Lytse ara's
Appearance
Lytse ara's | ||
gielnekara's | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | fûgels (Aves) | |
skift: | pappegaai-eftigen (Psittaciformes) | |
boppefamylje: | pappegaaien of echte pappegaaien (Psittacoidea) | |
family: | pappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld (Psittacidae) | |
skaai | lytse ara's (Primolius) | |
Bonaparte, 1857 | ||
Lytse ara's (wittenskiplike namme: Primolius) foarmje in skaai fan fûgels út de famylje pappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld (Psittacidae).
It binne yn haadsaak griene fûgels mei blauwe, reade en giele kleuren. Se ha lange sturten, in grutte kromme snaffel en in keal plak om it each, itjinge typysk is foar alle ara's. Se binne minder as 50 sm lang, folle lytser as de ara's fan it skaai echte ara's. Ara's dy't lytser as 50 sm lang binne, lykas it skaai Primolius, wurde somtiden ek "mini-ara's" neamd.
Yndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It skaai bestiet út trije soarten:
Lytse ara's | ||||
---|---|---|---|---|
ôfbyld | wittenskiplike namme | Fryske namme | status | fersprieding |
Primolius auricollis | gielnekara | net bedrige | Bolivia, Brazylje, Paraguay | |
Primolius couloni | blaukopara | gefoelich | Bolivia, Brazylje, Perû | |
Primolius maracana | blauwjukara | hast bedrige | Bolivia, Brazylje, Paraguay (útroege yn Argentynje) |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Primolius fan Wikimedia Commons. |