Lânkeltyske talen
Lânkeltyske talen | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Kontinintaal Keltyske talen | |
lokaasje | Frankryk, Sintraal-Jeropa, noardlik Itaalje, it Ibearysk Skiereilân | |
tal talen | 5-9 | |
tal sprekkers | ― († 2e iuw) | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Keltysk ● Lânkeltysk | |
subgroepen | ● Gallysk ● Keltibearysk ● Lepontysk |
De Lânkeltyske talen of Kontinintaal Keltyske talen foarmje in taalgroep binnen de gruttere Keltyske taalfamylje, dy't fiif oant njoggen útstoarne talen omfettet. De namme fan dize taalkloft slacht op 'e oarsprong fan dizze talen op it fêstelân fan Jeropa, en ûnderskiedt se fan 'e oare grutte Keltyske taalgroep, de noch libbene Eilânkeltyske talen, dy't fan âlds op 'e Britske Eilannen sprutsen wurde.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hoewol't de Eilânkeltyske talen hjoed de dei sprutsen wurde yn mar in lyts hoekje fan Noardwest-Jeropa, wie it areaal fan alle Keltyske talen mei-inoar yn it earste milennium f.Kr. folle grutter. Doedestiden sprate it him nammentlik út oer de noardwestlike helte fan it Ibearysk Skiereilân, oer hiel Galje (it tsjintwurdige Frankryk) en oer de dellings fan 'e Ryn en de Donau oant op 'e noardlike Balkan en yn wat no Hongarije is. De Keltyske folksgroep fan 'e Galaten krong sels troch yn Lyts-Aazje, dêr't hja har nei wenjen setten yn 'e omkriten fan it moderne Ankara, in gebiet dat nei harren Galaasje kaam te hjitten.
Al dy gebieten waarden neitiid lykwols ferovere troch de Romeinen, en ûnder harren bewâld waarden de Keltyske talen op it Jeropeeske fêstelân stadichoan ferkrongen troch it Latyn (of yn it gefal fan it Galatysk, troch it Gryksk). Tsjin it begjin fan 'e Midsiuwen wiene sadwaande alle Keltyske talen útstoarn, behalven dy op 'e Britske Eilannen.
It Bretonsk, dat tsjintwurdich noch op it Frânske skiereilân Bretanje sprutsen wurdt, is in Brytoanyske taal dy't nau besibbe is oan it Welsk en fral oan it Kornysk. It moat yn 'e Iere Midsiuwen nei Bretanje ta brocht wêze troch lânferhuzers dy't fan 'e Britske Eilannen kamen. Hoewol't wol suggerearre is dat it (sterk ôfwikende) Fanneteeske dialekt fan it Bretonsk in Gallysk substraat hat,[1] en hoewol't de Bretonske taalkundige François Falc'hun miende dat it Bretonsk streekrjocht fan it Gallysk ôfstamme, wiist histoarysk en taalkundich bewiismateriaal oars út.
Talen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Utstoarne Lânkeltyske talen út 'e Aldheid binne:
- it Galatysk, dat yn 'e Aldheid sprutsen waard yn sintraal Lyts-Aazje, yn 'e omkriten fan it tsjintwurdige Ankara.
- it Gallysk, dat yn 'e Aldheid sprutsen waard yn Galje, it moderne Frankryk.
- it Keltibearysk, dat yn 'e Aldheid sprutsen waard yn in grut diel fan it noardeasten fan it Ibearysk Skiereilân.
- it Lepontysk, dat fan 'e sechsde iuw f.Kr. ôf sprutsen waard yn Reesje en Sisalpynsk Galje (it tsjintwurdige noardlik Itaalje). Dit wie de âldste oerlevere Keltyske taal.
- it Noarysk, dat yn 'e Aldheid sprutsen waard yn Noarikum, it hjoeddeiske Eastenryk.
Fierders binne der noch ferskate talen út 'e Aldheid dy't mooglik ek ta de Lânkeltyske talen heard hawwe, mar wêrfan't soks net mei wissichheid te sizzen falt om't se mar hiel fragmintarysk oerlevere binne. Hjirby giet it om:
- it Gallesysk, dat nei gedachten fan likernôch 500 f.Kr. oant de lette Klassike Aldheid sprutsen waard yn it noardwestlike fearn fan it Ibearysk Skiereilân. Dizze taal is inkeld bekend fan in pear ynskripsjes yn stien yn it Latynske alfabet.
- it Liguerysk, dat yn 'e Aldheid sprutsen waard yn wat no noardwestlik Itaalje en súdeastlik Frankryk is, ynkl. dielen fan Toskane en de eilannen Elba en Korsika (net te betiizjen mei it moderne Liguerysk, dat in Romaanske taal is).
- it Lusitaansk, dat yn 'e Aldheid sprutsen waard yn wat no de grinskrite fan Spanje en Portegal is. Dizze taal is inkeld bekend út fiif ynskripsjes en in stikmannich toponimen.
- it Tartessysk, dat yn 'e Aldheid sprutsen waard yn it súdwestlike part fan it Ibearysk Skiereilân, en bekend is fan 95 ynskripsjes.
Klassifikaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De klassifikaasje fan 'e Keltyske talen is de wittenskip it noch altyd net oer iens, wat benammentlik it gefolch is fan brekme oan primêre gegevens. Mei oare wurden: der binne tefolle talen dêr't te min fan oerlevere is om ta in slutende yndieling te kommen. In protte taalkundigen meitsje lykwols gebrûk fan 'e tradisjonele yndieling yn Lânkeltyske (of Kontinintaal Keltyske) en Eilânkeltyske (of Ynsulêr Keltyske) talen. Dêrby wurdt derfan útgien dat de dúdlike ferskillen dy't hjoed de dei besteane tusken de Brytoanyske talen (Welsk, Kornysk en Bretonsk) en de Gaelyske talen (Iersk, Skotsk-Gaelysk en Manksk) pas ûntstien binne nei't de Kelten har op 'e Britske Eilannen nei wenjen setten.
Guon saakkundigen binne lykwols fan tinken dat de Brytoanyske talen nauwer besibbe binne oan it Lânkeltyske Gallysk, en sokken hâlde in nijere yndieling oan yn P-Keltysk en Q-Keltysk. Dy nammen binne ûntliend oan in taalkundige ûntwikkeling wêrby't beskate wurden dy't yn 'e Gaelyske talen begjinne mei in k- of kw-klank (q) yn 'e Brytoanyske talen ferskood binne nei in p oan it wurdbegjin (ferlykje Iersk ceathair mei Welsk pedwar, "fjouwer"; en Iersk cúig mei Welsk pump, "fiif"). Neffens dizze teory soene de Gaelyske talen har it earst fan 'e Proto-Keltyske oertaal ôfskaat hawwe, en dêrút wurde dan alle yn ferhâlding mei de Brytoanyske talen argayske skaaimerken fan 'e Gaelyske talen ferklearre.
De tradisjonele yndieling yn Lânkeltyske en Eilânkeltyske talen hat ûnder taalkundigen lykwols noch altyd fierút de measte oanhing. Dêrby moat men wol goed betinke dat de oantsjutting Lânkeltysk in sammelterm is foar ferskate groepen dy't wierskynlik op ien hichte stiene mei de Eilânkeltyske talen. Om't der mar sa'n lyts bytsje fan 'e Lânkeltyske talen oerlevere is, hat in bettere klassifikaasje oant no ta lykwols net mooglik west. Hjirûnder in skematysk oersjoch fan dizze yndieling:
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side. |