Springe nei ynhâld

Michelle Lukes

Ut Wikipedy
Michelle Lukes
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte nammeMichelle Lukes
nasjonaliteit Britsk
berne24 febrewaris 1984
berteplakLonden (Ingelân)
etnisiteit Ingelsk
jierren aktyf2007 – no
offisjele webside
Michelle Lukes yn 'e IMDb

Michelle Lukes (Londen, 24 febrewaris 1984) is in Ingelsk aktrise dy't yn toanielstikken, tillefyzjeprogramma's en films spile hat. Teffens hat se wurke as stimaktrise. Lukes is it bekendst wurden is mei har fêste rol as sersjant Julia Richmond yn 'e aksjesearje Strike Back.

Lukes waard yn 1984 berne yn Londen, en wie ferskate jierren yn it Londenske West End wurksum foar't se in oplieding yn aktearjen folge oan 'e prestizjeuze Bristol Old Vic Theatre School. Se helle yn 2007 har diploma en wûn dêrby de Newton Blick Award foar alsidich talint. Neitiid hie Lukes withoefolle toanielrollen foar selskippen as de Royal Shakespeare Company, it Royal National Theatre en Salisbury Playhouse. Dêrby hie se rollen yn musicals as Chicago, Cats en The Lion King.

Yn 2008 hie Lukes har earste rol op 'e tillefyzje, yn in ôflevering fan 'e Britske sikehûssearje Casualty. Har debút as filmaktrise wie al earder, yn 2004, mei in lyts roltsje as ien fan 'e hofdames fan Roksane yn 'e histoaryske biografyske film Alexander, oer Aleksander de Grutte. Fan 2009 oant 2011 spile Lukes de rol fan 'e fjurrige Argentynske Lisa Torres yn 'e dramasearje Doctors. Bûten har heitelân waard se lykwols pas bekend mei har rol fan 'e tige kapabele sersjant Julia Richmond yn 'e aksjesearje Strike Back, út 2011-2015.

Njonken har aktearwurk is Lukes ek in talintfol dûnseresse, sjongster en pianiste.

Filmografy as aktrise
jiertitelrol of funksjeopmerkings
films
2004Alexanderhofdame fan Roksane
2010NationEnsemble
2014Francis McGee is not for SaleJennifer Freemankoarte film
2016A New York ChristmasKate Ashfield
2017The Lost LegionUrbina Prima
2017Nowhere BandSheilakoarte film
2017Fake EmpireSadie-Lou Hamilton
2017DesertedCarmenkoarte film
2018Go Back to Chinadirektrise moadebedriuw
2019SamirMercedes
tillefyzje
2006Uncle MaxEvagastrol; 1 ôfl.
2008CasualtyPolly Denvergastrol; 1 ôfl. (s22.e30)
2009–2011DoctorsLisa Torresfêste rol; 29 ôfl.
2011Strike Back: Project Dawnsersjant Julia Richmondfêste rol; 10 ôfl.
2012Strike Back: Vengeancesersjant Julia Richmondfêste rol; 10 ôfl.
2013Strike Back: Shadow Warfaresersjant Julia Richmondfêste rol; 10 ôfl.
2015Strike Back: Legacysersjant Julia Richmondweromkearende rol; 4 ôfl.
2015The Fall of ReachKelly (folwoeksen)weromkearende rol; 3 ôfl.
2018EntanglementEviepilotôflevering
2018The World Untoldferslachjouster/nijslêzeresse  pilotôflevering
2020All the Way to the TopEdie Lawsonweromkearende rol; 3 ôfl.
fideospultsjes
2015Halo 5: GuardiansSpartan Kelly-087as stimaktrise
2016Masquerada: Songs and Shadows  Tiziana de Felicias stimaktrise
2017Fire EscapeJackie Amatoas stimaktrise
2021Resident Evil Villagemem Mirandaas stimaktrise

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.