Gielnekara
Gielnekara | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Primolius auricollis | ||||||||||||
Cassin, 1853 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De gielnekara (Primolius auricollis) is in fûgelsoarte fan it trije tellende soarten skaai lytse ara's (Primolius). De fûgel libbet yn Súd-Amearika.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mantsjes en wyfkes fan gielnekara's binne foar it measte grien en ha in giele bân om 'e nekke. De foarholle, krún en ûnderste dielen fan 'e wangen binne brún oant swart en se ha in wyt oant krêmkleurich plak om it oranje each. De wjukken binne grien mei blauwe rânen en de sturt is blau mei brún/read nei de basis ta. Gielnekara's ha in grize snaffel en fleiskleurige poaten. De fûgel is likernôch 38 sm lang en weecht likernôch 250 gram.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgels komme foar yn Sintraal- en Súdwest-Brazylje, it easten fan Bolivia oant it noarden fan Argentynje en it noarden fan Paragûay. Bûten de briedtiid libje de fûgels yn lytse groepkes.
Nêst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It wyfke leit trije oant fjouwer aaien yn in beamholte en briedt dy yn 28 dagen út. Nei 9 oant 10 wiken fleane de jonge fûgels út en nei likernôch 16 wiken moatte se harrensels rêde.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Se ite fruchten, blommen, sied en mais. Somtiden sykje se ek iten op 'e grûn.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Eartiids wiene der soargen oer de fûgel om't de soarte yn 'e jierren 1970 by tûzenen út de natoer fongen waarden. Yn 1984 waard de hannel yn 'e fûgel ferbean, mar der fynt noch streuperij plak. Oan 'e rânen fan it ferspriedingsgebiet yn Paragûay is de soarte ôfnommen.
Alhoewol't de oantallen net kwantifisearre binne, wurde de soarte as frij algemien beöardiele. De soarte liket him oars as oare soarten maklik oan feroarjende omstannichheden oan te passen en liket te profitearjen fan 'e oanduorjende feroarings yn it lângebrûk. Op 'e Reade list fan 'e IUCN stiet de soarte as net bedrige klassifisearre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|