Springe nei ynhâld

Martinus Schuil

Ut Wikipedy
Martinus Schuil
persoanlike bysûnderheden
oare namme Mart. Schuil
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 26 april 1842
berteplak Harns
stoarn 22 maart 1899
stjerplak Drachten
wurkpaad
berop/amt Komponist, muzyklearaar, dirigint
bekendste
  wurk(en)
De woudkoningin, berne-operette

Martinus Schuil (Harns, 26 april 1842 - Drachten, 22 maart 1899) wie in Frysk komponist en ûnder mear direkteur fan de Harnzer Muzykskoalle en sjongferiening 'Euterpe'. Hy kreau sjongspullen en berne-operettes; syn wurk De Woudkoningin is oersetten yn it Frânsk, Dútsk en Ingelsk.

Hy wie soan fan Jouke Boltom / Bolton Schuil en Akke Zijlstra. Syn heit, dy't muzykûnderwizer en oargelist yn Ljouwert wie en in krystkantate komponearre, ferstoar yn Martinus earste libbensjier (9 oktober 1842). Hysels wie troud mei Martha van der Meulen. Dochter Anna Cornelia Schuil wie sjongeres; soan Jouke Broer, troud mei Amalia Jacoba Hol, dochter fan komponist Richard Hol en sjongpedagoge, waard skriuwer fan berneboeken.

Nei it ferstjerren fan Jouke Schuil ferfear de famylje nei Frjentsjer. Der folgen lessen fan pleatslike organisten, ûnder oare fan Jac. Velds út Snits, en ek lessen yn Ljouwert. Troch in finansjele bydrage fan tredden koe er oant 1862 trije jier studearje oan it Brusselsk Konservatoarium; hy krige der ûnderrjocht fan François-Joseph Fétis en Dupont yn fakken fioele, piano en muzykteory. Dêr ûntwikkele er him mei ta tenor en koe ek in sit nimme yn it orkest fan de opera.

Hy gie werom nei Nederlân en fêstige him wer yn Ljouwert en waard yn 1864 oargelist te Frjentsjer en dirigint fan "Euphonia". Yn 1875 wie er werom yn syn bertestêd dêr't er oant syn dea organist wie fan de Menistetsjerke, kapelmaster fan de skutterij en koardirigint fan "Euterpe", dat er sels oprjochte hie. Hy brocht dêrmei yn in gebiet dat amper grutte útfieringen koe, opfieringen fan Het onderhuis fan Richard Hol en De wereld in fan Peter Benoit ta stân; foar dy lêste wiene 250 bern en grut orkest nedich.

Hy wenne oant syn ferstjerren yn Harns, mar ferstoar by in sweager yn Drachten; hy wie doe al in goed jier siik.

  • De woudkoningin, in berne-operette yn twa bedriuwen, dêr't ek in Ingelske (The Sylvan Queen) , Dútske (Die Waldkönigin) en Frânske (La reine des bois) ferzje fan útjûn waard; dy berne-operette waard oant yn de jierren fyftich yn it hiele lân útfierd.
  • Rika’s droom, sjongspul yn ien bedriuw mei piano of orkest
  • Krystkantate foar solisten, frouljus- of bernekoar mei piano of oargel
  • Malle Geert, sjongspul yn trije bedriuwen nei eigen libretto en kompositoaryske bydragen fan Richard Hol
  • Franchement de marskramer, in operette
  • Een repetitie-avond der zangvereenigiung Door Harmonie Vereenigd; in humoristyske skets
  • Eureka, fantasie in drie bedrijven met daarin Lied van Else, dat ook wel losstaand werd uitgevoerd
  • Neerlands bodem; by gelegenheid fan 100 jier Maatschappij tot Nut van 't Algemeen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Eduard A. Melchior: Woordenboek der toonkunst 1890, s. 611
  • J.H. Letzer: Muzikaal Nederland 1850-1910. Bio-bibliographisch woordenboek van Nederlandsche toonkunstenaars en toonkunstenaressen - Alsmede van schrijvers en schrijfsters op muziek-literarisch gebied, 2. uitgaaf met aanvullingen en verbeteringen. Utert: J. L. Beijers, 1913, side 161 meldt sûnder grûn dat er muzyklessen fan syn heit krige
  • Geïllustreerd muzieklexicon, ûnder redaksje fan Mr. G. Keller en Philip Kruseman, meiwurking fan Sem Dresden, Wouter Hutschenruijter (1859-1943), Willem Landré, Alexander Voormolen en Henri Zagwijn; útjûn yn 1932/1949 by J. Philip Kruseman, De Haach; s. 707