De Dageraad (skip út 1955)
De Dageraad | ||
algemiene ynformaasje | ||
flagge | Nederlân (1955-1974), Angoala (1974-2004) | |
thúshaven | Teksel (1955-1965), Skylge (1965-1974) Angoala (1974-2004) | |
eigner | TESO (1955-1965), Rederij Doeksen (1965-1974), ûnbekend (1974-2004) | |
oare namme(n) | Noord Nederland (1965-1974), Kalua (1974-2004) | |
skiednis | ||
werf | Arnhemsche Scheepsbouw Maatschappij, Arnhim | |
oplevere | 1955 | |
yn de feart | 1955 | |
út tsjinst | ûnbekend | |
status | Sonken (2004, Lûanda) | |
bysûnderheden en sifers | ||
type | Fear | |
lingte | 56,9 m. | |
breedte | 10,2 m. | |
djipgong | 3,6 m. | |
passazjiers | 1000 | |
maks. faasje | 11 knopen (20 km/o) |
'De Dageraad wie in skip fan TESO. Yn 1954 besleat TESO in nije fearboat te bouwen. It skip moast de Marsdiep ferfange en kaam yn 1955 yn tsjinst. De Marsdiep waard ferkocht oan in keaper út Rotterdam.
De Dageraad wie in grut skip foar de lytse haven fan Oudeschild. As gefolch hjirfan kaam it skip geregeld ûngenedich yn oanrekking mei de kaai. Al gau waarden der dêrom oan de boech inkelde oanpassingen dien om skea foar te kommen.
Likernôch de helte fan it autodek op it achterskip fan de Dageraad wie oerdutsen, de oare helte wie iepen. Mar allinnich it iepen part wie geskikt foar hegere weinen lykas frachtweinen. Bestelbuskes en frachtweinen waarden oer it generaal dwers op it autodek ferfierd.
Yn 1962 waard de nije haven by 't Horntje yn gebrûk naam it wie foar De Dageraad hjir oan de fearstoepe in stik makliker om oan te lizzen. Yn 1965 waard it skip lykwols al ferkocht oan Rederij Doeksen dy't it skip omdoopte yn Noord Nederland en der fan 1965 oant 1974 mei fan Harns nei Skylge fear. It wie it twadde skip fan Doeksen dat ûnder de namme Noord Nederland farre soe.
Yn 1966 kearde it skip noch efkes foar in pear wike werom op Teksel nei't de nije Marsdiep skea oprint by in oanfarring mei de havendaam fan ’t Horntje.
Yn 1974 ferkeape Doeksen it skip en waard de eardere De Dageraad omdoopt yn Kalua en sette ôf nei Angoala dêr't de eardere De Dageraad yn 2004 yn de haven fan Lûanda sonken is.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|