Springe nei ynhâld

Hillige ibis

Ut Wikipedy
hillige ibis
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift pilekaaneftigen (Pelecaniformes)
famylje wylpreagerfûgels (Threskiornithidae)
skaai hillige ibissen (Threskiornis)
soarte
Threskiornis aethiopicus
Latham, 1790
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel
     eksoat

De hillige ibis (Threskiornis aethiopicus) is in fûgelsoarte út it skaai hillige ibissen (Threskiornis) fan 'e famylje wylpreagerfûgels (Threskiornithidae). De wittenskiplike namme fan 'e soarte is foar it earst yn 1790 troch John Latham publisearre. De namme hat de fûgel te tankjen oan 'e ferearing yn it âlde Egypte as symboal foar de god Thoth.

Fleanende hillige ibis.

De fûgel is 65 oant 89 sm lang, weecht trochstrings 1,3-1,5 kg en hat in spanwiidte fan 112 oant 124 sm. Hillige ibissen binne foar it meast wite fûgels en ha in swarte nekke, in keale swarte kop en ek de einen fan 'e haad- en sekundêre slachpinnen binne swart. Tusken mantsjes en wyfkes is hast gjin ferskil, de mantsjes binne allinne in bytsje grutter as de wyfkes. Jonge fûgels binne smoarchwyt, ha fearkes yn 'e nekke en mear swart op 'e slachpinnen.

It ferspriedingsgebiet fan 'e fûgel leit yn Afrika besuden de Sahara. Boppedat is der ek in briedgebiet yn it súdeasten fan Irak. De meast besibbe soarten binne de Australyske wite ibis en de Yndyske wite ibis. Oarspronklik wie de fûgel ek ynhiemsk yn Egypte, mar dêr is de fûgel ferdwûn.

Sûnt de jierren 1970 libbet yn Frankryk in ferwyldere populaasje, dy't ôfkomstich is fan frijfleanende ibissen út it fûgelpark fan Branféré (Bretagne). Dy populaasje hat him oer in grut part fan it westen fan it lân útwreide en bestie al yn 2005 út likernôch 3.000 fûgels. Sûnt maaie 2008 is der fergunning ôfjûn om yn it departemint Loire-Atlantique te jeien op 'e fûgel om de populaasje yn 'e stokken te hâlden.

Waarnimmingen fan 2015 oant en mei 2022.

Ek yn it noardwesten fan Itaalje waarden gefallen fan briedende fûgels fêststeld en waard de fûgel al yn 'e delling fan 'e Po waarnommen. Yn Nederlân binne sûnt 2003 nêsten bekend. Yn 2007 waarden al tolve nêsten teld, mar yn 2010 is der gjin nêstbou mear fêststeld. Dêrmei ferdwûn de fûgel wer út ús lân.[1] Yn Dútslân folge it earste briedgefal yn 2013 oan 'e Ismaninger Speichersee, in opslachmar yn Beieren.

Sûnt 2016 stiet de hillige ibis op de Europeeske list fan ynvasive eksoaten, dy't as skealik beöardiele wurde. Dat betsjut in ferbod op it besit, de hannel, de fok, it transportearjen en de ymport fan 'e hillige ibis. Lidsteaten fan 'e Europeeske Uny binne ferplichte om fierdere fersprieding te beheinen en by foarkar eksoaten út te roegjen.

Oant 2022 hie de hillige ibis him al oer grutte dielen fan Europa ferspraat. Fral Belgje, Itaalje en Nederlân wiene populêre útwreidingsgebieten, mar de fûgel waard ek yn Skandinaavje, Ingelân en East-Europa waarnommen.

Yn Taiwan ûntsnapten fûgels út in dieretún en yn 1984 waarden de earste ferwyldere fûgels yn Guandu yn Taipei sjoen. De populaasje waard yn 2012 al op 500 oant 600 fûgels rûsd. Sûnt 2012 waard dêr besocht de populaasje aktyf te bestriden troch mei sukses nêstfûgels te deadzjen. Yn 2021 wiene yntusken al 16.205 fûgels mei help fan jagers deade.

Koloanje hillige ibissen yn Montagu, Súd-Afrika.

De hillige ibis is in koloanjefûgel. It nêst wurdt tusken reid, yn strewellen of yn beammen boud. Der wurde 2 oant 4 aaien lein dy't nei 28-29 dagen útkomme. Nei fiif oant seis wiken fleane de jonge út. Hillige ibissen binne net sinnich en frette reptilen, fisk, skaaldieren, grutte ynsekten, slakken en somtiden ek aas. Ek de jiskebulten wurde besocht om te sjen as dêr ek noch wat te heljen falt. Oan 'e Afrikaanske kust spesjalisearret er him yn it sykjen fan aaien en nêstpiken. Sa hat de hillige ibis in grutte ynfloed op 'e populaasjes fan 'e Kaapske ielgoes en de kelpmiuw. De Frânske populaasje foarmet in bedriging foar de briedende stirnzen.

De hillige ibis hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt op 200.000 oant 450.000 folwoeksen fûgels rûsd. Dêrfandinne stiet de hillige ibis as net bedrige op 'e Reade list fan 'e IUCN.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Grünibis (ferzje 28 april 2024)