Frânsen
Under Frânsen (manlik iental: Frânsman, froulik iental: 'Frânsêze', Française) wurde ferstien:
- besitters fan de Frânske nasjonaliteit
- de autochtoane ynwenners fan Frankryk en Frânse emigranten en harren neisieten
- militêren ûnder Frânsk gesach, bygelyks yn de Frânske tiid yn Fryslân (dit wiene net allinnich troepen mei de Frânske nasjonaliteit)
Frânsen as befolkingsgroep
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Komôf
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De autochtoane Frânsen binne fan oarsprong in griemmank fan Keltyske stammen (Galjers) en Romeinen, en letter ek Germanen (Franken, Noarmannen, Westgoaten en Boergonjers) en Basken of Ibearjers (Akwitaanjers).
Taal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oerhearskjende taal dan de autochtone Frânsen yn Frankryk en dêrbûten is it Frânsk, in Romaanske taal, dy't lykwols beynfloede is troch Keltyske talen (Gallysk) en Germaanske talen (benammen it Frankysk).
Neist it Frâns wurde troch de autochtoane Frânsen yn Frankryk en noch de besibbe streektalen Arpitaansk, Pikardysk en it Oksitaansk sprutsen. Oare Frânsen yn Frankryk sprekke ek it Bretonsk, in Keltyske taal, it Baskysk, it Elzassersk, in Dútsk dialekt, it Katalaansk, Korsikaansk en Arabysk.