Springe nei ynhâld

Mûsslieper

Ut Wikipedy
mûsslieper
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje sliepmûzen (Gliridae)
skaai mûssliepers (Myomimus)
soarte
Myomimus roachi
Bate, 1937
IUCN-status: kwetsber
ferspriedingsgebiet

De mûsslieper, ognevsliepmûs of Ognevs sliepmûs (Latynske namme: Myomimus roachi) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e sliepmûzen (Gliridae) en it skaai fan 'e mûssliepers (Myomimus), dat foarkomt op 'e súdeastlike Balkan en yn Lyts-Aazje. Dizze soarte waard yn 1937 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Britske soöloge Dorothea Bate.

Fersprieding en biotoop

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mûssliepers libje yn 'e westlike helte fan East-Traasje (oftewol Jeropeesk Turkije), en yn it oanswettende súdeasten fan Bulgarije. Dêrnjonken besteane der noch trije lytse isolearre populaasjes oan 'e westkust fan Lyts-Aazje. Ek komme se sporadysk foar yn it uterste noardeasten fan Grikelân, yn 'e stripe fan 'e lânstreek West-Traasje, dy't tsjin 'e Turkske grins oan leit. It swiertepunt fan 'e fersprieding leit om 'e stêd Edirne hinne, yn Jeropeesk Turkije. Mûssliepers binne oanpast oan it libjen yn strewelleguod en healiepen lânskippen mei beammen en boaiemfegetaasje, lykas hôven, wyngerds, hagen en rivierwâlen. Beammen fan in beskate âlderdom binne dêrby ûnmisber, om't se de dei yn beamholten fersliepe en har der nachts ek út en troch yn weromlûke om in slûchje te dwaan.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De mûsslieper hat trochinoar in kop-romplingte fan 7-13 sm, mei in sturtlingte fan 6-11 sm en in gewicht fan 15-25 g. Hy tanket syn namme oan syn tinne sturt, dy't mear wei hat fan 'e sturt fan in echte mûs as fan dy fan in sliepmûs. Syn pels is griisbrún en syn earen binne lyts.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De mûsslieper is in nachtdier dat benammen aktyf is fan 'e jûnsskimer oant de moarnsdage. Hoewol't er it grutste part fan 'e tiid yn beammen en strûken trochbringt, bejout er him ek wolris oer de grûn as dat needsaaklik is foar syn foerazjearjen of om in oare groepke beammen of strûken te berikken. Soms weaget er him sels yn iepen greidlân of op ikkers dy't koartby omploeid binne, mar dêrby rint er grut gefaar om snipt te wurden troch rôfdieren, lykas ûlen of martereftigen. Ien eksimplaar hat yn 'e regel ferskate beamholten yn gebrûk, al geane sokke rêstplakken ek geregeldwei oer fan 'e iene mûsslieper op 'e oare. Behalven yn beamholten meitsje mûssliepers har nêst as it nypt ek wol yn rotsspjalten. Se frette benammentlik sieden, mar ek wol griene plantedielen.

De mûsslieper hat de IUCN-status fan "kwetsber", wat de leechste fan 'e trije foarmen fan bedriigdheid is (de oare beide binne "bedrige" en "krityk"). De reden dêrfoar is syn beheinde ferspriedingsgebiet, dêr't noch bykomt dat er fanwegen syn ferlet fan âlde iken en nutebeammen yn 'e benearing brocht is troch de útwreiding fan 'e lânbou en de dêrmei mank geande kap fan boskgebieten.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en External links, op dizze side.