Springe nei ynhâld

Laurent Philippe Charles van den Bergh

Ut Wikipedy
Portret fan Van den Bergh as ryksargivaris

Mr. Laurent Philippe Charles van den Bergh (meast oanhelle as Mr. L.Ph.C. v.d. Bergh) (Düsseldorf, 20 juny 1805 - De Haach, 17 septimber 1887) wie in Nederlânsk letterkundige, skiedskriuwer en ien fan de earste folkloaristen yn Nederlân. Van den Bergh foel op fanwegen syn nijmoadrige kritysk-wittenskiplike metoaden (sûnder morele- as religieuze konnotaasjes) en de bulte wurk dy’t er fersette op it mêd fan folkloaristysk ûndersyk.

Hy wie in learling fan Adam Simons, luts yn 1830, it jier fan syn promoasje yn Utert, mei de Uterske jagers nei Belgje.

Van den Bergh skreau yn 1836 oer Nederlandsche Volksoverleveringen, en yn 1846 syn Critisch Wdb. der Ned. Mythologie, dêr’t er lykwols letter wat ôfstân fan naam doe’t it ûndersyk een geheel eind weegs vooruit is gekomen. Dy ferdjipping fan it ûndersyk hie te krijen mei de rol fan de provinsjale folksalmanakken en mei Jacob Grimm syn Deutsche Mythology (1835). Van de Bergh hie him wilens yngeand ferdjippe yn Midsiuwske boarnen en wiisde mei klam op de betsjutting fan de Fryske boarnen, benammen de kroniken, dy’t noch it suverst lânseigen wêze soene. Boppedat hie it Aldfrysk âldere papieren as it iere Nederlânsk.

Yn 1847 joech hy de roman fan Heinric en Margriete van Limborch út. Yn 1852 ferskynde syn Handboek der Mnl. Geographie. Van den Bergh hat in soad muoite dwaan moatten om in gaadlike baan te finen. Lang om let waard er yn 1854 adjunkt-ryksargivaris en yn 1865 folge er Bakhuizen van den Brink op as argivaris. Fan 1864-'73 wurke er oan it Oarkondeboek foar Hollân en Seelân.

Fan belang wienen ek syn publikaasje yn 1837, De Nederlandsche Volksromans, dêr’t hy mei mear omtinken feroarsake foar âlde folksboeken sa as ‘Tijl Uilenspiegel’. Fierders frege Van den Bergh fannijs omtinken foar William Shakespeare; hy brocht in karlêzing fan dy syn wurk út, Dramatische Werken, 1834

Publikaasjes (in karút)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Nijmeegsche bijzonderheden, Nymwegen, 1881
  • Het proces van Oldenbarnevelt getoetst aan de wet, De Haach, 1876
  • Het huis Teilingen, Haarlim, 1869
  • Grondtrekken der Nederlandsche zegel- en wapenkunde, Amsterdam, 1861
  • 's Gravenhaagsche bijzonderheden, De Haach, 1857/1859
  • Handboek der Middel-Nederlandsche geographie, naar de bronnen bewerkt, Leien, 1852
  • Grondtrekken der Nederlandsche wapenkunde, Leien, 1847
  • Gedachten over armoede, overbevolking en kolonisatie, Leien 1845
  • Gedenkstukken tot opheldering der Nederlandsche geschiedenis: opgezameld uit de archieven te Rijsel en op gezag van het Gouvernement uitgegeven, Leiden 1842 o/m 1847[1]
  • De Nederlandsche volksromans : eene bijdrage tot de geschiedenis onzer letterkunde, Amsterdam, 1837
  • De leer der enkele en dubbele vokaalspelling in het Nederduitsch, onderzocht en opgehelderd, Rotterdam, 1836
  • Nederlandsche volksoverleveringen en godenleer, Utert, 1836
  • Het Baskische meisje in den burgeroorlog van 1834-'35, Utert, 1835
  • Bespiegelingen over den aard en de ontwikkeling onzer taal, Leien, 1831
  • Dissertatio juridica inauguralis, sistens observationes selectas de perjurio ejusque poena, proefskrift, Utert, 1830

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Gedenkstukken tot opheldering der Nederlandsche geschiedenis, uitgave 1849, Utrecht