 63A Reserve) is in reservaat fan 'e Mishkeegogamang Odjibwe Naasje (Mishkeegogamang Ojibway Nation), in erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Kanadeeske provinsje Ontario. It waard yn 1905 stifte ûnder de betingsten fan it Ferdrach Nû. 9, ien fan 'e regionale, saneamde Nûmere Ferdraggen tusken de ûnderskate Yndiaanske folken en de Kanadeeske autoriteiten.

It Osnaburgh Reservaat 63A is sitewearre yn it noardwesten fan Ontario, oan 'e autodyk Highway 599, en oan 'e súdlike igge fan 'e St. Joseph-mar, noch krekt binnen de grinzen fan it Thunder Bay Distrikt. It leit likernôch 500 km noardwestlik fan 'e stêd Thunder Bay. It Osnaburgh Reservaat 63A beslacht in oerflak fan 41,8 km², en is dêrmei it lytste fan 'e beide reservaten fan 'e Mishkeegogamang Odjibwe Naasje (it oare is it Osnaburgh Reservaat 63B).

Neffens gegevens fan 'e Kanadeeske folkstelling fan 2011 hie it Osnaburgh Reservaat 63A doe 153 permaninte bewenners. De befolkingstichtens bedroech sadwaande 3,7 minsken de km². De bewenners fan it reservaat binne sa goed as allegearre leden fan 'e Mishkeegogamang Odjibwe Naasje, dat etnyske Odjibwe (Ojibwe of Ojibway) binne, in Algonkwynsktalich folk dat de talrykste Yndiaanske groep is yn 'e krite fan 'e Grutte Marren fan Kanada en de Feriene Steaten is. It Osnaburgh Reservaat 63A wurdt bestjoerd fanút Mishkeegogamang, yn it Osnaburgh Reservaat 63B.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.