Springe nei ynhâld

Marije Bouman

Ut Wikipedy
Lân (East-Yndyske inkt)
Driuwen (East-Yndyske inkt-akwarel-houtskoal)

Marije Bouman (Amsterdam, 1971) is in keunstner dy't benammen tekeningen makket. Se studearre yn 1995 ôf oan de Keninklike Akademy fan Byldzjende Keunsten yn De Haach yn de rjochting tekenjen/skilderjen/grafyk en wennet yn Akkrum. Se is lid fan de Maatskippij Arti et Amicitiae.

Har tekeningen binne faak opsetten mei Eastyndyske inkt, pinne, akwarel, pastelkryt, houtskoal, sjabloanen en kollaazje. Minsklike foarmen en ûnwerkenbere foarmen wikselje inoar ôf. De tekeningen ferbyldzje in wrâld fan tsjinljocht en ûngrypberheid. Der binne bytiden ek Sineeske ynfloeden yn werom te finen.

Marije Bouman eksposearret in soad yn Fryslân lykas by De Keunstromte fan it Museum Willem van Haren op It Hearrenfean, Galery Vromans yn Ljouwert, Galery De Valk yn Harns. Bûten de provinsje wie har wurk te sjen yn it VARA/NPS-gebou yn Hilfertsom.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: