Blaukopara
Blaukopara | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Primolius couloni | ||||||||||||
Sclater, 1876 | ||||||||||||
IUCN-status: gefoelich
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De blaukopara (Primolius couloni) of berchara is in fûgelsoarte út it skaai lytse ara's (Primolius), dy't yn it súdwestlike diel fan 'e Amazône en oan 'e eastlike heuvels fan 'e Andes libbet.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel heart ta de lytse ara's en hat in lingte fan likernôch 41 sm. De fûgel is foar it meast grien (faak oliifgrien, fral ûnder); de kop, de slachpinnen en de primêre dekfearren binne blau. De boppesturt is by de basis readbrún mei in sintrale griene streek yn 'e midden, dy't einiget yn in blauwe punt. Under de wjukken en de sturt hat de soarte griengiele fearren. De snaffel is griis-hoarnkleurich mei in swarte basis, itjinge fariëarret, mar de boppesnaffel is by folwoeksen fûgels meast hoarnkleurich. De iris is wyteftich mei in smelle, hat net waar te nimmen kastanjebrune eachring. Oars as oare arasoarten is de hûd fan it gesicht fan 'e blaukopara donkergriis. De poatsjes binne rôze.
Juvenilen lykje op 'e folwoeksen fûgels, mar ha in folslein swarte snaffel, grizere poatsjes, in donkere iris en in wite hûd op it gesicht.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Blaukopara's libje yn it súdwesten fan 'e Amazône en de oangrinzgjende eastlike heuvels fan 'e Andes. De fûgels ha in foarkar foar fochtige bosken oan rivieren en iepen plakken, mar se binne ek waarnommen yn sompen mei Mauritiuspalmbeammen en bûtenwiken fan stedjes. Se komme oant in hichte fan 1550 m foar.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der is net in soad bekend oer de fûgel. In mooglik nêst is fûn yn in holte fan in bamboebeam en in oarenien yn in beamholte. Yn finzenskip briede de fûgels sa'n bytsje alle jierren op twa oant fjouwer aaien. Yn it wyld wurdt de fûgel faak yn groepkes fan twa oant fjouwer waarnommen, somtiden wurde der groepen oant likernôch 60 fûgels teld. Syn rop is heger en sêfter as dy fan 'e measte oare ara's.
Lykas oare ara's bringe blaukopara's in besite oan klaaiôfsettings, om dêr mineraalrike klaai te iten.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oant net lang ferlyn waard de fûgel noch as algemien klassifisearre. BirdLife International konkludearre yn 2006 dat de soarte in ôfnimmende populaasje fan 1.000 oant 2.500 fûgels hie. Dêrom waard de blaukopara yn 2007 op 'e Reade list fan 'e IUCN as bedrige set. Dielen fan it ferspriedingsgebiet fan 'e soarte binne net goed ûndersocht, mar neffens Tobias & Brightsmith (2007) wiene de eardere rûzingen te leech en 9.200-46.000 folwoeksen fûgels soe realistysker wêze. Dêrom waard útsteld dat de kategory 'gefoelich' better op 'e soarte fan tapassing wie.
It ferspriedingsgebiet fan 'e fûgel is noch foar in grut part yntakt. Lokaal kin it ferlies fan biotoop in bedriging wêze, lykas dat yn guon beskerme gebieten al plakfynt. It fangen fan 'e fûgels foar de hannel is in reëele bedriging. De fûgel wurdt net in soad yn finzenskip holden en de prizen lizze heech.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|