Koninklijke N.V. Texels Eigen Stoomboot Onderneming
TESO | ||
It Keninklike TESO-logo ûnder it brêgehûs fan de Dokter Wagemaker | ||
Namme | TESO | |
Oprjochte | 1908 | |
Plaknamme | Teksel | |
Webstee | Webside TESO |
De Koninklijke N.V. Texels Eigen Stoomboot Onderneming better bekend as TESO is in Nederlânske rederij dy't feartsjinsten útfiert tusken De Helder en it waadeilân Teksel. De NV is yn 1908 oprjochte as bedriuw sûnder winsteachmerk, troch eilanners dy 't ûntefreden wiene oer de feartsjinst dy't der op dat stuit wie.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Healwei de njoggentjinde iuw waard it ferfier fan en nei de Waadeilannen bot ferbettere. Dat hie te krijen mei de beskikberens fan stoomskippen, mar ek mei de Postwet fan 1850, dy't easken stelde oan de berikberens fan Nederlânske gemeenten. Fan 1882 ôf waard in feartsjinst op Teksel ûnderhâlden troch de Alkmaarske rederij Alkmaar Packet fan Cornelis Bosman. Under de eilanners bestie grutte ûntefredenheid oer priis en kwaliteit fan de ferbining. Yn 1907 kaam it konflikt ta in hichtepunt en yn augustus fan dat jier waard de feriening Nieuwe Texelsche Stoombootdienst oprjochte, op inisjatyf fan de Tekselske húsdokter Adriaan Wagemaker. Twa wiken letter Al koene se de fan de Gebr. De Groot út Kampen hierde Baron Rengers yn de feart bringe. Op 22 jannewaris 1908 waard de feriening omset yn de N.V. Texels Eigen Stoomboot Onderneming, mei in haadsaak troch Tekselaars byinoar brocht startkapitaal fan 75.000 gûne. De TESO bestelde dat jier har earste eigen skip, de SS Dageraad, wêrmei't fan mids augustus ôf in feartsjinst ûnderhâlden waard. Fanwege in boykot troch de Tekselers fan Alkmaar Packet, moast dy ferfolgens mei praktysk lege boaten tusken Den Helder en Teksel farre. Taryfferleging en advertearjen mochten net mear helpe: yn 1909 moast Bosman him weromlûke en ferkocht syn bedriuw oan de Tekselaars.
Fanôf de jierren 40 oant en mei de jierren 60 ûnderhâld TESO ek in feartsjinst tusken Teksel en Flylân, mei de Zeemeeuw. Wanear't de Zeemeeuw yn de jierren sechstich net mear geskikt is om mei te farren wurd de ferbining troch TESO skrast. De skipper fan de Zeemeeuw, kapitein Boon keapet dêrop in eigen boat en begjint in rederij, (Rederij De Vriendschap) wermei't er de ferbining Teksel - Flylân fan TESO oernimt. Ek hjoed de dei fart dizze rederij by goed waar noch fan Teksel nei Flylân.
Oudeschild wie oarspronklik de thúshaven fan TESO. Begjin jierren sechtich waard der spekulearre oer in haven by 't Horntje op de súdpunt fan it eilân. It grutte foardiel: de oertocht soe dêrwei in healoere koarter wurde. De mieningen wiene ferdield, ek binnen it bestjoer. Uteinlik foel de kar dochs op 't Horntje. Yn 1962 koene de TESO-skippen gebrûk meitsje fan de nije fearhaven.
De groei fan it toerisme yn de jierren 70 wie net te stuitsjen, en stelde TESO foar flinke útdagingen. Yn it heechseizoen rûnen de wachttiden somtiden op oant wol acht oeren. Dat wie perfoarst gjin goed fisitekaartsje foar Teksel as fakânsje-eilân... Der moast dêrom wat barre. Om 't farren mei trije skippen logistyk net helber bliek, kaam TESO-direkteur Theo Hoogerheide mei in weage foarstel. Hy woe in dûbeldeks skip bouwe litte, dat hast trije kear safolle auto's ferfiere koe. Tsjinstanners wiene benaud dat Teksel hielendal oerspield wurde soe troch toeristen. Mar Hoogerheide sette troch en yn 1980 kaam it earste TESO dûbeldeksfear de Molengat yn de feart. Pas yn 1986 koe TESO it boppedek brûke, want troch alle beswierskriften wie de bou fan in passende laadbrêge seis jier fertrage.
Oandielen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De TESO is yn it foarste plak oprjochte foar de eilanners en sy binne faak ek oandielhâlder. De 3.650 oandielen, dy't yn 1907 foar fiif of 25 gûne ferkocht waarden, binne eigendom fan sa 'n 3.100 (benammen Tekselse) oandielhâlders. Sûnt de oprjochting binne der nea nije oandielen útjûn en om se safolle mooglik yn hannen fan Tekselaars te hâlden, wurdt der gjin dividint útkeard, mar kinne de oandielhâlders in oantal fergeze oertochten meitsje.
Boaten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Eardere boaten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]# | Namme | Boujier | Yn tsjinst | Ut tsjinst | Opmerkingen |
---|---|---|---|---|---|
De Dageraad | 1908 | 1908 | 1934 | Sloopt | |
Ada van Holland | 1879 | 1908 | 1924 | Sloopt | |
Marsdiep | 1926 | 1926 | 1956 | Ferkocht (Rotterdam), Sloopt 1996 | |
Dokter Wagemaker | 1934 | 1934 | 1963 | Ferkocht (Skylge), Sloopt 1975 | |
Voorwaarts | 1940 | 1940 | 1967 | Ferkocht (Amsterdam), Sloopt 1981 | |
Twee Gebroeders | 1894 | 1942 | 1956 | ||
Zeemeeuw | 1937 | 1947 | 1965 | Ferkocht (Dútslân) | |
De Dageraad | 1955 | 1955 | 1965 | Ferkocht (Skylge), Sonken 2004 | |
Koningin Wilhelmina | 1927 | 1960 | 1967 | Sloopt 1967 | |
Marsdiep | 1963 | 1964 | 1992 | Ferkocht (Malta), Sloopt 2002 | |
Texelstroom | 1966 | 1966 | 1992 | Ferkocht (Malta), Sloopt 2002 | |
Molengat | 1979 | 1980 | 2008 | Ferkocht (Singapoer), Sloopt 2019 | |
Schulpengat | 1990 | 1991 | 2017 | Sloopt 2018 |
Hjoeddeistige boaten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]# | Namme | Boujier | Yn tsjinst | Opmerkingen |
---|---|---|---|---|
Dokter Wagemaker | 2005 | 2005 | ||
Texelstroom | 2015 | 2016 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|