Meidogger oerlis:Kening Aldgilles/argyf1

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Wikipedia-logo.png Gnome-home.svg Nuvola filesystems folder font.png Nuvola apps ksirc.png Replacement filing cabinet.svg Saterland-Wappen.png
Haadside
Dizze balk stiet net op de haadside
Meidoggersside
Nei de meidoggersside fan Kening Aldgilles
Bydragen fan Kening Aldgilles
Dizze balk stiet net op de bydrageside
Oerlisside
Nei de oerlisside fan Kening Aldgilles
Argyf
âlde oerlisside
Kening Aldgilles
Meidoggersside op de Sealterfryske Wikipedy
Meidogger:Kening AldgillesThe Penguin Cabal

Wolkom[boarne bewurkje]

Wolkom op de Fryske wikipedy.
Op wikipedy-mienskip kinne jo wat siden fine mei wat oanwizings ensf., mar dat hiene jo fêst ek al sjoen. At jo fragen hawwe kinne jo terjochte op der oerlis siden. Foar algemiene fragen is Wikipedy:Oerlis_side it bêste plak.
In protte nocht tawinske.Theun 22.02, 2 jan 2006 (UTC)

Oerlêze?[boarne bewurkje]

Ik sjoch, jo hawwe dwaande west mei de NAFO. Dêrby hawwe jo ferskate kearen in ferzje fêstlein. Is it wier sa dat jo alle kearen leauwe dat de side yn oarder is, mar dan nei ôfrin noch wer wat sjogge wat jo by it oerlêzen net sjoen hawwe?

It is sa dat alle kearen dat de side fêstlein wurdt, gâns de side op de kompjûter fêstlein wurdt. Dat is in reden foar de knop ""Earst oerlêze", mei dy knop wurdt de side al op 'e nij opboud, mar dy nimt noch gjin romte yn op de kompjûters fan de Wikipedia. Bygelyks, ik haw noch wat feroare oan de side, en yn de blêder kin ik sjen dat der njoggen ferzjes west hawwe eart it bêst genôch wie. Mar allinnich de lêste ferzje is fêstlein yn Amearika.

Ik wit, wy binne mar in lyts stikje fan it Wikipedia projekt, mar toch: it is baas at wy besykje net mear fêst te lizzen as wat in doel hat. Aliter 01.52, 18 aug 2006 (CEST)

Oare Fryske wikiprojekten[boarne bewurkje]

Goeie,

Jo binne systeem administrator foar de Fryske Wiki?

Kinne jo besykje de hiemside fan de Fryske wikipedy te feroarjen??

Kinne jo de folgjende ferwizings op'e hiemside sette?

Fryske Wiktionary http://fy.wiktionary.org/wiki/WikiWurdboek:Haadside

Fryske Wikibooks http://fy.wikibooks.org/wiki/Haadside#Oare_wiki_projekten_yn_it_Frysk

Fryske Wikiboarne http://wikisource.org/wiki/Main_Page:Frysk

Feroarings[boarne bewurkje]

Dat ik behearder bin op dizze wikipedy betsjut allinnich dat ik der mear wurk oan haw. It betsjut perfoarst net dat eat sa wêze moat om't ik it sa hawwe wol!

At der dingen binne dy't al op Wikipedy steane, dan bin ik der gauris wat koart oer:

  • Nedersaksen wie al fiif kear nedich mei dy stavering, en nearne as Niedersaksen.
  • Jeversk Fryslân wie al neamd as "Fryslân" op Fryslân (betsjuttings.
  • Dat wy gjin listberjochten brûke stie al op ... no, dat stiet op allerhanne stikjes oerlis, mar it kaam der op út dat keppelings nei in oersjochside better binne as oeral mar oersjochlisten del te setten, om't dy eins oer wat oars gean as de side sels. Doe't de grutte Wikipedyen dy raazje hienen wienen der siden dy't wol trije of fjouwer listen krigen en wat it net lêsberder makke. Wy hawwe dat mar mei in pear listen dien, en dy hawwe wy wer weihelle. Ik haw der no ek mar ris wat oer yn de FAQ-side skreaun.

Der kinne fansels altiten dingen feroare wurde. At jo eat oars dogge, en in oar feroaret it werom, dan is der ferlet fan oerlis. Dat is hoe't in wikipedy funksjonearret: mie ynisjatyf en oerlis. Aliter 22.51, 6 okt 2006 (CEST)

Ferskaat[boarne bewurkje]

Goeie kening,
Jo binne ek aardich drok west de lêste tiid, goeie saak. In pear fraagjes/opmerkings:

  • it Berjocht:Waadeilannen, woene jo dy graach hâlde of binne jo it iens mei de arguminten fan Meidogger:Aliter en my dat wy dit soarte berjochten leaver net hawwe?
  • Jo hawwe by om te setten siden nei it Frysk in hiele list taheakke. Nijbeets hat al in side, en ik tocht sels dat jo dy oanmakke hiene ;).
  • Jo hawwe in tal ofbylden oanbean (fan Dekemastate, Crackstate en Martenastate). Kinne jo ek oanjaan wêr at dy ofbylden weikomme en wat de status fan dy foto's is. Op de wikipedy mei eins allinich ofbylden brûkt wurde dy frij brûkt wurde meie.

Groetnis Theun 22.15, 12 okt 2006 (CEST)

Help[boarne bewurkje]

Mei ik jo help freegje mei de side oer Syberseks? It part tusken de webkamera en de kategoryen kin ik net krekt folgje. Tank. Aliter 02.04, 3 nov 2006 (CET)

Haadside[boarne bewurkje]

Beste Kening Aldgiles.

Miskien hawwe jo it al lêzen. Mar we binne dwaande my de haadside en de útlis hoe je oan de slach moatte gean my de wikipedy. Miskien wolle jo ek wol helpe. It oerlis stiet op de pagina fan Meidogger oerlis:Jelle en fan Meidogger oerlis: Theun. Hjir is de link fan de nije haadside: Meidogger:Theun/Haadside, hjir binne we ek mei dwaande: Wikipedy:Klik hjir (moat nog in oare namme krije. As jo iets net moai fine, reagje er mar yn om. It doel is om in sa moai mogelike haadside te krijen mei in sa’n goed mogelike útlis. Groet Jelle 6 jan 2007, 11.53 (CET)

  • De râne om de tekst hinne is hiel belangerik. Ik soe wol graach de kleuren wat flitsender wolle hawwe. Miskien read mei blau ferwisjend nei de Fryske flagge. En miskien moatte er ek noch wat mear foto’s en of plaatsjes op de haadside.Ik sil er sels ek wer mei oan de slach. Groet Jelle 8 jan 2007, 12.41 (CET)

F-16[boarne bewurkje]

Ik haw efkes in pear siden dy't jo oanmakke hawwe kontrolearre op de stavering (safier at ik dêr ferstaorn fan haw). No haw ik in fraachje oer de side oer de F16. Der steane yn it rygje by de bewapening, raketten en missilen. No nim ik oan dat jo dêr de ingelske missiles mei bedoele, binne dit in soart fan stjoerde-raketten. Mar wat is it ferskil mei dy raketten??? Theun 13 jan 2007, 21.22 (CET)

Behearder[boarne bewurkje]

At jo it oerlis in bytsje folgje hawwe jo wol lêzen dat wy der eins graach wat behearders by hawwe wolle, en dat wy jo dêr ek wol foar oan seagen. Hawwe jo dêr nocht oan? Theun 13 jan 2007, 21.24 (CET)

Eins hawwe we hjir hielendal gjin regels foar. It ienigste dasto as behearder dwaan kist en as brûker net is siden wiskje (er wêrom) helje, en meidoggers/anonymen blokkearje.
  • It earste kinne je as gewoane Meidogger net self mar al foarinoar krije troch siden op Wikipedy:Siden wiskje oan te melden.
  • It twadde is hast nea nedich. It is neffens my mar ien kear bard dat wy in anonyme fandalist blokkearre hawwe tidens syn aksje om in 500 tal siden leech te heljen. Je kinne fansels ek fandalisten blokkearje nei dat se wêr fuort binne, mar dat hat neffens my net safolle nut. Jout allinich mar opmerkings op IP-adressen fan skoallen. Is fansels gjin reklame at jo fuort in opmerking te sjen krije dat jo neat mear ferniele meie omdat in skoallegenoat in pear moannen lyn lollich wêze moast.
Fierders is it wat makliker om fandalisme tebek te setten. Oars soe ik eins net witte wêr at jo spesifyk rekken mei hâlde moatte. It is eins neat mear as in gewoane meidogger.
Ik sil B. ris freegje at hy de rjochten hat om in gewoane meidogger behearder te meitsjen. Theun 15 jan 2007, 21.11 (CET)
Dy rjochten skyn ik te hawwen en ik haw de status fan Kening_Aldgilles oanpast nei dy fan behearder. Groetnis, B. 18 jan 2007, 14.47 (CET)

redirect Grut Britanje[boarne bewurkje]

Hallo Aldgilles, werom hast sto die redirect fuort hele? In proatte minsken witte net krekt hoe it skrean moat wurden.--Geoffrey 20 jan 2007, 00.21 (CET)

Fraach[boarne bewurkje]

Ik bin benijd hoe jo die boks mei artikels wer at jo an mei dien ha ûnderyn de persoanlike ‘meidoch’-side krije. It lieket my wol handich om die ek op mien eigen side te ha. Alfêst tige tank foar it antwurd. J'88 5 feb 2007, 22.30 (CET)

List fan Romeinske keizers[boarne bewurkje]

Hallo, ik haw sjoen dat sto dy ek wat dwande hâlden hast mei dizz list. Ik wol dy freegje of wy de nammen ek ferfriezen moatte of sille wy sa folle moglik de Nederlânske (dy foar in grut part wer op'e Latynske skriuwwyze basyjere is) oanhalde? --Geoffrey 11 feb 2007, 17.36 (CET)

Dat AFUK-boekje, ik ken my net foarstelle dat al dy nammen der ek yn steane. Want dat fien ik dus slim. Op hokker wiize skriuwest it--Geoffrey 13 feb 2007, 21.13 (CET)

Ofbyld:GrutFrl.png[boarne bewurkje]

Hi Kening Aldgilles,

Jo hawwe lêsten in plaatsje oanbean, sûnder oan te jaan of dit ôfbyld foldocht oan de easken dy't wikipedia oan ôfbylden stelt. Boppedat wurdt no troch in anonym oanjoen dat dit ôfbyld net brûkt wurde mei en oernaam is fan in webside [1]. Jo hawwe de lêste tiid noch wol in oantal ôfbylden oanbean. Ik soe jo freegje wolle of't jo dy nei rinne wolle en oanjaan hokker lisinsje dêrby heart. Theun 13 feb 2007, 23.22 (CET)

Dan sil ik GrutFrl.png fuortendalik wiskje. Ik soe jo dochs freegje wolle om by de oare ôfbylden dy't jo oanbean hawwe op de ôfbyld side dêrby te setten hokker lisinsje dêrby heart, en dy moat fansels foldwaan oan de regels fan wikipedia. Ik haw dizze regels net sels betocht en der wurdt de lêste tiid aardich mear omtinken om joen om dit goed yn de oarder te krijen. Dus of wy begjinne no sels, of wy wurde der in kear op oansprûtsen of dit by ús wol goed regele is. (Minsken dy't klachten hawwe dat wy saken sûnder tastimming kopiearre hawwe binne fansels gjin goeie saak ), Theun 14 feb 2007, 21.01 (CET)

It giet neffens my om de neikommende ôfbylden, is op himsels mar in koart listje.

At der fragen binne hear ik it wol. Theun 14 feb 2007, 21.07 (CET)

Hi Kening,
Ik haw der op himsels gjin twifels oer dat jo miene dat dy ôfbylden folslein legaal binne. Wy moatte tink wol dúdlikhied jaan oer de boarne fan de ôfbylden dy't wy hjir brûke en hokker lisinsje at hjir byheart.
Jo hawwe krekt ferlyn in ôfbyld oanbean en derby oanjûn dat it in eigen produksje fan jo is. Dan kin eltsenien dan oannimme dat jo dit frijjûn hawwe ûnder de GNU/FDL. Dêr hawwe wy lykwols al in berjocht foar Berjocht:Eigenwurk dat spesjaal hjirfoar makke is. Soene jo by it rychje ôfbylden hjirboppe ek oanjaan wolle hokker ôfbylden jo eigen wurk binne en fan de oaren wêr't se weikomme en hokker lisinsje dêrby heart?
It is perfoarst net sa dat it in leafhawwerij fyn my is om jo hjirmei lêstich te fallen, mar om't dit in part fan de wikipedia is wêr't fânút de organisaasje in protte oandacht foar is de lêste tiid wol ik hjir wol wat tiid ynstekke om dit better te krijen om swierichheden yn de takomst foar te wêzen. Theun 19 feb 2007, 19.18 (CET)

Jo hawwe by alle plaatsjes no in lisinsje oanjoen, GNU/FDL. Dizze lisinsje ferplichtet lykwols om de makkers fan de tekst as ôfbyld oan te jaan. Dat hawwe jo noch net dien. Ek moat der fansels tastimming wêze:
De Neikommende ôfbylden binne goed en meie bliuwe. De lisinsje tekst fan in pear ôfbylden moat noch wol oanpast.
Fan nl tink ik. De lisinsje is Allinnich foar Wikipedia. Foldocht eins net oan de alle easken, mar litte we earst mar stean tink ik. Moat fansels wol by it ôfbyld oanjoen wurde.
Fan :en ? Dit ôfbyld is eins allinnich te brûken yn Amearika of oare lannen dy't in soarte fan Fair use hawwe. Is dan gjin GNU/FDL.
Stiet op commons as GNU/FDL. Is dan goed, mar at wy it hjir ferwiderje soene, soe dochs noch itselde plaatsje op de side stean bliuwe om't de ôfbylden fan Commons hjir ek gewoan brûkt wurde kinne.
Fan de meikommende ôfbylden is de makker nêt oanjoen, foldocht dêrmei net oan de GNU/FDL. Ik haw socht of ik de ôfbylden fine koe, is net foar allegear slagge.
Ik tink fan side [2]. Kin ik net lêze. Fanwêr GNU/FDL ?.
Dit ofbyld komt op meardere ynternet siden wêrom, de lisinsje kin ik neat oer fine, wêrom neffens jo GNU/FDL
Kin ik net fine
Kin ik net fine
Fan [3] ? Kin hjir neat fine oer de lisinsje?
It lêste ôfbyld moat tink ik fuort om't dit net strykt mei de auteursrjochten.
It wettermerk fan GoogleMaps is hjir sichtber. Google jout syn bylden neffens my net frij. Op :en stiet in gelikens plaatsje, dizze is basearre op de USGS satellyt bylden dy't yn PD folle. It oanpaste ôfbyld is troch de oanpasser frijjoen ûnder GNU/FDL. Dy soene wy wol oernimme kinne, is kwalitatyf wol wat minder mar dat moatte wy dan mar meinimme.
Sa wurdt it al wat oersichtliker hoopje ik, soene jo myn befiningen kontrolearje en oanfolle kinne. Dôch mar rêstich oan, jo moatte jo nocht yn dit projekt net kwytreitsje troch dizze administrative omballingen. Wy krije it fansels in kear rûn. Theun 22 feb 2007, 21.20 (CET)

Hi Kening, Goed dat jo hjir noch efkes nei sjoen hawwe.
Jo hawwe no wêr in pear ôfbyldings derop set mei lisinsje GNU/FDL. Sa at ik al earder oanjûn haw, is ien fan de wichtichste betingsten fan dizze lisinsje dat de makkers neamd wurde. At jo dus in ôfbyld op de wiki sette dy't net troch josels makke is en de lisinsje is GNU/FDL dan moatte jo dêrby oanjaan wa at it makke hat. (Foar it oertsjûgjen fan minsken dy't twifels dêrby hawwe, is it dan handich om in ferwizing nei de boarne dêrby te setten).
Dy ôfbylden fan dy states is wol spitich dat dy net brûkt wurde kinne. Mar goed ik hoopje yn elts gefal sels at it waar wat better is ek wêr wat foto's te meitsjen, miskien moat ik dêr mar ris del ride.
It lêste ôfbyld wat ik neamt haw, is neffens my net yn de oarder. Is it miskien sa dat jo dy fan in wiki kopieare hawwe en dat neidetiid de minsken op dy wiki derefter kamen dat it basearre is op google maps en it doe wiske hawwe? Ik stel foar dat wy it plaatsje fan :en oernimme. Theun 25 feb 2007, 12.54 (CET)

Sjauken[boarne bewurkje]

Hoi,

Ik sjuch dat sto fan Chauken Sjauken makke hast. Ik besike krekt twa moanne frysk ta skriuwen en ben dus seker net in autoriteit. Mar hast sto mei net berjochte dat in c wol brukke wurde mei in it frysk as it folgt wurd troch in h, dus Ch. Werom makkest dan fan Chauken Sjauken? It is mei fierder om even hoor, mar woe die wol efkens freegje werom.--Geoffrey 28 feb 2007, 23.00 (CET)

Hoi Kening,
Soene jo at jo in side werneame wolle derfoar de opsje werneam brûke wolle, dy is dêr eins foar bedoeld. In side wiskje en in nije side mei deselde ynhâld oanmeitsje hat as gefolch dat de skiednis net meiferhuzet. No kin ien dy't de skiednis fan de side besjocht net sjen wa at de earste ferzje fan de side makke hat. Theun 1 mar 2007, 20.52 (CET)

Koördinaten[boarne bewurkje]

Hoi Kening,

Wurke de siden fan Erik Baas net, datsto de side dy't op Dútslân brûkt waard dêr graach hawwe woest? Dizze stiet ek yn it rychje op Berjocht:MapsServer en is hjir boppe-yn te ferfangen at dat nedich is.
Ik woe eins earst noch wol dit berjocht boppe-yn de side neist de side namme stean te hawwen foar dit berjocht op mear siden te brûken. Theun 2 mar 2007, 17.08 (CET)

At it goed is stiet it no boppe-oan by Dokkum, ik sjoch it no wol goed. Ik hie op :nl al in pear minsken frege wat ik ferkeard dien hie, mar blykber hie ik noch in cache probleem of sokssawat Yn elts gefal at je noch net oanmeld binne, it stiet no allinnich boppe-oan yn Monobook. Theun 6 mar 2007, 08.20 (CET)

plaatsje Grand Theft Auto[boarne bewurkje]

Hoi Kening,

No hawwe jo in screenshot fan dit spultsje opladen mei as kommentaar sels makke. At jo dit sels makke hawwe is dit gjin screenshot fan GTA. Ik nim oan dat jo bedoele dat jo in screenshot makke hawwe fan GTA, dat betsjut net dat wat op it plaatsje stiet jo dêr wat oer te sizzen hawwe.
Ik tink dat jo nei de ingelske wikipedia sjoen hawwe en dêr sjoen hawwe dat se dêr screenshots brûke. De ingelske wikipedia is de ienichste dy dit soart fan plaatsjes tastiet, en dat is neffens my ek om't it dêr sa groeit is. Se beroppe har dêr op in soarte fan fair-use, dat yn Nederlân sawiesa net bestiet.
Ik tink dat dit soarte fan plaatsjes yn Nederlân en dêrom hjir net meie. De plaatsjes binne ek beslist net frij te brûken wat de wichtichste eask is fan wikipedia. Theun 18 mar 2007, 14.59 (CET)

Hjeldei[boarne bewurkje]

Hoi Kening,

Jo hawwe op de side Feriene Steaten it wurd Feestdei ferfong troch Hjeldei, no is dat neffens my net itselde. In Hjeldei is al in feestdei, mar net elke feestdei is in hjeldei. Neffens my wurdt hjeldei brûkt foar de kristelike feestdagen dy't net op snein falle, sa as Peaskemoandei, Himelfeartsdei, Pinkstermoandei en de Krystdagen. Theun 25 mar 2007, 17.43 (CEST)

Click[boarne bewurkje]

Hoi Kening,

Jo hawwe in Berjocht Click oanmakke om plaatsjes te brûken om nei in oare wikiside troch te ferwizen. No haw ik altiten begrepen dat dit in soarte fan trúkje wie die der eins net foar bedoeld wie. Letter is de ImageMap funksje by de software bymakke, sjoch ris by Erik Baas syn útlis/foarbylden. Miskien dat jo dit ek wol nijsgjirrich fine. Groetnis Theun 28 mar 2007, 19.22 (CEST)

Ik bedoelde ek net dat Click fuort moat. Ik haw allinnich it idee dat dy ImageMap funksje makliker en dúdliker wurket en mear mooglikheden hat. Ik tocht dat it foar jo wol nijsgjirrich wêze soe, at jo soksoarte fan grapkes mei plaatsjes úthelje wolle. Theun 28 mar 2007, 20.13 (CEST)

Siden Wiskje[boarne bewurkje]

Hoi Kening,

Efkes in opmerking foar by it wiskjen fan siden. Miskien is it in idee (ik doch it meast wol) om by it wiskjen fan siden by de "Reden foar it wiskjen" de ynhâld fan de side te ferfangen troch "fandalisme fan " of sokssawat en dan it IP-nûmer stean te litten. Dan komt dat domme praat (wat dêr faaks stiet) ek net yn de wisk-loch en koartlyn feroare listen derby te stean. Foaral dy skellerij en dom praat oer de fryske taal wolle wy sa min mooglik weromsjen fansels ;).

Groetnis Theun 31 mar 2007, 09.53 (CEST)

Partsjen[boarne bewurkje]

Efkes in fraagje. Jo hawwe op Skiednis fan it Grinslânsk de folgjende sin ferbettere:

  • Yn de Midsieuwen wie it hjoeddeiske Grinslân partsjen yn trije parten:

No liket my dat wat in nuvere konstruksje, moat it net wêze:

  • Yn de Midsieuwen wie it hjoeddeiske Grinslân parte yn trije parten:

Ik sjoch wol ris op de Digiskoalle (sjoch by Ferskaat->Twadde Fase->Tiidwurden) steane de regels foar tiidwurden op -je (sa as partsje).

Regels: It giet sa: der is wer hieltyd sprake fan stam + útgong. De stam = de ynfinityf sûnder -je.
...
Mulwurd: stam + -e Hjittende wize: dy is gelyk oan de ynfinityf: Wurkje!

Sa soe ik dus by it Mulwurd Parte (stam+e) brûke. Haw ik it no ferkeard sjoen? Theun 1 mai 2007, 17.25 (CEST)

No fyn ik parte yn trije parten ek net sa'n moaie konstruksje mar dat is wer wat oars ;)

Neffens de list dy't ek op de Digiskoalle stiet is partsje in regelmjittich tiidwurd. Theun 2 mai 2007, 17.04 (CEST)

Tetris, spam as?[boarne bewurkje]

Hjoed is op Tetris in keppeling oanmakke nei in online ferzje fan Tetris. Jo hawwe it haadstikje efkes oanpast oan ús taal. Ik hie it tusken de middei wol sjoen mar wist noch net rjocht wat ik dermei oan moast. No hat dizze persoan op alle wiki's dizze selde keppeling oanmakke, mei wikseljend sukses. Op in pear is it tebekset, op de measten gjin gefolch, noch net opfollen of men fynt it dêr wol bêst.
No moatte wy op sa'n lytse wiki as dizze wol foarsichtich wêze om mooglike nije meidoggers net ôf te skrikken, mar dêr is hjir gjin sprake fan. Dit is in gefal fan reklame foar in webside. At it net echt relevant is mar ien fan de safolle siden dy't dit Tetris spultjse hawwe en de oanbringer is ek net ien fan ús wikipedy-mienskip haw ik it idee en helje soks wêr fuort. At jo mei reden oars oer tinke kinne wy it fansels stean litte. Theun 2 mai 2007, 17.04 (CEST)

Grinslânsk[boarne bewurkje]

Hallo,

Ik ben sels net Frysktalich, ik moat it noch learen. Een goede manier om dat te doen is om zo veel mogelijk Fries te schrijven en kijken wat goed en wat fout is. Ik hoop dat ik in de toekomst perfecte Friese artikelen kan schrijven. 81.205.234.85 2 mai 2007, 19.51 (CEST)

Kongres fan Wenen[boarne bewurkje]

Graach dien, hear. Ik wit dat fuortsmite net sa'n grut probleem is omdat de âlde tekst altiten fia de skiednis beskikber bliuwt foar wa't dy dúdliker útskriuwe wol. (As ynformatikus haw ik tige persys ferskil leard tusken gegevens en ynformaasje. As tekst net dúdlik is kinne der gegevens ynstean sûnder dat der ynformaasje út te heljen is.) Ik begryp út jo wurden dat jo alris sjoen hienen wat it probleem mei de tekst wie, mar neat fûn hienen. Dat ik haw no noch wat oerlis derby set op de oerlisside. Tegearre krije wy grif de ynformaasje út de gegevens. Mysha

Partsjen[boarne bewurkje]

Goeie Aldgillis,

Efkes in taalkundige opmerking. Jo brûke wol gauris it wurd partsjen lykas yn De ynwenners fan Afganistan binne partsjen oer in grutte fariateit fan etnyske groepen en Poalen waard partsjen troch Ruslân, Prusen en Eastenryk. Neffens my kinne je ek gewoan ferdielt brûke, mei partsje soene je dochs de foarm parte of ferparte brûke moatte, sjoch op digiskoalle (A4. Bûging fan regelmjittige tiidwurden op -je), foar de bûging fan dizze soarte fan tiidwurden. No haw ik wol gjin AFUK kursus dien mar ik tink dat it brûken fan partsjen as tiidwurd net goed is. At ik it mis haw wol ik dat fansels ek graach witte, dan haw ik ek wêr wat leart. Theun 22 jun 2007, 20.47 (CEST)

"Ferdield", liket my eins net sa Frysk. In "diel", soe ik sizze, is yn it Frysk wat strikter en abstrakter as in "deel" yn it Nederlânsk; it giet net om in tafallig part. Dat dan wurdt it gauris "opdield", neffens it ien of oare kriterium. "Ferpartsjen" is dan konkreter en faaks sûnder in kriterium. At eltsenien in stikje fan de koeke nimt, dan wurdt dy ferparte (ferpartsje, ferparte, ferparte). Sa'n befolking is fansels hielendal net ferparte, dat dêr soe ik gewoan "Yn Afganistan wennet in grut ferskaat fan etnyske groepen." skriuwe. (Mar ik haw fansels allinnich Frysk foar Net-Frysktaligen dien, dat as ik it mis haw ...) Mysha

Argeology en Gouden ieu[boarne bewurkje]

Hi Aldgilles,

Twa puntsjes,

  • Do hast de side Archology oanmakke troch Geoffrey wiske en sels de side Argeology oanmakke (mei sawat deselde ynhâld). Sa reitsje je wol de sideskiednis kwyt, dat is net de bedoeling. Wy hawwe ek in knopke wêrneame dat hjirfoar bedoeld is.
At jo de side Archeology fuort hawwe wolle moatte jo de side earst werneame mei de goeie nammen en dernei de âlde side mei allinnich de REDIRECT fuortsmite. Dan kloppet de sideskiednis ek noch. Theun 5 jul 2007, 19.37 (CEST)
As ik der oek wat fan zegge mag, út is oek wel su netjes om earst even te melden op de oerlis side dat de naam niet kloppet en anpast wurde mut. Dan hie'k it sel wel deen. Ut komt nau wat ut'e lucht fallen. Groetnis--Geoffrey 5 jul 2007, 22.29 (CEST)
  • Do hast de siden 7e ieu en 17e ieu skoattele. Dêr liket my hielendal gjin oanlieding foar te wêzen, kinst dat ek wer efkes tebeksette. Ik kin it ek wol dwaan mar ik haw leaver dasto it sels dochste. Der is op dizze siden noch nea fandalisme west.
Om op de side oer de 17e ieu de oantsjutting Gouden ieu fuort te heljen en dan oan te jaan dat jo Nêderlânske nasjonalisten opkeare wolle liket my hjir net op syn plak. De side oer de 17e ieu is just oanmakke troch in nederlânsktalige meidogger dy't yn it begjin holpen hat dizze fryske wikipedy op te setten. At dizze minsken der net wêst wiene wie de fryske wikipedy der miskien ek net west as miskien wol in pear jier letter begûn.
Fierder bin ik it ek net mei jo iens om op de side oer de 7e ieu oan te jaan dat dit de Gouden ieu is. Wêr baseare jo dat op? Hawwe jo hjir boarnen foar dat dit yn de fryske skiednis in brûkte oantsjutting is foar dizze tiid, wêrom wie dit de gouden ieu? Fan hokker jier oant wannear hat dit duorre? Op it Ieuskema hawwe jo ek alris de Gouden ieu ferplakt fan de 17e nei de 6e ieu. Ik haw it doe mar wêr fuorthelle (en it ek mar by de 17e ieu weilitten). Witte jo sels wol hokker ieu jo bedoele? De 6e as de 7e? At ik yn't frysk googelje op Gouden ieu dan sjoch ik meast stikken wêr't de 17 ieu bedoeld wurdt, en ien stik oer de Gouden ieu fan de abten, no dat hat ek net de 6e as 7e ieu wêst. Theun 4 jul 2007, 21.32 (CEST)
Ik sil efkes yn't boek sjen (reaksje wol nei myn fakansje) mar ik soe dochs graach wolle dat jo de skoatteling fan de siden fuorthelje, dêr is gjin inkele reden foar. Theun 5 jul 2007, 19.37 (CEST)

Siden Wiskje[boarne bewurkje]

Hallo Kening, Is it net wat hurd gongen mei dy te wisken siden? Der binne no siden ferdwûn dy't wis noch oant 16 july bliuwe soenen. Under oaren foar dy side dy't noch oerset wurde moast liket my dat wat spitich, om't wy no de ynformaasje ek kwyt binne. (En tink derom: ûnder oan de wiske list stiet Theun, ferline moanne. Dat moat grif noch bywurke wurde. Mysha

Berjocht:Dyn[boarne bewurkje]

Folgens my kloppet it berjocht:Dyn net mear. It leste stikje stiet er net mear op. Er heart noch by te stean foargonger en opfolger. Groet Jelle 17 jul 2007, 11.22 (CEST)

kalenders[boarne bewurkje]

Goeie, ik sjoch dat sto op de jiersiden allegeare kalenders tafoegest. Mar wat is no presieh de bedoeling hjirfan. Wat kinst dermei en komt dat no op alle jiersiden.--Geoffrey 23 jul 2007, 23.50 (CEST)

Alles[boarne bewurkje]

Môj, ik zal voordat ik verder ga met de geschiedenis een poging wagen om het één en ander in kategoryen onder te brengen, het is dan misschien handig om op de hoofdpagina, een paragraaf te wijden aan het zoeken via de category structuur, wat is het Fryse woord voor "alles" ,Henk K 25 jul 2007, 19.28 (CEST)

Ik vind het jammer dat ik je met veel werk opzadel, maar ik had de naamgeving naar voorbeeld van deze titel: naasje, Henk K 25 jul 2007, 20.31 (CEST)

Ferkearsier[boarne bewurkje]

Hoi Aldgilles,

Ferkearsier stiet gewoan yn it fryske wurdboek fan de FA. It liket my ek dat de measte Friezen dit wurd betinke, at jo se freegje hoe at se verkeersader yn it frysk sizze soene.
Der is fansels ek neat ferkeards oan om wurden te ferfryskjen/brûken dy't al bekend binne fan it nederlânsk, as der gean frysk wurd foar is, yn plak fan in optocht wurd wat 99% fan de friezen neat seit. Ik tink dat it net yn it belang fan it frysk is om wurden te betinken dy't allinnich troch ien persoan as in lyts groepke brûkt wurde, je moatte net te folle fan de gewoane minsken dy't it frysk brûke ôfwike. It is fansels wol spitich dat goede fryske wurden as kaai (sleutel), dwaande (besich?) en fryske útdrukkings steeds hieltiten minder brûkt wurde, dêr kinne we hjir fansels wol wat oan dwaan. Theun 13 aug 2007, 07.49 (CEST)

Stobbe - geografy[boarne bewurkje]

Goejûn, wol handich dizze stobbe-berjochten. Hjirmei krije wy in better oersjoch yn ús stobben--Geoffrey 27 aug 2007, 22.19 (CEST)

No ik fyn it wol wat oerdreaun om dit op alle geografy siden te setten. Der binne tal fan siden dy't aardich mear ynhâld hawwe as de gemiddelde side op dizze wiki dy't no ek in stobbe binne. As is dit om oan te jaan dat jo hjir ynkoarten hiele stikken bymeitsje sille? Wy moatte net op alle siden hjir in berjocht fan stobbe hawwe, want dan binne wy net goed dwaande, mar miskien is dat allinnich myn idee. It Stobbe berjocht soe ek brûkt wurde moatte om ris wat stobben oan te klaaien, mar ik haw it idee dat it dêr no net foar brûkt wurdt. Theun 28 aug 2007, 21.33 (CEST)
(bygelyks Tanzania, Poalen, Yslân)

Keppeling nei de stavering:[boarne bewurkje]

Hallo, Mei in keppeling nei Kategory:Siden dêr't de stavering fan hifke wurde moat mei in ekstra dûbelde punt, krekt sa't ik it hjir no yn it bewurkfinster dien haw, kin in keppeling makke wurde nei dy kategory sûnder dat it berjocht {{stavering}} brûkt wurdt. Dan wurdt de side sels net yn de kategory opnaam. Mysha

It is goed dat jo de dûbelde kategory fuorthelle hawwe; dêr hie ik net om tocht nei't ik de stavering fan it berjocht oanpast hie. Allinnich wie Kategory:Siden dêr't de stavering fan hifke wurde moat no krekt de goed ferzje, dêr't Berjocht:Stavering no brûk fan makket. Meie wy dy wol werom hawwe? Mysha

Wisten jo dat[boarne bewurkje]

Hoi Aldgilles,

Bin efkes yn de war, wêrom hawwe jo it berjocht dat ik oanmakke haw wiske en letter mei deselde ynhâld wêr werom setten? Theun 2 des 2007, 14.47 (CET)

Coopersburg[boarne bewurkje]

Jûn Sire, Tank foar de ôfbylden fan Coopersburg. Soenen jo de oersjochfoto fan C. (oanbiedloch 19.19 oere) der ek noch by sette kinne? Dy jout in goed oansjen fan Coopersburg. Swarte Kees 16 des 2007, 22.38 (CET)

Adellike/Aadlike[boarne bewurkje]

Dei Aldgilles, Ik seach jo wiene dwaande mei in nij porteal. No stiet dêr ek "Adelike Titel" by, mar der is in L te min. Faaks soene jo dat efkes oanpasse kinne yn "Adellik" of "Aadlik". Groetnis, Swarte Kees 22 des 2007, 11.47 (CET)

Portaal Skiednis[boarne bewurkje]

Tige tank foar dyn "kado". Ik tink dat ik der in soad wille oan belibje sil en it liket my ek in goed ding foar de Wikipedy, want der is al in protte tafoege wat skiednis oanbelanget. En in goed oersjoch ûntbriek en der kin wy no wat oan dwaan. Groetnis--Geoffrey 22 des 2007, 13.27 (CET)

Neffens my wurket in ûnderdiel noch net. Ik haw no nij artikels tafoege, mar it wurdt lykwols net oernommen nei it portaal? --Geoffrey 22 des 2007, 15.20 (CET)

Omrop Fryslân oer 5.000 siden[boarne bewurkje]

Dy side fan Omrop Fryslân oer 5.000 siden op de Wikipedy, hawwe wy der tastimming foar om dêr in printsje fan op te nimmen ûnder GFDL: Ofbyld:OF 5000 siden.gif? Aliter 3 jan 2008, 20.02 (CET)

Ik wit net wat oare Wikipedyen dogge, mar at jo in goed foarbyld hawwe ... Mar op himsels hawwe wy it hjir oer in skermprintsje fan in side fan Omrop Fryslân, mei de opmaak fan Omrop Fryslân der op, en de tekst fan Omrop Fryslân der op. En ûnder dat alles stie op it orizjineel "© 2007 Omrop Fryslân". It liket my net dat dat frij ferspraat wurde kin. (Mar jo soenen fansels Omrop Fryslân freegje kinne at dy dizze iene side ûnder GFDL frijjaan wolle.) It is wol spitich fansels, mar in protte oare websteeën op it ynternet binne no ien kear mei kopyrjocht ôfskerme. Aliter 4 jan 2008, 01.22 (CET)

Frysk?[boarne bewurkje]

Likernôch de 5e ieu falt mei, it Angel-Saksyske ferfarren, wat der oer is fan it Miengermaansk fierder útelkoar. Tsjin dat de see yn 'e 6de ieu wer romte jout oan de Fryske kust, wurdt der yn Ingelân, troch de ferfarders dy't dêr Britten troffen hawwe, in oare taal praat as de ferfarders op de Fryske kust prate, mei de ynfloed fan de terpbewenners, sa fier dy net oan it Frankyske ferfarren meidien hawwe. Dat fan doe ôf wurdt der wol sprutsen fan Aldfrysk. De side oer it Fryske Ryk hat op it stuit twa begjintiden, mar ik leau dat beide passe soenen. Wy binne lykwols pas wis fan de Ingelske karakteristiken as yn de 8ste ieu de âldste Angelsaksyske tekst skreaun wurdt, en fan de Fryske karakteristiken earst as yn de 12de ieu it earste Frysk skreaun wurdt. Dat wylst Aldfrysk skiekundich yn de 6e ieu begjint, begjint it taalkundich yn de 12e ieu. Yn dat gefal moat alles foar dy tiid noch as Westgermaansk as Noardwestgermaansk beneamd wurde. Aliter 5 jan 2008, 02.29 (CET)

Candidates for deletion[boarne bewurkje]

Hi Kening, I see there're a lot of page in Kategory:Siden mei wiskwarskôging, many of them are copyvios and spams... could you please clean up some garbage :) ? Thank you!--Nick1915 18 jan 2008, 13.20 (CET)

Hoi Kening,
Ik seach jo hiene drok dwaande west mei it fuortsmiten fan siden. No hawwe wy dêr ek de side Wikipedy:Siden wiskje foar wêr't oerlis plakfine kin oer side, wêrom at se wiske wurde moatte, wa't der net mei iens is en soksawat. In hiel soad fan de siden/ofbylden stiene dêr noch yn de list om ynkoarten wiske te wurden (oer 15 dagen want ik hie krekt ûnderhâld dien) en oer de ofbylden wiene wy it noch lang net iens.
No sis ik net dat dizze siden net fuort mochten mar miskien stie de Wiskwarskôging der wol net terjochte as sa. Der binne yn elts gefal wat siden wêr't al oerlis oer west hat en wêr't de wiskwarskôging eins net mear stean moast.
At dan in meidogger (ek al is der sysop op :meta) jo freget om de soai op te romjen soe ik jo wol freegje wolle om dit net samar te dwaan mar ek efkes te sjen at dit wol de bedoeling is. Neffens my steane der yn dizze list gjin copyvios of spams, teminsten ik seach der yn de gauwichheid net ien, dus ik wit net wêrom at Nicolò dit neamt. Ek it kommentaar soe ik wat neutraler hâlde, yn taken dy't je as behearder útfoere liket my dat better. Theun 20 jan 2008, 14.14 (CET)