Springe nei ynhâld

Meidogger oerlis:Geoffrey/argyf2

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Ferbûgd

[boarne bewurkje]

Jûn Geoffrey, ik seach jo mienden dat bûcht feroare wurde moast yn bûgd. No is bûgd de mulwurdsfoarm en bûcht de notiidsfoarm, en dy wurdt hjir brûkt.. Groetnis, Swarte Kees 23 des 2007, 19.01 (CET)[beäntwurdzje]

Van Panhuys

[boarne bewurkje]

Jûn Geoffrey, hjir bin ik nochris. No oer jo feroarings yn it stikje oer Van Panhuys. Jo feroaren trije dingen:

ficepresidint yn fisepresidint: Zantema jout oan yn syn N-F diel: Fice.. ( mar wol vice versa)
súkses un sukses: Zantema jout oan dat súkses én sukses tastien binne..
rintenierkjen yn rintenierjen: Zantema jout rintenier(k)jen oan, hoegde dus net feroare te wurden..

Let neat, komt my ek wolris oer.GroetnisSwarte Kees 23 des 2007, 19.12 (CET)[beäntwurdzje]

Ropta state

[boarne bewurkje]

Hoi Geoffrey,

Ropta giet foar it meastepart al oer. Theun 28 des 2007, 16.46 (CET)[beäntwurdzje]

Kloppet, mar it is wol in state west en moat dêrom neffens my dan ek apart neamd wurde. --Geoffrey 28 des 2007, 17.02 (CET)[beäntwurdzje]
Mar dan soe it better wêze en ferplak it part dat oer de state en de famylje Ropta giet nei dy nije side. Ek de nammejouwing fan de states is noch wat rommelich, Is it Ropta state, Ropta State of Roptastate? It wurdt foar oare states wat trochinoar hinne brûkt. Theun 28 des 2007, 17.11 (CET)[beäntwurdzje]
Ik sil sa gau mooglik ris der mei oan de gong. Wol hjoed earst noch in side oan meitsje oer in fjildslach.--Geoffrey 28 des 2007, 17.16 (CET)[beäntwurdzje]
Wat de states oanbelanget, it liket dat wy better op de oerlisside fan de Kategory:State beprate op hokker wize de nammen fan de states it beste skreaun wurde mut--Geoffrey 28 des 2007, 19.30 (CET)[beäntwurdzje]

Rungholt

[boarne bewurkje]

Hallo, Ja, it is al sa dat it moaier kin, faaks mei "Fiskers sizze dat hja ..." of soks. Mar dêr bin ik allegear net wis fan. Dat ik hie "men" der wer ynset dat de sin al rinne soe. Mysha

Hallo Geoffrey

[boarne bewurkje]

Dear Geoffrey, how are you? I am wondering if somebody would be so kind to help me translate a short-stub version of two or three sentences of this article for the Frysk (.fy) wikipedia? Thank you very much for any advice or help you could provide, -Maria Ognati 13 jan 2008, 01.47 (CET)[beäntwurdzje]

Ofbylden

[boarne bewurkje]

Hoi Geoffrey,

It ôfbyld op :nl is gewoan it ôfbyld fan commons. Dy kin gewoan ynheakke wurde troch de namme te brûken. Theun 13 jan 2008, 14.58 (CET)[beäntwurdzje]

Guon dingen haw ik noch net goed yn 'e smiezen, tanke.--Geoffrey 13 jan 2008, 15.00 (CET)[beäntwurdzje]
Kinst dyn opladen ofbyld miskien ek fuort wol wiskje. Theun 13 jan 2008, 15.22 (CET)[beäntwurdzje]
Ik sil it fuorthelje.--Geoffrey 13 jan 2008, 16.51 (CET)[beäntwurdzje]

Berjocht:Side fan de moanne/febrewaris 2008

[boarne bewurkje]

Is dy ynlieding net wat te folle rjochte op Korea? Men soe tinke dat de ynlieding sizze soe: "Dit is it, it wie it ferneamst by dy lju, en komt no dêr noch foar." Mysha

Sealterfrysk

[boarne bewurkje]

Ik lies dyn fraach oer it Sealterfrysk. Do wolst witte oftsto of in oare trochsneed Fries it ferstean kinne soe. No sil de ien sizze dat it net sa is. Ja of nee is gjin beskied! It is mear de fraach hoefolle Sealterfrysk ast ferstean kinst. Ik bin de taal wol aardich machtich dat it ferstean is net sa'n probleem. Ik wit net oftsto it wolris heart hast. Mar foar in Fries út de provinsje Fryslân sil it tige fertroud klinke. Dat hat nammentlik mei de bûging fan de tiidwurden te krijen. Yn it Sealterfrysk binne der nammentlik ek -je en -e tiidwurden. Fierders binne der aardich wat saken dy't hiel bot op inoar lykje. Foar ús wurd stasjon is der gjin wjergader yn it Sealterfrysk. Dêr brûke se dan it Dútske wurd Bahnhof foar. En sa sil der noch in wurdmannich wêze dat út it Dútsk komt. Neffens Pyt Kramer (en ek oaren) hat it Sealterfrysk mear oerienkomsten mei it Aldfrysk as it West- of Noard-Frysk. Dat, de meast (frekwint) brûkte wurden binne 'echt'-Frysk. It sil dy dêrom ek gjin nij dwaan datsto guon wurden wol of net ferstean kinst. Ik ken ien dy't in fraachpetear foar de Sealterfryske radio hie. Dy fan de radiostjoerder prate Sealterfrysk, en de gast prate Westlauwersk-Frysk. Alle fragen waarden fuortendaliks beändere mei it ferwachte antwurd, dus de fragen wienen begrepen en de antwurden ek. It is mear de fraach ofsto it ferstean wolst. Mei in bytsje kennis fan it Dútsk en de wil om it ferstean te kinnen silst in soad begripe. Groetnis Kening Aldgilles 24 jan 08, 13:28 (CET)

Tanke foar dyn útlis. Dan sil ik it wol ferstean kinne, liket my en mei wat goeie wil slagget it lêzen ek wol. --Geoffrey 24 jan 2008, 13.53 (CET)[beäntwurdzje]

Ferslachje

[boarne bewurkje]

Wie dizze wiziging krekt wat ast fan doel wiest? Mysha

Ik snap it net, mar ik haw it skynbaar fuorthelle. Ik haw it werom set, goed fan dy sjoen. Groet--Geoffrey 12 feb 2008, 18.56 (CET)[beäntwurdzje]

in lân wiskje?

[boarne bewurkje]

Hoi Geoffrey,

Neffens my hasto op de side Haiti in wiskwarkôging delsetten. Ik freegje my ôf wêrom? Ik soe tinke dat dit gewoan wat in koarte stobbe is fan in lân, mar dy binne der wol mear? At dit in fersin wie, hellest dan de wiskwarskôging wêr fuort, at it oars is hear ik it wol. Groetnis Theun 11 mrt 2008, 20.11 (CET)[beäntwurdzje]

Do hast lyk, ik hie mei fersint. Groeten werom--Geoffrey 11 mrt 2008, 21.52 (CET)[beäntwurdzje]

Portaal skiednis

[boarne bewurkje]

Bêste Geoffrey,

Ik haw te set west mei dyn fraach mar it slagget my net. Sil it letter jitris besykje, nei alle tinzen sil der in wat oare opset komme moatte.

Groetnis Kening Aldgilles 12 foarjiersmoanne 2008, 23:40 (CET)

Jiersiden

[boarne bewurkje]

Hoi Geoffrey,

No haw ik juster Swarte Kees dêrfan beskuldige dat hy lege jiersiden oanmakke hat. No blykt datsto dy oanmakke hast, it giet om dizze siden.
No is it net sa dat it ferbean is om siden oan te meitsjen wêr't gjin ynformaasje ynstiet allinne ik fyn it net sa moai. Soesto der wat ynformaasje op dizze siden sette wolle, ast it in kear oan tiid hast. Theun 22 apr 2008, 18.18 (CEST)[beäntwurdzje]

Hoi Theun, ik wie ek fan doel om mei die jiersiden oan de gong te gean. Mar haw op dit stuit dêr even gjin noch oan. Mar drr binne net sa folle fan, leau ik. Dêrom haw ik der ek stobben fan makken. It is dreech putsje om se oan te meitsjen. Dizze bin foar in part al klear. Kinst sa mei fjirder. --Geoffrey 22 apr 2008, 19.22 (CEST)[beäntwurdzje]

Tiidwurden

[boarne bewurkje]

Krekt jo opmerking efkes hifke mei Zantema: dy kart beide foarmen goed mar jout gjin foarkar. Omt ik nimmen ken dy't sa praat bin ik wer op myn eigen manier fan praten ôfgien. Prate se by jimme wol oer loeken/foer? Tank foar jo opmerking, ik sil it werom sette. Groetnis, Swarte Kees 23 apr 2008, 23.32 (CEST)[beäntwurdzje]

Op himsels is it ek wol goed om ris tsjin sokke saken oan te rinnen. It hâldt je wekker en bringt de rykdom fan it Frysk en de streekeigene fariaasjes dêrfan foar it fuotljocht. Boppedat sille der net folle minsken wêze dy't sels hielendal alle regionale ferskillen kenne en de foarkarfoarmen fan natuere brûke. Om my meie jo gewoan trochgean mei 'splintersykjen' of 'miggefangen', it is by jo ommers net in doel op himsels. Groetnis, Swarte Kees 24 apr 2008, 19.38 (CEST)[beäntwurdzje]

Skiednis portaal

[boarne bewurkje]

Bêste Geoffrey,

It portaal skiednis lit ik earst eefkes sa, ik kin de opset sa't dy no is net feroarje. De artikels dy't op it portaal steane haw ik al wat feroare. Ik woe de reade ferwizings kwytwurde, en dat wienen dochs al net al te wichtige ûnderwerpen. Ik haw der ek it ien en oar oan taheakke, ynstee fan it Masedoanyske Ryk haw ik foar Aleksander de Grutte keazen. Aleksander de Grutte is bekender as it Masedoanyske Ryk, en der binne op dy side in soad wichtige ferwizings nei oare siden. Ik haw Gysbert Japiks (tige wichtich persoan út West-Fryslân), en Ubbo Emmius (like wichtich yn East-Fryslân) taheakke oan de list omdat dat persoanen wienen dy't in echt in soad foar Fryslân dien hawwe yn in rite dêr't de Fryske skiednis en literatuer net wichtich wienen. Kommunisme en Liberalisme hearre neffens my by in noch te meitsjen 'portaal polityk'. Ik sil no te set mei in side oer de kolonialisaasje omdat dat neffens my tige wichtich west hat foar de skiednis fan de wrâld. Ik hoopje dat ik dy net yn betizing brocht haw, en datsto it lykfine kinst mei de opset sa't dy der no hinne leit. Ik woe dy dan noch freegje om de lêste reade ferwizing, it Antike Grikelân te skriuwen. Tige tank yn 't foar. Groetnis Kening Aldgilles 27 april 2008, 20:59 (CET)

Goeie, ik fyn alles bêst.Jammer datst it portaal net mear feroare kinst, omdat nije artikels wol wat romte brûke kin. Ik sil my ris ferdjippe yn de Grikelân. Der is hjir noch in soad te dwaan. Groetnis werom --Geoffrey 27 apr 2008, 21.26 (CEST)[beäntwurdzje]

Gean/geane

[boarne bewurkje]

Liket my in ferbettering ta, lit mar stean sa..Swarte Kees 11 mai 2008, 13.15 (CEST)[beäntwurdzje]

Onderzoek

[boarne bewurkje]

Hallo, ik ben bezig met een studie over kleine Wikipedias. Wil je me een mail sturen en wat vragen beantwoorden? Groeten --Ziko 12 mai 2008, 19.16 (CEST)[beäntwurdzje]

Berjocht

[boarne bewurkje]

Goejûn Geoffrey. Ik sjoch dat jo in skoftke werom it berjocht oanmakke ha oer de Amerikaanske Steaten. No wol ik ek wolris sa'n berjocht oanmeitsje foar inkele ûnderwerpen. Kinne jo my wiis meitsje hoe soks moat? In bytsje op gong helpe is wol genôch, dan kom ik der fansels wol út. J'88 13 mai 2008, 23.26 (CEST)[beäntwurdzje]

Jûn, ja dêr wol ik dy wol mei helpe. --Geoffrey 13 mai 2008, 23.38 (CEST)[beäntwurdzje]
Mooi sa. Ik ha inkele fragen oangjeande de berjochten. Wêr moat ik sa'n berjocht begjinne? Ik kin nergens in keppeling fine mei (bygelyks) 'hjir kinne jo in berjocht oanmeitsje', lykas by in gewoane side. Ik hie al úttocht dat ik dan misskien 'berjocht:namme fan berjocht' yntikke moast yn it sykfjild. Mar dêr bin ik net wis fan. J'88 14 mai 2008, 10.42 (CEST)[beäntwurdzje]

Ynslûpsels

[boarne bewurkje]

Op de Oerlisside stiet in stikje mei jo namme oer ynslûpsels. No is it sa, dat dat stikje ek net frij is fan ynslûpsels. Ik wit allinnich net wat ik dêr mei oan moat: Is dat allegear mei sin, of is it by fersin? Aliter 14 mai 2008, 01.52 (CEST)[beäntwurdzje]

It is fansels net mei sin, want ik besykje al myn stikjes yn sa goed mooglik Frysk te skriuwen. --Geoffrey 14 maaie 2008, 23.29 (CEST)

Neerlandisme

[boarne bewurkje]

Jûn Geoffrey, it kearen fan ynslûpsels falt net altyd ta. Dochs dogge jo alle war om it sa goed mooglik te dwaan en soks falt yn jo te priizgjen. Men kin net mear dwaan as jins bêst. Wat de ien net sjocht falt in twadden daliks op, nûmer trije stekt der wer wat fan op mar nûmer fjouwer fynt it de muoite net wurdich. Sa moatte wy inoar mar wat skerp hâlde. Wat it ferbetterjen fan oarmans teksten oangiet: as der dúdlike flaters binne moatte se rjochtsetten wurde sûnder oerlis en oars mei oerlis. Ik bin dêr sels yndie wat maklik yn, mar haw der noch nea wat fan sein as ien de troch my oanmakke stikjes wat oanpast. Ik mei wol oer de stikjes dy't der by komme yn Oerlis. Omdat wy dit mei-inoar dogge kinne wy net sûnder oerlis, it giet om it úteinlike doel: in sa goed mooglike Fryske Wikipedy. In wurd as ûngefear moat yndie Frysker. En wat de rigels oangiet, se binne der om ús te helpen, bytiden wurde wy der troch sterke, mar se binne ek wolris lestich. Troch se in soad te brûken wurdt it stadichoan better en dat is yn jo Frysk no al goed te sjen. Mar by regels is it krektas yn it "gewoane" libben: Wa't alles yn it libben op de rigels hifket hat gjin libben. Gewoan trochgean en jo foar frij fielen bliuwe soe'k tinke. Swarte Kees 16 maaie 2008, 19.24 (CEST)

Wylst de rigels der yndie binne om ús te helpen, by it skriuwen, binne it meast de regels dêr't wy de problemen mei hawwe. Nee, wy kinne net mear as ús bêst dwaan. Aliter 28 maaie 2008, 01.30 (CEST)

Ik soe sizze dat belies jaan allinnich mar synonym is mei "it opjaan"; net mei "eat opjaan". Kinne jo dêr nochris nei sjen? Aliter 28 maaie 2008, 01.30 (CEST)

Sleattemer Mar

[boarne bewurkje]

Jûn Geoffrey. Niis seach dat jo Sleattemer mar oanmakke hienen as redirect nei Sleattemer Mar. No hienen wy ek in ôfspraak om fout stavere nammen gjin redirect te jaan? Hienen jo dochs in reden om hjir in redirect oan te meitsjen? --Swarte Kees 13 jun 2008, 19.59 (CEST)[beäntwurdzje]

Jûn Kees, nim my net kwea ôf, dat hie ik sa gau net yn 'e gaten. Ik hie namentlik sels Sleattemer Mar al sawat op 'e nij oanmakke, doe't ik seach dat der al in side oer bestie, mei dat ferskil dat de Mar mei grutte letter skreaun is. Dan bin der twa mooglikheden en ik soe dan in redirect oan meitjsen, mar as wy ôfpraat ha dat net te dwaan dan moat ik dat net dwaan. Ik sil my betterje. Groeten --Geoffrey 13 jun 2008, 20.16 (CEST)[beäntwurdzje]

Sorry, dy u hie ik net heard. Mysha

Jout neat, sa kloppet it wer. --Geoffrey 19 jun 2008, 23.00 (CEST)[beäntwurdzje]

Fakânsje?

[boarne bewurkje]

Moai datsto der wer bist. Goede fakânsje hân? Underwilens hawwe wy wer aardich dwaande west, iksels mei de keppelings dy't op de Hiphop side stean. Groetnis Kening Aldgilles 03 aug 08, 00:15 (CET)

Ja, bin trije wike mei fakânsje fuort west (kamperen yn Frankryk) en sûnt sneon werom. Trije wike gjin internet, ik haw der wer sin oan om wat te dwaan. --Geoffrey 3 aug 2008, 10.10 (CEST)[beäntwurdzje]

Wat is dat krekt mei dy spil en dy tsjerken? Aliter 23 aug 2008, 20.53 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik haw in oansetsje makke en wat oerset fan nl. As it net dúdlik is pas it dan mar oan. --Geoffrey 23 aug 2008, 22.20 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik haw dy sin mear as nl: makke, wat it wat dúdliker makket. Mar it bliuwt in nuvere formulearring. Aliter 27 aug 2008, 20.31 (CEST)[beäntwurdzje]

Ach dan meitsje wy der dochs wat oars fan. As ik wat mear ynspiraarsje ha sil ik my der wol wer mei dwaande halde. --Geoffrey 27 aug 2008, 21.26 (CEST)[beäntwurdzje]

Tank. Aliter 7 sep 2008, 20.06 (CEST)[beäntwurdzje]

Merkurius

[boarne bewurkje]

Wêrom hawwe jo der "dat fontein" fan makke? Aliter 7 sep 2008, 20.06 (CEST)[beäntwurdzje]

Nim my net kwea ôf, ik haw in flaterke makke.--Geoffrey 8 sep 2008, 14.00 (CEST)[beäntwurdzje]

Yn oarder. It like mei safolle wissigens dien, allinnich dy iene wiziging, dat ik wist at it in doel hie. Aliter 8 sep 2008, 23.35 (CEST)[beäntwurdzje]

De duvel is âld

[boarne bewurkje]

Mar dêr binne gjin foto's fan:
Ofbyld:Stins veenwouden.jpg - dizze âlde ofbylding haw ik fûn op www.veenwouden.nl en neffens my binne eventuele auteursrjochten allang ferrûn.

Neffens my is der net wier in webside http://www.veenwouden.nl (at jo it protokol derbyskriuwe wurdt it in keppeling), mar at jo de boarne werom fûn hawwe, kinne jo dan ris freegje? Mei auteursrjocht fan santich jier nei it ferstjerren fan de makker, wurde foto's net gau frij fan rjochten. Aliter 29 sep 2008, 21.40 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik haw in flaterke makke, it moat wêze: http://www.veenwouden.net. Jo skriuwe santich jier nei it ferstjerren? Dat is wol hiel lang, ik sil ris freegje oft wy de foto brûke meie? --Geoffrey 29 sep 2008, 21.48 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik ha in mailberjochtsje krige fan webmaster Jaap en neffens syn berjocht is it gjin probleem dat wy de ôfbylding brûke wurdt foar promoatsje --Geoffrey 20 nov 2008, 20.49 (CET)[beäntwurdzje]
Hast thús: Is út de berjocht te lêzen at er gebrûk tastiet ûnder GFDL, as dat de foto frij fan rjochten is. Us doel is frijferspraatbere ynformaasje, en ôfbylden, dat hy kin wol sizze: "It is goede promoasje at de wikipedy de foto brûkt", mar net "De wikipdy mei de foto brûke, mar allinnich foar promoasje." De GFDL lit ek gjin oare betingsten ta. Mar at wy der wis fan binne dat wy de foto brûke kinne, dan is dat in goed ding: Set it der dan by op de ofbyldside, en nim de foto oeral op dêr't dy bypassse soe. Aliter 20 nov 2008, 21.10 (CET)[beäntwurdzje]

Ik haw eartiids Berjocht:Jier mei sin sa makke at it no is: Nei it oanmeitsjen is der gjin ferlet mear fan, dat der is minder wurk foar de tsjinner. It sil net sa'n probleem wêze om ek soks te meitsjen foar foar Kristus, mei ien ferskil. Soks haw ik doe net dien om't ik tocht dat wy foar Kristus net sa'n soad siden oanmeitsje soenen. Mar at jo alle jierren fan de jiertelling hân hawwe, en jo ferwachtsje in protte dêrfoar te skriuwen, dan kin ik dêr ek wol in berjocht foar meitsje. Aliter 13 okt 2008, 00.50 (CEST)[beäntwurdzje]

Haww jo alris besocht en brûk it persys sa't it op de side Berjocht:Jier stiet? At jo der net útkomme kinne, dan kinne jo fansels altiten op Berjocht oerlis:Jier oanjaan dat it dúdliker moat. At jo der al útkomme kinne, dan kin ik soks ek wol meitsje foar jiertallen foar Kristus. Aliter 13 okt 2008, 21.37 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik sjoch wer in pear negative ieuwen foarby komme, dat ik freegje it ris streekrjocht: Is der ferlet fan in berjocht lykas Berjocht:Jier, mar dan foar foar Kristus? Aliter 14 nov 2008, 00.04 (CET)[beäntwurdzje]

Ja wis haw ik dêr ferlet fan. Ik sit mei myn bydragen wol gauris oan de negative side fan de jiertelling. It soe hiel moai wêze asto kâns sjochst sa'n berjocht te meitsjen, want it skilt in soad wurk. --Geoffrey 14 nov 2008, 18.23 (CET)[beäntwurdzje]

wêr't/dêr't

[boarne bewurkje]

Jûn Geoffrey. Tsja dêr't wêr't stiet moat faak wêr't stean en wêr't dêr't stiet wêr't. Moai dat jo my skerp hâlde. It stiet ferkeard op myn hurde skiif moatte jo mar rekkenje, en dy wie eartiids net rewritable. Ik rûn der ek al tsjinoan op de kursus. Op de taalplysje haw ik neat op tsjin, de plysje is jo bêste freon seinen se in skoft lyn. Salang de plysjes mar net oan miggefangen dogge, sa't Daam alris sein hat. Fiel jo frij om my te ferbetterjen, dêr wurd ik net minder fan. Mei jo Frysk giet it trouwens ek poerbêst. Nea tocht dat ien him yn sa'n koarte tiid safolle eigen meitsje kin. Groetnis, --Swarte Kees 17 okt 2008, 21.48 (CEST)[beäntwurdzje]

Mar is by Pipernuten "ôfhinklik fan dêr't se weikomme" sa't it wêze moat? It liket wat nuver. Mysha
Ik bin it ek net went om te sizzen, en ik soe ek earder wêr't brûke, mar as ik Frysk praat besykje ik wol my sa folle mooglik der bewust fan te wêzen en dêr't te brûken omdat it better Frysk is. It wurdsje wêr't is wol in gewoan Frysk wurd, mar it soe eins allinnich brûkt wurde moatte yn in sin dy't in fraach of twifel útdrukt. --Geoffrey 5 jan 2009, 21.02 (CET)[beäntwurdzje]

Sprektaal

[boarne bewurkje]

Ik haw it artikel Sprektaal feroare. Kinst der efkes nei sjen en my witte litte oft it sa wol goed is? Groetnis Kening Aldgilles 20 okt 2008, 00:32 (CET)

Do hast it knap dien. Tink dat yn it artikel noch wol wat skreaun wurde kin oer de ferskillen dertusken yn it Frysk. Mar goed dat komt noch wol ris. Groet --Geoffrey 20 okt 2008, 09.36 (CEST)[beäntwurdzje]

Hoi Geoffrey,

Ik sjoch dat je de siden Sinkfal en It Swin (Brugge) oanmakke hawwe. No stiet yn it iene (swin) dat dit itselde wetter is as de sincfala yn de Lex Frisionum.
By Sinkfal stiet lykwols dat neffens ynsichten distiids dit dochs net itselde is. Wat is dêr de boarne foar? Ik koe it net sa gau weromfine, as stiet dat yn dat boek dat jo derby neame? Theun 1 nov 2008, 09.09 (CET)[beäntwurdzje]

Hoi Theun, ik haw it lêzen yn it boek dat derby neamd is en it hat yndied te krijen mei de midieuwske boarne yn it artikel. It liket no wat nuver. Einliks moat der noch wat oer skreaun wurde yn it artikel oer It Swin (Brugge)--Geoffrey 1 nov 2008, 15.13 (CET)[beäntwurdzje]

Tiidwurden

[boarne bewurkje]

Hallo, Dy feroaring fan it mulwurd ,foar Katerina, dat hie net hoegd, hear. 'Nimme' hat yndie trije foarmen foar it ôfslutend mulwurd. By twifel stiet hjir in list fan ûnregelmjittige tiidwurden. Mysha

ik haw it neisjoen, it is yndied sa ast skriuwst, wer wat leard. --Geoffrey 19 nov 2008, 19.29 (CET)[beäntwurdzje]

Wisten jo dat ...

[boarne bewurkje]

Mar witte jo dan ek wa it yn Gysbert Jabiks syn tiid al oer in "Fryske Beweging" hie? Oars soe dit better wat oars sein wurde kinne. Aliter 7 jan 2009, 02.38 (CET)[beäntwurdzje]

Ik haw it wurdsje feitlik tafoege, krekt as yn it artikel stiet. Kinet sa?--Geoffrey 7 jan 2009, 20.19 (CET)[beäntwurdzje]

Ik soe sizze dat it no krekt net feitlik wie. Hat immen yn dy tiid de wurden "Fryske Beweging" skreaun? Siz oars dat it stribjen fan de FB al doe begûn mei it skriuwen fan GJ. Aliter 8 jan 2009, 03.53 (CET)[beäntwurdzje]

Jûn, Geofrey. Ik seach jo hienen in opmerking set by it artikel oer Van der Zee. In frou dy't yn de koken wurket hat ferlet fan "skelken". It is my net dúdlik wat hja dêr mei "skeleken"? moat. Of bedoelden jo wat oars?--Swarte Kees 23 jan 2009, 18.45 (CET)[beäntwurdzje]

Ja, no begryp ik it, ik hie dat even net yn 'e gaten. In skelk, dat hie ik sels witten kind, want eartiids haw ik by in slachter op sneon wurke en doe hie ek in skelk om. Mar wie it no wol in tikflaterke fan dy? Gr. --Geoffrey 23 jan 2009, 18.57 (CET)[beäntwurdzje]
No sjoch ik it pas: it wie in tikflater fan my dêr't jo nei ferwiisden. Ja dan is it it tikflater en dêr in oare flater oerhinne...--Swarte Kees 23 jan 2009, 21.22 (CET)[beäntwurdzje]

Dei Geoffrey, dit wie in fersin, nim ik oan? Want oars begryp ik jo bewurking net. Groetenis, Wutsje 11 feb 2009, 03.08 (CET)[beäntwurdzje]

Dei Wutsje, ik ha ris earder besocht dizze diskusje oant te swengelen, sjoch [1] en doe krige ik dizze reaksje fan Aliter. Dy diskusje hat him doe net fierder trochset. Doe't de diskusje him op 'e nij foardy haw it toch ik fermelt it derby om't Aliter al fan it begjin by de Fryske wikipedy belutsen is en faaks guon dingen fan it begjin wit. Sadwaande myn bijdrage, ik wie net fan doel it betizend te meitsjen Gr. --Geoffrey 11 feb 2009, 13.33 (CET)[beäntwurdzje]

Ja, nee, dat hie ik wol troch - it gie my der foaral om dat jo myn bewurking fuorthelle hienen. Groetenis, Wutsje 11 feb 2009, 17.04 (CET)[beäntwurdzje]

Hallo, Ik haw útsteld DE-VLAG te wiskjen, om't it dûbel is foar Flagge DE. Mysha

Ik haw it sjoen, ik sil it fuort wiskje.--Geoffrey 12 feb 2009, 19.08 (CET)[beäntwurdzje]

Hello Geoffrey, please can You have a look at Kategory:Siden mei wiskwarskôging, there are already a bunch of pages to delete of which some are personal attacks, that should be deleted soon, thanks, best regards, --fûgel (:> )=| 4 mrt 2009, 10.31 (CET)[beäntwurdzje]

Kabouter pimpelnoas

[boarne bewurkje]

Dei Geoffrey, de tekst fan dit nije lemma komt streekrjocht van dizze side. Ik wit net wat op fy:wiki wat soks oanbelanget it belied is, maar my liket it in skeining fan auteursrjochten. Groetenis, Wutsje 4 mrt 2009, 23.01 (CET)[beäntwurdzje]

Ja ik wit dat jo der graach noch mear by Tsjaad skriuwe wolle, mar sa'n grutte siden kin net mei rjocht mear in stobbe neamd wurde. Aliter 11 mrt 2009, 00.01 (CET)[beäntwurdzje]

Neffens my is ôfpraat dat in side dy't oer in lân giet yn alle gefallen de trije ûnderdielen skiednis, geografy en demografy hawwe moat, en dy't dat net hawwe stobbe bleauwe. Foar my is dat wol in útkomst as it sa bleaut want dan haw ik oersjoch wat der allegearre noch net klear is. Op it stuit hâldt ik my hjir foar it meastentiid my dwaande. --Geoffrey 11 mrt 2009, 21.35 (CET)[beäntwurdzje]

Dei Geoffrey. Yn de Kategory: Wurk steane noch in tal berjochten {Wurk} dy't ferjitten lykje te wêzen. Soenen jo hjir ris nei sjen wolle? --Swarte Kees 13 apr 2009, 09.33 (CEST)[beäntwurdzje]

Dat wie ik yndied hielendal ferjitten, sil er sa gau mooglik wer mei oan'e slach. Bedankt. Geoffrey 13 apr 2009, 10.25 (CEST)[beäntwurdzje]

de friese wikipedia

[boarne bewurkje]

de friese wikipedia is slecht.(zie voor meer info mijn gebruikerspagina).

Ik-haat-de-Friese-Wiki-pedia 17 apr 2009, 16.41 (CEST)[beäntwurdzje]

Dei Geoffrey, sille we him mar foargoed útslute? Hy hat op nl:wiki ek allinnich mar ûnsin produsearre, ik tink net dat der ea wat goeds út komme sil. Groetenis, Wutsje 17 apr 2009, 16.52 (CEST)[beäntwurdzje]
NB: Dit is deselde "meidogger" as 86.82.91.107. Sjoch ek hjir. Ik haw him no útsletten: dit wurdt neat. Sjoch ek hjir. Groetenis, Wutsje 17 apr 2009, 17.38 (CEST)[beäntwurdzje]
Dat liket my in goed plan ta en foar altiden --Geoffrey 17 apr 2009, 19.56 (CEST)[beäntwurdzje]

Dat titulateur-biskop, binne jo dêr wis fan? Aliter 24 jun 2009, 22.21 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik haw it destiids oerset fan nl tinkt my en it kaam my wol betrouber oer. Wat tinkst, kloppet it net?--Geoffrey 24 jun 2009, 22.25 (CEST)[beäntwurdzje]
  1. Ik twifelje wat oer dat "titulateur", dat ik yn it Frysk nea tsjinkaam bin, dat ek net Frysk oandocht, en dat yn it Frânsk it haadwurd is, en dêrom nei de titel komt.
  2. Ik kin my net yntinke dat immen dy't aartsbiskop is foar de eare no krekt as biskop oantsjut wurde soe. Aliter 25 jun 2009, 01.18 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik bin oan it googlen wêst en kaam dizze side tsjin [2]], de offisjele side fan bisdom Roermond, dêr't sprake is fan in titulair bisschop. Haw it dêr dan "titulateur" fan makke? Ik wit net mear werom, ik soe ek gewoan in flaterke makke hawwe kind. --Geoffrey 25 jun 2009, 17.08 (CEST)[beäntwurdzje]
Ja, titulêr koe ik my al yntinke. Mar dan titulêr aartsbiskop, tink. Aliter 25 jun 2009, 18.34 (CEST)[beäntwurdzje]
Mar goed datsto sa omtinkend bist. Gr. --Geoffrey 25 jun 2009, 19.10 (CEST)[beäntwurdzje]

Befolking Turkije

[boarne bewurkje]

Hoi Geoffrey, goeie fakânsje hân hoop ik. Efkes wat wizigings fan 11 en 12 augustus kontrolearre. Derby siet ek [3], dizze ynformaasje hasto der neffens my opset. No stiet op de ingelske side dat der eins gjin goeie sifers binne om't de Turkske folkstelling dit net registrearret. Miskien dizze persintaazjes fuorthelje, of earne oars kontrolearje. Wy soene de anonym fansels ek freegje kinne om syn boarne. Theun 16 aug 2009, 21.09 (CEST)[beäntwurdzje]

Ja de fakânsje wie goed, dynnes ek? Wat de sifers oangiet. Neffens my komt ús ynformaasje fan de Nederlânske side. Mar ik gean sels wel even sneupen yn de bibleteek fan'e wike. As wy de wiki net fertrouwe kinne, dan sels mar op ûndersyk tinkt my. --Geoffrey 16 aug 2009, 22.21 (CEST)[beäntwurdzje]

Hi! Usually I write to Swarte Kees, but now I saw, that you speak Liwwaders. I weote a (really) short story in Saami some yeras ago and now we started to translate it into severaly languages. Could you make me a Liwwaders tarnslation. Here is the short story and the English/Dutch and other translations: hu:User:Eino81/Novellám számiul Dank je! --Eino81 17 aug 2009, 21.03 (CEST)[beäntwurdzje]

dank je again! --Eino81 17 aug 2009, 22.53 (CEST)[beäntwurdzje]
One last request. I would like to collect all the name sof my translator to publish it privately. Could you write your whole name to me? If it's problem, you could write me that by e-mail: eino (at) freemail.hu, but I hope, it's OK. --Eino81 20 aug 2009, 12.44 (CEST)[beäntwurdzje]

Sa út it Neanderthal kaam?

[boarne bewurkje]

Ik nim oan, jo binne gjin libbene Neanderthaler tsjinkaam, dat faaks wie it better at yn de beskriuwing fan Ofbyld:Neandertaler.JPG ek stie wêr dit is, en at jo it witte: wêrop it basearre is. Aliter 23 aug 2009, 22.04 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik haw it der oars wol bysetten hear, sjoch mar op 'e side, mar ik sil it ek wol yn de beskriuwing fan de foto sette, as ik der yn slagge --Geoffrey 23 aug 2009, 22.21 (CEST)[beäntwurdzje]

Walstra wiske

[boarne bewurkje]

Jûn Geoffrey, niis seach ik dat jo Walstra syn side wiske hawwe. As de man him no oanmelde wol, krijt er te sjen dat syn side in wiskwarskôging hat. Soe dat net better wat oanpast wurde moatte? Groetnis, --Swarte Kees 29 aug 2009, 19.41 (CEST)[beäntwurdzje]

Goed sjoen Kees, ik haw it wer besocht goed te krijen. --Geoffrey 29 aug 2009, 22.31 (CEST)[beäntwurdzje]
Op himsels krijt ien by in wiske side gjin wiskwarskôging te sjen. It like my dan ek net ferkeard wat Geoffrey dien hie. Ik nim oan hy hie by fersin syn wolkom op de meidoggerside set ynstee fan op de oerlisside en dêrnei syn flater ferbettere troch de meidoggerside te wiskjen. Haw ik yn it ferline ek wolris dien. In meidoggerside is oan de meidogger sels om yn te foljen of leech te litten. Mar goed, lit it earst mar sa, as Walstra it oars wol dan kin hy dat fansels ek oanjaan. Theun 30 aug 2009, 09.38 (CEST)[beäntwurdzje]
Moarn Theun, it is yndied sa gongen asto beskreaun hast. --Geoffrey 30 aug 2009, 10.06 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik bin it hielendal mei dy iens. --Kening Aldgilles 9 sep 2009, 18.27 (CEST)[beäntwurdzje]

houtwâl

[boarne bewurkje]

Hoi Geoffrey,

Ik hie sjoen datsto lêsten Ofbyld:Houtwal007.jpg op de wiki set hiedest, oernaam fan in webstee. Ik nim mar efkens oan datsto hjir gjin tastimming foar krige hast. Mei dit wol it gefal wêze dan moast de lisinsje dy't dan fan tapassing is derby sette. Oars is it tink better om dit Ofbyld fan de wiki te wiskjen.
Ik haw in pear wike ferlyn in pear foto's makke fan in houtwâl by Twizel, haw ik op de side fan de Fryske Wâlden derby set yn plak fan houtwal007.jpg. At ik dêrom tink sil ik ek besykje in pear foto's fan in elsesingel te meitsjen. Theun 4 okt 2009, 19.53 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik wit it net mear, doch dyn eigen mar dat kin foar it selde. --Geoffrey 4 okt 2009, 23.02 (CEST)[beäntwurdzje]

Translation request

[boarne bewurkje]

Hi Geoffrey, would you be so kind to help me translate this article into Frysk? Please. It's about a Chinese philosopher and is listed as one of the articles every Wikipedia should have. If you think that article is too long, here is a shot version: "Confucius was a Chinese thinker and social philosopher, whose teachings and philosophy have deeply influenced Chinese, Korean, Japanese and Vietnamese thought and life. His philosophy emphasized personal and governmental morality, correctness of social relationships, justice and sincerity." Thanks a lot! --iu:User talk:Biŋhai

dien--Geoffrey 12 okt 2009, 21.44 (CEST)[beäntwurdzje]
Danke!--Biŋhai 13 okt 2009, 04.19 (CEST)[beäntwurdzje]

Side fan de wike

[boarne bewurkje]

Goeie,

Ik seach dat wy no in 'side fan de wike' ha. Ik hie der ek al oer neitocht om soks te dwaan. In 'side fan de dei' kin eins noch net omdat wy dêr noch krekt wat te lyts foar binne. Ik fyn dyn kar út de rige artikels dy't wy hjir ha poerbêst. Boppedat sil ik besykje om oan de kwaliteit fan dy artikels te wurkjen. Hulde! Groetnis --Kening Aldgilles 25 okt 2009, 23.29 (CET)[beäntwurdzje]

P.S. Wat oare artikels dy't neffens my yn de beneaming komme foar 'side fan de dei' binne: Ruslân, New York City, Dútslân, Skiednis fan Europa, Skiednis fan Sina, Twadde Wrâldkriich, Market Garden, Slach om Berlyn. Der sille grif noch mear wêze.
Ik wit net krekt watsto bedoelst. Ik fyn in 'side fan de dei' ek wol aardich. Dêrneist kinne wy earste begjinne mei de '26 oktober yn it ferline' of 'skiednis op 26 oktober'. Ik seach dat Swarte Kees al aardich wat wurk ferset hie, dat kinne wy sa oernimme. Dêrneist kinne wy earste mei in testside begjinne foar de 'side fan de dei'. Wy ha no al in stik as 100 siden dy't wol nijsgjirrich binne om te lêzen. As der yn 'e takomst mear goede artikels by komme, dan kinne dy wol by de list fan 365. Wat tinkt dy? Groetnis --Kening Aldgilles 26 okt 2009, 18.23 (CET)[beäntwurdzje]
Ja, ik fyn ek dat wy better wachtsje kinne mei in 'side fan de dei'. De Afrikaanske Wikipedia fyn ik net min, mar neffens my binne der ferskate alternativen. Foar it each fyn ik de Afrikaanske Wikipedia minder moai. Ik tink wol dat de measte meidoggers foar in aktuelere haadside binne. Groetnis --Kening Aldgilles 26 okt 2009, 21.34 (CET)[beäntwurdzje]

Reedriden

[boarne bewurkje]

Hallo, Ik begryp it net krekt. Moat der op de side Reedriden te stean komme dat it Ingelske wurd foar reedriden "skating" is? Dat liket mear wat foar in wurdboek, is't net? Mysha

Ien hat der in redirect fan makke nei reedriden. Dat liket my op ús wikipedy net korrekt en dêrom moat it neffens my wiske wurde. At wy wolle soene wy yn it artikel fermelde kinne dat it ingelske wurd foar reedriden skating is, mar soks hoegd fansels net. --Geoffrey 24 nov 2009, 15.45 (CET)[beäntwurdzje]

In bern oansette

[boarne bewurkje]

Dei Geoffrey. Lêstendeis hienen jo in stikje oer Karel II fan Ingelân oanpast: der stie "Karel sette lykwols ferskate ûnwetlike bern oan wêrfan hy der fjirtjin erkende" dat jo feroaren yn "op de wrâld sette". No is yn it "in bern oansette" in goed Fryske útdrukking foar "een kind verwekken" yn it Hollânsk. Wisten jo dat?--Swarte Kees 1 des 2009, 22.51 (CET)[beäntwurdzje]

Moarn Kees, nee dy útdrokking koe ik net. Ik miende dat ik flatter fan dy tsjin kommen wie. Bedankt. --Geoffrey 2 des 2009, 08.32 (CET)[beäntwurdzje]

Dei yn de histoarje

[boarne bewurkje]

Goeie Geoffrey, no't wy de side fan de wike en de wisten jo dat oanpakt hawwe moat no de 'moanne yn de histoarje' der mar oan. Kinne wy dit foar elkoar krije tinke jo? It sil yn elts gefal in berch mear wurk wurde dan de oare 'projekten'.--J'88 11 des 2009, 11.29 (CET)[beäntwurdzje]

Goei Jûn J., ik haw my noch neat mei de moanne yn de histoarje dwaande hâlden. Wat is it doel? Alle dagen in berjocht, krekt sa as op nl? --Geoffrey 11 des 2009, 20.06 (CET)[beäntwurdzje]
Dat is de ynset ja. Hjir at al wat oerlis west. It liket my in moai projekt ta. --J'88 11 des 2009, 20.18 (CET)[beäntwurdzje]
Goeie, Geoffrey. Ik hie noch wat nije wisten jo datsjes. Kin ik dy gewoan tahekje troch nije wiken oan te meitsje?--J'88 10 jan 2010, 23.30 (CET)[beäntwurdzje]
Dat kin natuerlik ek. It wie ek net de bedoeling om 52 nije wiken oan te meitsje, dat giet te mal. Op it stuit haw ik 43 nije stikjes sammele, dat der kinne 14 'wisten jo datsjes' fan trije stikjes by, we komme dan út op 68 stikken. Elts jier skowe de 'wisten jo datsjes' dan 16 wiken op. Foardiel is dan dast ek net eltse kear op itselde stuit itselde stikje te sjen krijste.--J'88 11 jan 2010, 22.27 (CET)[beäntwurdzje]
Goeie G. Jo hienen tocht ik al wol yn 'e gaten dat ik de leste tiid wat minder warber wie op de Wikipedy. Ik haw efkes wat minder nocht op it stuit. Dêrtroch rinne we no al wat efter mei de Dei yn de histoarje, it giet net mear sa hurdt as yn de begjin. Mei in skoftke sil de wikinocht wol wer werom komme, en út en troch sil ik miskien wol wat dwaande bliuwe.--J'88 4 feb 2010, 21.56 (CET)[beäntwurdzje]

Haadside

[boarne bewurkje]

Hoi Geoffrey,
Mar in goed 2010 tawinske. Ik sjoch do bist wat mei de Haadside oan de gong. At dit is om't it Euro plaatsje fan it hjoed berjocht de opmaak wat yn de war skopte, dan kinst it wol wêr werom sette. Dat siet yn it berjocht fan 1 jannewaris en haw ik al oplost. By dyn lêste wiziging hast ek de interwiki-links nei oare wikis fuortlitten (ferwizings oan de linkerkant), wie dat mei opset sin? Theun 1 jan 2010, 10.34 (CET)[beäntwurdzje]

Wiene we tagelyk oerlis oant it opstarten, ek wêr tafallich. Set do it mar werom. It lei him oan in pypke tefolle yn it ôfbyld op de side fan 1 jannewaris ([4]). Om't de haadside út in tabel opboud is (ek mei pypkes dy't de kolommen skiede), waard der blykber in ekstra kolom ynfoege. Mar dat wie samar klear. Theun 1 jan 2010, 10.44 (CET)[beäntwurdzje]
Dei Geoffrey, ik seach jo wienen fuort útein setten mei de Haadside nei myn opmerking. No is de ferhâlding dus feroare, mar de ôfmjitting fan de plaatsjes net. En dat wie de efterlizzende gedachte. Soenen de plaatsjes no nei 200px moatte (of mear?) om te sjen oft it byld ek wurdt sa't eltsenien wol? It duorret faaks al efkes foardat in feroaring op de side te sjen is. --Swarte Kees 17 jan 2010, 19.25 (CET)[beäntwurdzje]

Jo hawwe it grif al útfûn, mar ja: der wie in wike 53. At jo witte wolle hoe't dat krekt wurket mei dy wikenûmers, dan is der wol in ensyklopedy dêr't it yn stiet: wike. Aliter 20 jan 2010, 19.04 (CET)[beäntwurdzje]

Ljouwerter strjitten

[boarne bewurkje]

Dei Geoffrey, niis seach ik dat jo wer wat skreaun hienen oer in Ljouwerter strjitte. No miende ik dat jo in Ljouwerter wienen. Soenen jo der ek aardichheid oan hawwe o ris wat strjitten of plakken op'e foto te setten? De artikels sjogge der dan fuort wat oanklaaider ut. (al wurket dy sniebrot fan op't heden da wol wat tsjin..), Groetnis, --Swarte Kees 2 feb 2010, 22.49 (CET)[beäntwurdzje]