Sinkavitsji
Sinkavitsji | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Wyt-Ruslân |
Oblast | Grodno |
Sifers | |
Ynwennertal | 34 (2010) |
Hichte | 133 meter |
Oar | |
Tiidsône | (UTC+3) |
Sinkavitsji (Wyt-Russysk: Сы́нкавічы) is in doarp yn Wyt-Ruslân. It leit yn it distrikt Zelva fan de regio Grodno.
It doarp is ferneamd fanwegen de oan Sint-Michael wijde wartsjerke.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme fan it doarp wie earder Synkóvichy, mar waard yn de jierren 1960 yn it ramt fan russifikaasje feroare.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp waard foar it earst neamd yn ferbining mei de Sint-Michaeltsjerke, dat it plak soe earne oan it ein fan de 15e iuw of it begjin fan de 16e iuw stifte wêze. Guon ûndersikers wolle lykwols noch ha dat de stifting yn it begjin fan de 15e iuw west hat. Yn dat gefal soe de delsetting út de tiid fan de Litouske grutfoarst Vytautas de Grutte datearje.
Oant de dieling fan it Poalsk-Litouske Mienebest hearde it doarp by it Gruthartochdom Litouwen. Dêrnei foel it oant de Earste Wrâldkriich ûnder it Russyske Ryk. Tusken de wrâldoarloggen hearde it doarp by de Twadde Poalske Republyk en nei de Twadde Wrâldkriich yn de Wyt-Russyske Sosjalistyske Sovjetrepublyk, tsjintwurdich Wyt-Ruslân.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingesktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Synkavichy
|