Springe nei ynhâld

Dokter Wagemaker (skip út 2005)

Ut Wikipedy
Dokter Wagemaker
algemiene ynformaasje
flagge Nederlân
thúshavenTeksel
eignerTESO
skiednis
werfKoninklijke Schelde Groep, Nederlân, Roemeenje
kyllizzing26 novimber 2003
tewetterlitting17 maart 2004
oplevere30 juny 2005
yn de feart16 septimber 2005
statusYn tsjinst
bysûnderheden en sifers
typeFearboat
subtypeRoRo
lingte130,4 m.
breedte22,7 m.
djipgong4,4 m.
passazjiers1750
oandriuwingroerpropeller 4 x Caterpillar 3608TA, 15552 PK ~ 11440 kW
maks. faasje15 knopen (28 km/o)

De Dokter Wagemaker is in fearboat fan de TESO dy't in regelmjittige feartsjinst tusken De Helder en Teksel ûnderhâldt. Sûnt 2016 docht de Texelstroom de haadtsjinstregeling. It is it twadde skip fan TESO dat fart ûnder dizze namme. De Dokter Wagemaker is neamd nei de oprjochter fan TESO, de húsdokter Adriaan Wagemaker (1863 -1933).

It skip is boud troch de Koninklijke Schelde Groep (KSG), ûnderdiel fan de Damen Shipyards Group. De romp is boud op de Damen-werf yn Roemeenje, de ôfbou fûn plak by KSG yn Flissingen. Opmerklik is de wize fan oanlizzen yn de fûke. Dêr is in sûchnap konstruksje oanbrocht, wêrmei't it bewurklike oanlizzen en los goaien mei trossen mijd wurdt.

It skip kin maksimaal 300 persoane-auto's en 1750 passazjiers ferfiere. By dit skip is de âlde hússtyl (giel) efterlitten, it sjocht der dan ek folslein oars út as de Molengat, it skip dy't ferfongen waard. Ek is it skip in stik langer en breder as syn foargonger. Fierder is dit it earste skip fan TESO dat ek in atrium en liften befettet.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: