Springe nei ynhâld

Madagaskaribis

Ut Wikipedy
Madagaskaribis
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift pilekaaneftigen (Pelecaniformes)
famylje wylpreagerfûgels (Threskiornithidae)
skaai hillige ibissen (Threskiornis)
soarte
Threskiornis bernieri
Bonaparte, 1855
IUCN-status: bedrige

De Madagaskaribis (Threskiornis bernieri) is in seldsume fûgelsoarte út it skaai hillige ibissen (Threskiornis) fan 'e famylje wylpreagerfûgels (Threskiornithidae). De wittenskiplike namme fan 'e bedrige soarte is foar it earst yn 1855 troch Karel Lucien Bonaparte publisearre.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Threskiornis bernieri.

De 65 oant 89 sm grutte fûgel mei in spanwiidte fan 112 oant 114 sm hat in swarte snaffel, in swarte kop, nek en poaten. It fearrekleed is foar it grutste part wyt.

De soarte liket in soad op 'e hillige ibis en waard earder as in ûndersoarte dêrfan beskôge. De Madagaskaribis is lykwols wat lytser en hat in wite oant ljochtblauwe iris, wylst dy fan 'e hillige ibis donkerbrún is. Ek ûnderskiedt de Madagaskaribis him fan 'e hillige ibis troch in koarte en smellere snaffel, it ûntbrekken fan it swart op 'e einen fan 'e fearren fan 'e wjukken en de minder útsprutsen swarte sierfearren.[1]

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Madagaskaribis komt allinne yn in smelle stripe oan 'e kust fan it westen fan Madagaskar foar en op Aldabra (in atol fan 'e Seysjellen). De fûgel libbet yn mangrovebosken, by strannen, mûnings fan rivieren, lagunes, marren en rysfjilden. Madagaskaribissen binne selden fierder as 2 km fan 'e kust te sjen.

De soarte is yn twa ûndersoarten te ferdielen:

  • T. b. bernieri - kustgebiet fan Madagaskar
  • T. b. abbotti - Aldabra

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De populaasje fan 'e fûgel waard yn 2016 op 1700 oant 2100 folwoeksen fûgels rusd. It tal fûgels rint tebek om 't mear as 70% fan 'e briedgebieten bûten natoergebieten leit. De fûgel wurdt bedrige troch it weiheljen fan aaien, de jacht en it fangen fan folwoeksen fûgels en it sammeljen fan nêstfûgels om op te iten. Mei't de fûgels net skou binne as se briede, binne se in maklik doel foar jagers. De besteande wetjouwing fan 'e de jacht is swak en net effektyf. Dêrnjonken wurde de belangrike leefgebieten fan 'e fûgels fernield troch rôfbou en degradaasje troch fersmoarging. Mangrovebosken wurde bedrige troch de houtskoalproduksje. Dêrom stiet de Madagaskaribis op 'e Reade list fan 'e IUCN.[2]

It fûgelpark Walsrode yn Dútslân slagge der yn 2007 foar it earst yn om de fûgel te fokken. Sûnt binne der mear jonge fûgels mei minskehannen grutbrocht. Madagaskaribissen wurde no (2024) yn sân West-Europeeske dieretunen holden en sa helpe dieretunen om de soarte foar de takomst te behâlden.[3][4]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

De side is foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside