Michelle Samba
Michelle Samba | ||
sjonger en/of muzikant | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Michelle Louise Samba | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 21 augustus 1990 | |
berteplak | Ljouwert | |
etnisiteit | Frysk Kongoleesk | |
wurkpaad | ||
sjenre | popmuzyk, klezmer | |
sjongtaal | Nederlânsk, Ingelsk | |
ynstrumint | stim, basgitaar, drums | |
jierren aktyf | 2016 – no | |
prizen | Friesland Pop talent Award 2016 Talentprijs Cultuurfonds Fryslân 2020 |
Michelle Louise Samba (Ljouwert, 21 augustus 1990) is in muzikante.
Libbensrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Michelle is berne yn 'e wyk de Meenthe yn Ljouwert. Se is opgroeid yn Boazum by in pleechgesin, dêr't se fan har sechsde oant har sechstjinde wenne hat. Yn Boazum siet se op folksdûnsjen ûnder lieding fan Margreet Enequist. Se die de middelbere skoalle op de Kristlike Skoallemienskip Bogerman yn Snits. Dêr krige Michelle drumles fan Arjen Oosterhaven. Dêrnei hat se Pop en Media dien yn Ljouwert, wat no D'drive hjit, en in oplieding sounddesign ôfrûne. Doe is se nei de Akademy foar Popkultuer gong yn Ljouwert en is dêr ôfstudearre yn 2017.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Michelle har karriêre begûn yn in klezmerbandje, mei de namme de Bêrnde. Dy band waard begelaat troch Carel van Leeuwen. Yn 2016 hie Michelle har grutste konsert by de Toppers. Se mocht trije dagen optrede as perkusjonist. Doe't Michelle klear wie mei har oplieding oan de akademy foar popkultuer, hat se in protte gearwurke mei Claudia de Breij. Earst drums, bas en sang yn de tëatershow #NU yn 2020. Mei de âldjierskonferense yn 2019 spile se op de basgitaar. Ek spile se de basgitaar by de famyljefoarstelling 'Hier ben ik'. Foar dy show hat se ek it album ynspile en in oantal ferskes meiskreaun. Yn it programma 'Safe Cave' fan Claudia de Breij, wat op NPO 3 te sjen wie yn 2021, wie Michelle de fêste muzikant tegearre mei multiperformer Abdelhadi Baaddi.
Ek hat Michelle Samba meispile yn twa films, Buiten is het Feest en de dokumentêre Hier zijn wij.
Michelle hat ek gedichten skreaun. Twa fan dy gedichten stean op de side fan Visit Friesland, dat is in ûnderdiel fan it projekt 'Wjerspegelje'. Ek stiet der in dichtregel fan har op it gemeentehûs fan Ljouwert: 'We sjogge mei-inoar nei de sinne'.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Michelle har mem wie in Friezinne út Dokkum dy't yn 1993 dea stutsen waard yn discotheek Het Wapen van Dokkum. Har heit is in Frânsman en wennet yn Parys. Hy is berne yn de Republyk Kongo. Op it stuit wennet Michelle yn Amsterdam.