Marije-Bertetsjerke (Mûravanka)
Marije-Bertetsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Wyt-Ruslân | |
oblast | Hrodna | |
plak | Mûravanka | |
koördinaten | 53° 41' N, 24° 59' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
patriarchaat | Moskou | |
eparchy | Hrodna-Vaukavysk | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1542 | |
boustyl | Gotyk, renêssânse | |
monumintale status | Kultureel erfgoed fan Wyt-Ruslân | |
monumintnûmer | 410Г000638 | |
Kaart | ||
De Tsjerke fan de Berte fan de Jongfaam Marije is in otterdokse tsjerke yn it doarp Mûravanka yn 'e oblast Hrodna, Wyt-Ruslân. De goatyske tsjerke foarmet in monumint fan ferdigeningsarsjitektuer. Tegearre mei de Michaeltsjerke fan Sinkavitsji is it gebou ien fan 'e earste wartsjerken fan it doedestiidske Gruthartochdom Litouwen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lang waard tocht dat de tsjerke op it jier 1407 te datearjen wie, mar ûndersyk fan argeologen wiisde út dat de tsjerke nei alle gedachten tusken 1524 en 1542 ûnstien wêze moat. De tsjerke waard yn 1656 bot skeind yn de kriich tsjin Ruslân en yn 1706 yn de Grutte Noardlike Kriich. Dêrnei bleau de wartsjerke foar lang skoft leech stean, oant pas yn it midden fan 'e 19e iuw de tsjerke restaurearre waard.
Yn 'e Earste Wrâldkriich waard de tsjerke troch Dútske striidkrêften brûkt om proviand yn op te slaan. Yn 'e tiid fan de Twadde Poalske Republyk waard de tsjerke ferboud ta katolike tsjerke. Yn 1990 joech de oerheid it gebou werom oan de otterdokse mienskip en sûnt dy tiid is de tsjerke wer yn gebrûk.
Arsjitektuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke fan Mûravanka is ien fan de moaiste foarbylden fan in warstsjerke út de tiid fan it eardere Gruthartochdom Litouwen. De arsjitektuer had sawol goatyske as renêssânse stylfoarmen.
It rjochthoekich gebou mjit 15 by 13,5 meter en hat op eltse hoeke in rûne toer mei in diameter fan likernôch 4,5 meter. De muorredikte fan de tuorren mjit ûngefear 1,8 meter. Oan de eastlike kant fan de tsjerke is in apsis tafoege. De gevels binne fersierd mei in grut tal dekoraasjes. De tagong fan de tsjerke is op it westen.
It ynterieur hat gewelven en is ferdield yn trije skippen fan hast like hichte.
Ek al hawwe oarloggen de tsjerke skeind en binne der meardere restauraasjes útfierd, it eksterieur is noch altiten frijwat itselde bleaun as it oarspronklike.
UNESCO
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke is op 30 jannewaris 2004 yn de kulturele kategory op de Foarriedige List fan it Wrâlderfgoed fan UNESCO set.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Church of the Nativity of the Blessed Virgin Mary, Muravanka
|