Marsdiep (skip út 1963)
Marsdiep | ||
algemiene ynformaasje | ||
flagge | Nederlân (1964-1992), Malta (1995-2002) | |
thúshaven | Teksel (1964-1992), Valletta (1995-2002) | |
eigner | TESO (1964-1992), Gozo Channel Line (1992-2002) | |
oare namme(n) | Mgarr (1995-2002) | |
skiednis | ||
werf | Arnhemsche Scheepsbouw Maatschappij, Arnhim | |
tewetterlitting | 12 maaie 1963 | |
yn de feart | 17 july 1964 | |
út tsjinst | 2002 | |
status | Sloopt (2002) | |
bysûnderheden en sifers | ||
type | Fear | |
lingte | 68 m. | |
breedte | 16,5 m. | |
djipgong | 4,7 m. | |
passazjiers | 750 | |
maks. faasje | 13 knopen (24 km/o) |
De Marsdiep wie in fearboat fan TESO, en waard ynset op de feartsjinst tusken De Helder en Teksel tusken 1964 en 1991. De komst fan de Marsdiep wie in mylpeal yn de skiednis fan TESO om't it de earste nijboude fearboat wie dat oan de kopske kanten beladen waard. De Tekselse rederij hie wol mei de Siuwske Koningin Wilhelmina fan oarsprong in skip dat op die manier beladen waard yn tsjinst, mar dizze fearboat waard lykwols op Teksel en yn De Helder allinnich fia de sydkânt beladen. De Marsdiep fereaske de bou fan nije oanlisstegers de saneamde fûke, om ek werklik op dizze wize beladen wurde te kinnen. It wie it twadde skip fan TESO dat farde ûnder de namme Marsdiep.
Foar it ûntwerp fan de Marsdiep hat TESO goed sjoen nei Seelân dêr't de PSD al jierrenlang sokke fearboaten yn de feart hie, te begjinnen mei deselde Keninginne Wilhelmina út 1927 dy 't TESO fan 1960 ôf brûkte. Ein jierren 50 kaam de PSD mei in nij type, gruttere fearboat. Op dit type skip is de Marsdiep basearre, al wiene de Siuwske skippen mei 102 meter in stik langer as de Marsdiep mei har 68 meter. It ûntwerp fan de nije oanlisstegers wie hast identyk oan de yn 1958 boude oanlisstegers yn Flissingen en Breskens.
De Marsdiep waard op 17 july 1964 foar it earst ynset troch TESO. De nije Marsdiep koe sa'n 70 persoane-auto's ferfiere en 750 passazjiers meinimme, in wiere revolúsje kwa kapasiteit. Sa koe de Koningin Wilhelmina mar 42 auto's ferfiere en De Dageraad sels flink minder.
Dêr't de fearboat in gruttere ferfierskapasiteit hie, wie foaral de wize fan laden en lossen de wiere revolúsje foar it ferfier nei Teksel. De spesjale oanlissteger dêr't de fearboat him yn fêstleit, hjit de fûke, nei it fiskers reau mei deselde namme, dêr 't fisken harren yn fêstswimme en sa fongen wurde. Twa heftoarnen takelje de brêge omheech en omleech, ôfhinklik fan it tij. De brêge wurdt dellitten op it skip. Fuotgongers koene skieden fan it autoferkear, op in heger nivo, it skip op rinne en kamen sa ûngefear tagelyk oan it op promenadedek fan de fearboat. It laden en lossen gie tenei in stik rapper.
Op 9 oktober 1982 lei it skip yn in drûchdok fan skipswerf Boele yn Bolnes by Ridderkerk doe't it needlot tasloech en it skip kantele en omfoel. Net ien rekke ferwûne, mar it skip rekke troch de fal al slim skansearre, benammen om't de fal brutsen waard troch de kaaimuorre.
De Marsdjip makke begjin 1990 de lêste oertochten yn de haadtsjinstregeling. Nei de komst fan de Schulpengat waard de Marsdiep reserveboat en mar noch sporadysk ynset by problemen mei de oare skippen of by ekstreme drokte. Yn 1991 waarden de Marsdiep en har susterskip Texelstroom út de feart nommen troch TESO.
TESO ferkocht yn 1992 de Marsdiep en har susterskip Texelstroom oan Gozo Channel Line, fêstige yn Valletta op it eilân Malta. Ferskate Nederlânske fearboaten wiene al ferkocht en ynset op Malta, de twa TESO skippen ferfongen dêr inkelde âldere PSD-fearboaten út Seelân.
Oankaam yn Valletta op Malta waard begûn mei de bou fan in klep op de Marsdiep. Wêr't yn Nederlân de brêge fan de oanlisynrjochting op it skip dellitten waard, moast by it ûntbrekken fan in brêge yn Malta in oare oplossing fûn wurde. In klep waard oan de foar- en efterkant montearre.
Pas trije jier letter, op 1 augustus 1995, waard de Marsdiep foar it earst ynset. Dit kaam om 't der gjin tastimming wie fan it parlemint fan Malta om de skippen yn te setten. Pas doe waard de fearboat omdoopt ta Mgarr, it susterskip Texelstroom stie tenei te boek as Cittadella.
De nije reder fûn de skippen goed funksjonearjen, mar sjoen de âlderdom waard der ein jierren 90 besletten om nije fearboaten bouwe te litten. De Mgarr waard op 7 juny 2002 ferkocht foar de sloop en noch deselde moanne kaam it skip oan op it saneamde sloopstrân fan Aliağa yn Turkije.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|