Maarten Ducrot

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Maarten Ducrot
Mikrofono.svg tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Maarten Ducrot (midden, eftergrûn).
Maarten Ducrot (midden, eftergrûn).
persoanlike bysûnderheden
echte namme Maarten Ducrot
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
berne 8 april 1958
berteplak Flissingen (Seelân)
etnisiteit Flag of Zeeland.svg Siuwsk
Flag of France.svg Frânsk
wurkpaad
wurksum as hurdfytser, ferslachjouwer
medium tillefyzje, radio
wurksum by NOS
bekend fan Tour de France
jierren aktyf 2004 – no
offisjele webside
Maarten Ducrot op Twitter

Maarten Ducrot (Flissingen, 8 april 1958) is in Nederlânsk sporter en tillefyzjekommentator fan mingd Siuwsk-Frânsk etnysk komôf. Hy wie fan 1985 oant 1991 aktyf as profesjoneel hurdfytser. By in breder publyk waard er lykwols bekender as sportferslachjouwer foar de NOS, wêrby't er sûnt 2004 tegearre mei Herbert Dijkstra elts jier û.m. de live-útstjoerings fan 'e Tour de France fan kommentaar foarsjocht.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid, oplieding en amateursport[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ducrot waard yn 1958 berne yn Flissingen, en folge letter de middelbere skoalle oan it Stedsk Gymnasium te Middelburch. Nei in stúdzje sosjale psychology en ekonomy folge te hawwen oan 'e Ryksuniversiteit Utert sette er útein mei in karriêre yn it hurdfytsen, earst noch as amateur. Yn dy hoedanichheid waard er yn 1982 yn 'e mande mei Frits van Bindsbergen, Gerard Schipper en Gerrit Solleveld wrâldkampioen ploegetiidrit. Yn 1984 die Ducrot foar Nederlân mei oan 'e Olympyske Spullen yn Los Angeles, dêr't er yn 'e mande mei Gert Jakobs, Erik Breukink en Jos Alberts in fjirde plak helle yn 'e 100 km ploege-efterfolging.

Profkarriëre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1985 begûn Ducrot in profesjonele karriêre as hurdfytser by de ploech fan Jan Raas. Hy kaam, fanwegen syn meagere lichemsbou, bekend te stean as de 'Kening fan Biafra', en die fiif kear mei oan 'e Tour de France. Dêrby wûn er de njoggende etappe fan 'e Tour fan 1985, en waard er ferskate kearen útroppen ta de striidlustichste hurdfytser, mar droech nea de giele trui. Yn 1986 wûn er in etappe elk yn 'e Omgong fan Romandje (troch Frânsktalich Switserlân) en de Dauphiné Libéré (yn 'e Dofinee). Yn 1991 beëinige er syn sportkarriêre.

Fierdere karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neitiid begûn Ducrot in twadde libben as organisaasje-adviseur. Letter sette er in eigen advysbedriuw op, dat er noch altyd runt. Yn in útstjoering fan it tillefyzjeprogramma Reporter joech Ducrot yn jannewaris 2000 yn 'e mande mei twa oare âld-hurdfytsers, Steven Rooks en Peter Winnen, ta dat er ûnder syn hurdfytswurkpaad doping brûkt hie, wêrûnder kortison, testosteron en Synacthen. Dêrby moat wol oantekene wurde dat al dat spul doe't Ducrot it brûkte, noch net op 'e list fan ferbeane middels stie.

Yn 2004 waard Ducrot by it NOS-programma Studio Sport ynhelle as ferslachjouwer op it mêd fan it hurdfytsen, wêrby't er syn âld-kollega Erik Breukink ferfong, dy't doe ploechlieder waard by de hurdfytsploech fan 'e Rabobank. Ducrot makke op 4 april 2004 syn debút as ferslachjouwer ûnder de Omgong fan Flaanderen. Sûnt dat jier foarmet er in fêst ferslachjouwerspear mei Herbert Dijkstra, mei wa't er û.m. elts jier de live-ferslaggen op 'e Nederlânsk tillefyzje fan 'e Tour de France fersoarget. De drûge humor dy't Ducrot dêrby oan 'en dei leit, falt der oer it algemien wakker yn by de hurdfytsfans.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Maarten Ducrot wennet yn Bruchem, yn 'e Bommelerwaard. Hy is troud en hat trije bern.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Duin, Roelf Jan, "Ik weet wat nodig is om te winnen", yn: de Ljouwerter Krante, 24 maart 2018, s. 40.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: Referenties, op dizze side.