Wikipedy oerlis:Haadside-ynfo/Moanne yn de histoarje

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

No't de Side fan de Moanne en de Wisten jo dat oerskeakele binne nei de wiken moat ek dizze Moanne mar oanpakt wurde tinkt my. Omdat in wike eins net kin by dit ûnderdiel wurdt dat dus eltse dei in nije side. Binne wy dêr oan ta? Hawwe wy genôch ynformaasje en kin soks eltse dei omsetten wurden op de haadside? Ik kin my foarstelle dat it swier is om soks eltse dei om te setten, kin dat ek automatysk?--J'88 7 des 2009, 15.47 (CET)[beäntwurdzje]

Side fan de wike wie net sa dreech. Mar at it moai dien wurdt, "Earste wike fan Jannewaris" ensfh., dan is it wer net sa maklik te dwaan yn de wiki. Side fan de Dei is maklik te dwaan yn de wiki; it wurdt dien lykas wy dat hawwe foar de keppeling "Hjoed" dy't op alle siden stiet. It komt der allinnich op oan dat immen it allegear fol skriuwe moat mei nijsgjirrige stikjes. Aliter 8 des 2009, 01.27 (CET)[beäntwurdzje]
Oké, technysk is it mooglik. It is natuerlik net te dwaan as immen it eltse dei omsette moat. Dan komt no yndie it ferhaal fan de ynhâld. Ik sil de kommende wiken ris besykje wat ynformaasje by de ferskate datums te sette.--J'88 8 des 2009, 09.00 (CET)[beäntwurdzje]
Aliter seit dat it maklik te dwaan is, mar ik haw it technyske diel noch net trochgrûne. Ik ha sjoen op de Afrikaanske en Nederlânske haadside en dêr brûke sy yn alle gefallen in side List mei alle dagen, fjirders bin ik net kommen. --Geoffrey 13 des 2009, 22.47 (CET)[beäntwurdzje]
Nee, dat hat der neat mei te krijen; dat is ús deiskema. Hulle het af:Wikipedia:Uitgesoekte herdenkings om daardie dae te maak. Aliter 14 des 2009, 02.31 (CET)[beäntwurdzje]
Goed dat ik dat wit, ik sil der in wiskwarskôging op sette. Wy moatte dus ek in útsykside hawwe.--Geoffrey 14 des 2009, 18.05 (CET)[beäntwurdzje]

Op de Afrikaanske wikipedy steane al in soad reade keppelings, dat moatte wy foarkomme. Reade keppelings wol yn sa'n berjocht komme, mar dan moat it al foar de tiid dat it op de haadside komt ynfold wêze.--J'88 14 des 2009, 16.55 (CET)[beäntwurdzje]

Dan mar wat minder soe ik sizze, oars wurdt it wol in hiel bult wurk. --Geoffrey 14 des 2009, 18.05 (CET)[beäntwurdzje]
It hoecht natuerlik ek net fuortendaliks ree te wêze. Wy moatte rêstich te tiid nimme en alle deisiden goed neisjoen en bywerke.--J'88 14 des 2009, 18.10 (CET)[beäntwurdzje]
Prima, ik meitsje wol in wurkside oan, krekt as op de Afrikaanske brûkt wurdt.--Geoffrey 14 des 2009, 18.13 (CET)[beäntwurdzje]
Ik haw neamd Wikipedy:Haadside-ynfo/In dei yn de histoarje en moat noch wol oan sleutele wurde. --Geoffrey 14 des 2009, 18.20 (CET)[beäntwurdzje]
Ik bin wat oan it prutsen west. Tinkt my dat it dizze kant op moat, sjoch: Meidogger:Geoffrey/haadside--Geoffrey 14 des 2009, 19.57 (CET)[beäntwurdzje]
Ja, sjocht der goed út. Ik tink dat wy al wat rigels opstelle moatte foar de siden. Ik woe it neikommende foarstelle:
  1. Fiif ferskate foarfallen.
  2. In mingeling fan Fryske foarfallen en oare foarfallen.
  3. It foarfal moat al wat 'wêze'.
  4. Gjin reade keppelings (of it moat ferholpen wurde kinne foardat it op de haadside komt).
Benammen nûmerke trije is natuerlik subjektyf. Mar elts moat foar him mar de beste kar meitsje út de mooglike opsjes.--J'88 14 des 2009, 20.06 (CET)[beäntwurdzje]
Wy hoege net krekt deselde kriteariums oan te hâlden as za:, mar dat maksimum fan 7, mei fariaasje, en 5, at it allinnich foarfallen binne, dêr koenen wy earst ek wol fan útgean. En om't it dan in koarte list is, hoecht der ek gjin kopke "foarfallen" yn, dat dat jout dan gjin problemen mei it berjocht. (Tagelyk bewurke; ik moat noch besjen wat J der fan tocht.) Aliter 14 des 2009, 20.17 (CET)[beäntwurdzje]
It liket my ta dat in foarfal wol beheind wurde dat it op ien rigel past, oars wurdt it kaderke dêr't alles yn komt te fol--Geoffrey 14 des 2009, 22.04 (CET).[beäntwurdzje]
It soe wol hiel moai wêze at wy 1 jannewaris útein sette kinne mei alle dagen in dei yn de histoarje. Sa no en dan ris in read triedsje fyn ik net sa slim. Wat fyn oaren?--Geoffrey 16 des 2009, 23.08 (CET)[beäntwurdzje]
Miskien moatte wy dat it earste jier tastean, ik haw ek al sjoen dat guon reade keppelings al fuort wurke binne. Mar ferjit net, op it stuit hawwe wy 18 datums dien, dat der moatte noch 347 dien wurde. Dat binne der noch al wat.--J'88 16 des 2009, 23.31 (CET)[beäntwurdzje]
Ja wis, dat binne der nochal wat, mar it is ek wol wer in útdaging om te dwaan. --Geoffrey 16 des 2009, 23.42 (CET)[beäntwurdzje]
Ik wol al noch efkes sizze dat it machtich moai is dat wy no eltse wike in nije Side fan de Moanne en in nije Wisten jo dat hawwe. Eltse dei nije ynformaasje oer in datum is wer in nije stap. Hooplik komme der it takomme jier in soad moaie grutte siden by, dat wy yn (de rin fan) 2011 oer gean kinne nei in Side fan de Dei.--J'88 16 des 2009, 23.38 (CET)[beäntwurdzje]