Lolke Ypma
Lolke Sjoerds Ypma (Boalsert, 6 july 1823 - Alkmaar, 6 febrewaris 1887), bekend as Lodewijk Ypma, wie in Nederlânsk oargelbouwer fan Frysk komôf dy't yn Alkmaar wenne en wurke.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De trije oargelmakkers Ypma wiene soannen fan timmerman Severinus (Sjoerd) Feddes Ypma (1790-1867) en Julia (Jeltje) Dirks Kortrijk (1792-1865) yn Boalsert. Sy hiene noch seis soannen en in dochter dy't net yn de oargelbou sieten. De famylje wie aktyf yn it oargelmakkersfan fan om 1835 oant 1902. De âldste broer wie Dirk Sjoerds Ypma (1813-1853). Hy wie in learling fan Willem van Gruisen, dy't sels it fak learde fan syn heit Albertus van Gruisen. Dy wie learling west fan Albertus Antoni Hinsz en fia dy line stie Dirk Ypma yn de oargeltradysje dy't him út Noard-Dútslân oer Noard-Nederlân ferspraat hie.
Dirk Ypma begûn syn bedriuw yn 1836 yn Boalsert, mar yn 1842 ferfear dy mei syn tsien jier jongere broer Lolke (Lodewijk) nei Alkmaar. Harren broer Eeltje Sjoerds Ypma (1819-1893) bleau yn Boalsert, wie dêr timmerman yn de fuotleasten fan harren heit, mar waard letter ek oargelbouwer.
Nei de dea fan Dirk yn 1853 gie Lodewijk allinne fierder mei de Alkmaarder oargelmakkerij. De tsjerkoargels dy't ûnder Dirks lieding boud waarden gouen as in bytsje âlderwetsk, mar Lodewijk wie yn syn disposysjes sa behâldend net as syn broer. Fanwegen syn katiolike eftergrûn levere Ypma nei it werstel fan de biskoplike hiërargy yn Nederlân yn 1853 foaral oargels oan Roomsk-katolike tsjerken yn de provinsjes Noard- en Súd-Hollân. Hy paste de klank foar de easken fan de liturgy oan nei it foarbyld fan de op dat stuit ferneamdste Frânske oargelbouwer Aristide Cavaillé-Coll. Hy foege "sêfte" registers ta, dy't mear mooglikheden beaen foar koarbegelieding. Se pasten yn de moade dan dy dagen om mear "grûn"klank te krijen yn 't plak fan de heldere en lichte klank dy't in skaaimerk fan de oargels fan Dirk Sjoerds wiene. Dêrtroch krige it bedriuw in moderner oansjen en de produksje skeat omheech. De oargels fan Ypma waarden beskôge as behearend ta de bêste fan harren tiid. LOdewijks grutste opus is it twaklaviersk oargel fan de Sint-Martinustsjerke yn Westwoud, dat er yn 1863-1864 boude.
Ypma die ek ûnderhâld en ferbouwingen oan besteande oargels. Sa krije die yn 1882 de opdracht it Mülleroargel út 1762 fan de Kapeltsjerke in Alkmaar te restaurearjen dat sûnt syn nammeplaat mei it jiertal 1882 hat.
Nei Ypma
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei Lodewijks dea yn 1887 sette syn widdo Anna Elisabeth Lucas (1829-1902) de firma fuort ûnder de namme L. Ypma & Co. Doe't se yn 1902 stoar waard it bedriuw ferkocht oan Jos. Vermeulen fan Weert, dy't oat 1914 de namme Ypma oanhold en dêrna it bedriuw fuortsette ûnder syn eigen namme. Ypma's masterfeint Bernardus Pels begûn foar himsels en rjochte yn 1903 yn Alkmaar de oargelfirma Pels op. De noch altyd besteande pianohannel Ypma yn Alkmaar, letter ek yn Amsterdam, waard oprjochte troch Petrus Ypma (1840-1913), in soan fan Dirk Sjoerds Ypma.
Foarbylden fan Ypma-oargels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Herfoarme tsjerke (De Lemmer), boud troch Dirk Sjoerds Ypma, 1842, ferboud troch Van Dam yn 1863.
-
Calvijntsjerke (Baarn), 1861, kaam fan de R.K. Onze-Lieve-Vrouw Visitatiekerk yn Oosterblokker, ferhuze yn 1925.
-
R.K. Sint-Martinustsjerke (Westwoud), 1864, met oargelkast fan Stephen Louis Veneman.
-
Doarpstsjerke (Blokker), 1871.
-
Sint-Nikolaastsjerke (Sint-Nyk), 1871, út de R.K. tsjerke yn Akersloot, ferhuze yn 1975.
-
Protestantske tsjerke De Terp (Oudorp), 1877.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Lodewijk Ypma organs fan Wikimedia Commons. |