Massinissa
Massinissa | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
Massinissa fan Numydje | ||
nasjonaliteit | Numidysk | |
bertedatum | 238 f.Kr. | |
stjerdatum | 148 f.Kr. | |
etnisiteit | Massilysk | |
Kening fan de Massyljers | ||
amtsperioade | 206 f.Kr. - 202 f.Kr. | |
foargonger | Gaïa | |
opfolger | himsels as kening fan gâns Numydje | |
Kening fan Numydje | ||
amtsperioade | 202 f.Kr. - 148 f.Kr. | |
foargonger | • himsels as kening fan de Massyljers • Syffaks, kening fan de Massesyljers | |
opfolger | Misipsa |
Massinissa, 238 f.Kr. - 148 f.Kr. wie de earste kening fan Numydje.
Ear't er kening wie focht er yn de Twadde Punyske Oarloch (218-201 f.Kr.) ynearsten as bûnsmaat fan Kartago tsjin de Romeinske Republyk, mar skeakele er yn 206 f.Kr. oer nei de kant fan Rome. Mei de help fan de Romeinen ferienige er de stammen fan eastlik en westlik Numydje, de Massyljers en Massesyljers ta it nije keninkryk Numydje. Hy is ferneamd om syn rôl yn de Slach by Sama yn 202 f.Kr. en as de man fan Sofonisba, in kartaachske ealfrou.
Hy hearske 54 jier lang oer Numydje oant er ferstoar yn de âldens fan likernôch 90 jier. Hy wie in krêftich lieder en wie in fêsthâldende bûnsmaat fan Rome. Hy moat wol 44 soannen hân hawwe.
De romeinske skriuwer Titus Livius skreau yn syn wurk Ab Urbe Condita fan 27-25 f.Kr. oer Massinissa en ek yn de Dream fan Skipio (Somnium Scipionis) fan Sisero komt er foar. Ek de Grykske skriuwer Polybius skreau oer him en sei dat er de "bêste kening fan alle keningen yn ús tiid" wie. Ek neamde er dat Massinissa fan Numydje fan in ûnproduktyf lân ta in lân mei in rike lânbou makke. It gebiet soe de "nôtskuorre fan Rome" wurde.
Syn namme waard yn syn tombe yn Sirta, it hjoeddeistich Konstantine yn Algerije, fûn ûnder MSNSN, dat lêzen wurde moat as Mas'n'sen, itjinge "Harren Hear" betsjut).
Massinissa wurdt sjoen as ien fan de grutste hearskers en in wichtich foarfaar fan de hjoeddeistige Berbers.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jongere jierren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Massinissa wie de soan fan Gaïa, dy't de kening fan de Berberske stamme de Massyljers yn East-Numydje, yn hjoeddeistich Tuneezje, wie. Hy groeide op yn Kartago, dy't in bûnsmaat fan syn heit wie. By it úteinsetten fan de Twadde Punyske Oarloch focht er foar Kartago tsjin Syffaks, de kening fan de Massesyljers yn westlik Numydje, yn hjoeddeistich Algerije, dy't oan de kant fan Rome stie. Doe't er 17 jier âld wie fersloech er Syffaks yn in beslissende slach (215-212 f.Kr.) Hy waard ferloofd mei de dochter fan de kartaachske generaal Hasdrubal Gisko.
Nei syn oerwinning op Syffaks, holp Massinissa troch middel fan de Numidyske kavalery de Kartagers yn Hispanje tsjin de Romeinen, dêr't er belutsen wie by de kartaachske oerwinning yn de Slach by de Boppe-Baetis yn 211 f.Kr. Nei't Hasdrubal Barka, de broer fan Hannibal, nei Itaalje ferfear, krige Massinissa de lieding oer de kartaachske troepen yn Hispanje en focht in suksesfolle guerilla-striid tsjin de romeinske generaal Skipio Afrikanus. Nettsjinsteande dat waarden de Kartagers yn de Slach by Ilipa troch Skipio ferslein en doe wie it tenei dien mei harren macht yn Hispanje.
Doe't Massinissa syn heit Gaïa ferstoar, krigen hy en syn broer Uzalses spul oer de erfenis, en dêrtroch slagge it Syffaks en oermasterje grutte parten fan it eastnumidysk keninkryk. Nei't de Kartagers út Hispanje wei ferdreaun waarden, kaam Massinissa ta de konklúzje dat Rome oan de winnende hân wie. Hy besleat dan ek oer te stappen nei de kant fan Rome en sei Skipio ta help te bieden mei dy syn ynvaazje yn kartaachsk gebiet yn Afrika. Hasdrubal moast doe in nije bûnsmaat fine en wist Syffaks oer te heljen troch syn dochter Sofonisba, dy't dêrfoar mei Massinissa ferloofd wie, oan te bieden him te boaskjen. It like der ynearsten op dat Hasdrubal en Syffaks in sterkere posysje hiene yn Afrika, oant Skipio yn 204 f.Kr. yn Afrika foel. Massinissa die mei Skipio mei en se wisten de oerwinning te heljen yn de Slach op de Grutte Flakten yn 203 f.Kr. dêrby't Hasdrubal en Syffaks belies jaan moasten. Skipio konsintrearre him op Kartago, wylst syn freon Gaius Laelius en Massinissa Syffaks nei syn haadstêd Sirta efterfolgen. Dêr waard Syffaks ferslein en Massinissa boaske dêrnei Sofonisba. Skipio betroude har lykwols net en easke dat se nei Rome troch de strjitten as kriichsbút laat waard. Massinissa woe har it krinkjen besparje en stjoerde har fergif dêr't se harsels mei tekoart die. Massinissa waard in fêsthâldende bûnsmaat fan Rome en Skipio befêstige him as kening fan de Massyljers. By de Slach by Sama yn 202 f.Kr. holp Massinissa Skipio en fersloegen se de Kartagers en it machtige leger fan Hannibal foel yninoar. Dat wie de ein fan de Twadde Punyske Oarloch en Massinissa krige foar syn tsjinsten it keninkryk fan Syffaks derby en waard dus kening fan in feriene Numydje.
Massinissa wie tenei kening fan de Massyljers en Massesyljers en bleau in trouwe bûnsmaat fan Rome. Syn posysje yn Afrika waard fersterke troch it fredesferdrach tusken de Romeinske Republyk en Kartago. It waard Kartago ferbean kriich te fieren sûnder tastimming fan Rome ek net út selsferdigening. Dat joech Massinissa de mooglikheid kartaachske gebieten yn te liven, tinkende dat Rome dat wol lije mocht om't dat Kartago hieltyd swakker makke.
Letter libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei help fan de Romeinen fêstige Massinissa syn eigen keninkryk Numydje, bewesten Kartago, mei Sirta, it hjoeddeistige Konstantine yn Algerije, as haadstêd. De Romeinen lieten dat gewurde, om't se tochten dat in sterker Numydje Kartago hieltyd mear ferswakke koe. Massinissa die war en bou syn keninkryk fan in semynomadyske maatskippij ta in sterke ienheid mei fêste wenplakken. Hy yntrodusearre kartaachske lânboutechniken en twong de Numydjers ûnderhearrige boeren te wurden. Massinissa en syn soannen besiet in grut ferskaat oan lânguod troch it lân hinne. Wichtige stêden wiene Kapsa, Tugga, Bulla Regia en Hippo Regius.
Yn it tiidrek fan syn hearskippij wist Massinissa syn gebiet út te wreidzjen. Oan de ein fan syn libben stookte er Kartago op om kriich mei him te fieren mei de hoop de macht oer gâns Noard-Afrika te bemachtigjen. Hy wie derfan oertsjûge dat Rome him helpe soe yn ferbân mei it ferdrach tusken Rome en Kartago. Kartago klage deroer by Rome en de Romeinske Senaat stjoerde Kato de Aldere yn 155 f.Kr. om te bemiddeljen. Kato hie noed oer in mooglik oplibjen fan Kartago oan de iene kant en tefolle macht fan Massinissa oan de oare kant. Hy ferfear werom nei Rome en oertsjûge de Senaat dat Kartago ferneatige wurde moast. Neffens berjochten fan de skriuwer Titus Livius foelen de Numydjers wol 70 plakken oan yn it suden en westen fan it oerbliuwend part fan it kartaachsk gebiet. De Kartagers waarden brûkel en ferklearren de kriich oan harren, dêrby't se it ferdrachsoerienkomst dus oertrêden. Dat late ta it útbrekken fan de Tredde Punyske Oarloch (149-146 f.Kr.). Massinissa wie net alhiel bliid mei it oankommen fan romeinske legers yn Afrika yn 149 f.Kr., mar hy krige der net folle mear fan mei, want hy ferstoar yn 148 f.Kr. Neffens oerleverings wie er likernôch 90 jier âld doe't er ferstoar en hy late de legers noch hieltyd sels oant syn dea ta.
Nei syn dea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei syn dea folge syn soan Misipsa him op as kening fan Numydje. Nei dy syn dea folgen syn soan Hiempsal I en Adherbal him op. mar dy waarden al gau troch harren neef Jugurta ferdreaun. Fierdere ôfstammelings fan Massinissa wiene Juba I fan Numyje (85-46 f.Kr.) en Juba II (52 f.Kr.-24 n.Kr.).
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|