Martlers fan Gorkumtsjerke (Rotterdam)

Ut Wikipedy
Martlers fan Gorkumtsjerke

Martelaren van Gorcumkerk

bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Súd-Hollân
gemeente Rotterdam
adres Stieltjesplein
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1885-1886
sloopjier 1976
arsjitekt Johannes Kayser
boustyl Neogotyk

De Martlers fan Gorkumtsjerke oan it Stieltjesplein, by Rotterdammers benammen bekend as de Stieltjestsjerke, wie in grutte roomsk-katolike tsjerke yn Rotterdam-Sud. De tsjerke waard yn 1886 ynwijd en yn 1976 fanwegen de weromrinnende tsjerkegong ôfbrutsen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch de groei fan de stêd yn de twadde helte fan de 19e iuw waard op de súdlike kant fan de Maas de wyk Feijenoord boud. In grut diel fan de nije befolking wie roomsk en kaam út Seelân, mar fral út it noardwestlike diel fan Noard-Brabân. Foar de katoliken waard tusken 1875 en 1876 ynearsten in needtsjerke boud troch de sosjaal ynstelde pastoar Ludovicus Gompertz (1875-1890).

Ynterieur Stieltjestsjerke

Tusken 1885 en 1886 folge oan it Stieltjesplein de bou fan in monumintale stiennen tsjerke. It ûntwerp fan de trijeskippige krústsjerke yn neogoatyske styl wie ôfkomstich fan de arsjitekt Johannes Kayser. De tsjerke krige in toer oan de foarkant mei in hege spits. Op 12 july 1886 waard de tsjerke ynwijd en opdroegen oan de Martlers fan Gorkum.

Nei de Twadde Wrâldkriich rûn it tal parochianen tebek. De parochy fusearre mei de Hillige Trije-ienheidparochy en gyng dêr lang om let yn op. De Stieltjestsjerke waard sletten en yn 1976 ôfbrutsen. Op it plak kaam letter in bejaardehûs te stean.

It Museum Rotterdam bewarret twa doarren fan de tagong, in tal glês-yn-leadramen, in boufragmint mei reliëfs fan ferskillende profeten en in tal fliertegels.[1] It oerwurk fan de tsjerke stiet tsjintwurdich op it Vredesplein yn in glêzen hokje om it tsjin fandalisme te beskermjen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: