Blauwjukara
Blauwjukara | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Primolius maracana | ||||||||||||
Vieillot, 1816 | ||||||||||||
IUCN-status: hast bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De blauwjukara (Primolius maracana) is in pappegaai-eftige út it skaai lytse ara's (Primolius). De fûgel komt foar yn it midden en easten fan Brazylje en it eastlike diel fan Paraguay. Yn 'e literatuer komt de fûgel ek as Ara maracana en Propyrrhura maracana foar. De yndieling yn Primolius is in striidkwestje om't der dúdlike oerienkomsten binne mei de dwerchara (Ara severus).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Blauwjukara's wurde likernôch 36 oant 40 sm lang en wege sa'n 265 gram. De fûgel hat in krêftige swarte snaffel. De foarholle is blau mei in read plakje by de snaffel. De keale hûd om 'e amberkleurige eagen is wyt mei smelle streekjes dy't besteane út hiele koarte fearkes. It blau fan 'e foarholle giet yn 'e nekke op grien oer en ek de rêch en it boarst binne grien. De fûgel hat midden op 'e rêch tusken de griene fearren in opfallend read plakje, dy't him de Dútske namme Rotrückenara oplevere. Op 'e búk giet it grien oer yn read. Blauwjukara's ha in lange read mei griene sturt, dy't by de punt blau is. De boppekant fan 'e wjukken binne grien en blau, de ûnderkant gieleftich.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blauwjukjara komt yn it súdeasten fan Brazylje yn 'e dielsteaten Sao Paulo en Parana en yn it Brazyljaanske berchlân en heechlân fan Mato Grosso foar. Syn biotoop bestiet út tropyske oant subtropyske wâlden oan rivieren en iepen healsavanna's.
Nêst en iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgels briede yn beamholtes, dêr't se ek yn sliepe. Se ite fruchten, sied, nuten en beien. Blauwjukara's sykje faak klaaiôfsettings om dêr klaai te slikjen. Sa krije se mineralen binnen en wurdt it gif dat se mei planten ynnimme neutralisearre.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lykas by hast alle pappegaaiesoarten rinne de oantallen blauwjukara's bot werom. It leefgebiet fan 'e fûgels wurdt troch de lânbou en yndustrie oan 'e eastkust fan Súd-Amearika bedrige. Mar de fûgel ferdwynt ek op plakken dêr't noch wol geskikt biotoop oanwêzich is mei 't er te lijen hat fan it fangen út de natoer om as koaifûgel ferhannele te wurden. Yn Argentynje hat it ferdwinen te meitsjen mei de ferfolging troch boeren om't er skea oan it gewaaks bringe soe. De fûgel waard dêrom earder as kwetsber klassifiseare. It oantal wylde fûgels wurdt minder as 10.000 rûsd (troch Bird International yn 2016 op 1.700 oant 7.000 eksimplaren).
Neffens ynformaasje út Brazylje bliuwt it ferspriedingsgebiet fan 'e fûgels grut en der is sels sprake dat de fûgel syn histoaryske ferspriedingsgebied súdlik fan Rio de Janeiro wer oant werkolonialisearjen is. Dat positive nijs soarge der foar dat de klassifikaasje fan kwestber nei hast bedrige waard oanpast.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|