Liudgertsjerke (Garnwerd)
Liudgertsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Grinslân | |
gemeente | Westerkertier | |
plak | Garnwerd | |
adres | Boarg. Brouwerstrj. 3 | |
koördinaten | 53° 18' N 6° 29' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
patroanhillige | Liudger | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 13e iuw | |
boustyl | Romanogotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 15559 [1] | |
Webside | ||
Side PKN gemeente Ezinge | ||
Kaart | ||
De Liudgertsjerke yn Garnwerd yn 'e provinsje Grinslân is in tsjerkegebou fan 'e Stifting Alde Grinslânske Tsjerken. Tsjerklik falt Garnwerd ûnder de PKN-Ezinge.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e tsjerke is it fiifsidige koer it âldste diel, dat yn it begjin fan 'e 13e iuw boud waard. It skip is fan lettere tiid en moat tsjin 'e ein fan 'e 14e iuw boud wêze. De âlde toer stoartte yn 1738 foar in grut part yn en waard yn 1751 mei de westlike muorre op 'e nij boud. Dat jier is te lêzen op 'e stien, dy't neffens de tekst yn 1816 in âldere stien ferfong.
Patroanhillige fan 'e tsjerke wie nei alle gedachten de apostel Liudger. Oant 1888 hong yn 'e toer in klok út 1520, wêrfan it ynskrift ferwiisde nei de hillige.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de tsjerke is in sarkofaachdeksel fan reade sânstien te sjen út de 12e of 13e iuw. De deksel is dekorearre mei sinnerêden. Kânsel en hearebank binne 18e-iuwsk. Ek de tige moaie nachtmielstafel yn Loadewyk XIV-styl is 18e-iuwsk. It yn 'e tsjerke healrûne koer is fersierd mei hege, ûndjippe spitsbôgen mei dêryn ûnder djippere rûnbôgenissen.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel waard yn 1809 yn opdracht fan Carolus Justus Lewe, hear fan Aduard, boud troch Lambertus van Dam út Ljouwert. Yn 1834 waard it oargel troch syn soannen útwreide mei in twadde manuaal. It oargel hat 18 registers; it pedaal is oanhongen. De tuorren binne fersierd mei bylden fan S. van Lekkum, dy't it Leauwe, de Hope en de Leafde symbolisearje.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|