Langenlonsheim
Langenlonsheim | ||
Naheweinstraße. | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Bad Kreuznach | |
ferbânsgemeente | Langenlonsheim-Stromberg | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 4.126 (2022)[1] | |
Oerflak | 11,91 km² | |
Befolkingsticht. | 346 ynw./km² | |
Hichte | 160 m | |
Oar | ||
Postkoade | 55450 | |
Koördinaten | 49° 53' N 7° 54' E | |
Offisjele webside | ||
www.langenlonsheim.net | ||
Kaart | ||
Langenlonsheim is in Ortsgemeinde yn 'e lânkring Bad Kreuznach yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It plak is it haadplak fan 'e ferbânsgemeente Langenlonsheim-Stromberg.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Langenlonsheim leit tusken de súdlike râne fan 'e Hunsrück en de Nahe op likernôch 7 km noard fan 'e Kreisstadt Bad Kreuznach. Bingen am Rhein leit goed tsien km noardlik. Oan 'e súdlike râne fan 'e gemeente streamt de Guldenbach, yn it easten de Nahe.
It 500 hektare grutte Langenlonsheimer Wald leit foar it grutste part op it doarpsgebiet fan Langenlonheim. Yn it bosk binne heuvelgrêven fûn, dy't likernôch út 1800 f.Kr. stamme. Eastlik yn it bosk lizze ticht by inoar trije aparte joadske begraafplakken fan Langenlonsheim, Waldhilbersheim/Heddesheim en Windesheim . De Saukopf und Fichtekopft is in 10 ha grut beskerme natoergebiet yn it bosk.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De skiednis fan Langenlonsheim giet werom op it jier 769, doe't der in skinking dien waard oan it kleaster Lorsch. Tusken 801 en 841 waarden der ek skinkings dien oan it kleaster fan Fulda. Langenlonsheim waard lykwols al sûnt de Romeinske tiid bewenne.
Yn 'e 13e iuw foel it gebiet ûnder de hearskippij fan 'e greven fan Sponheim.
De earste tsjerke wie in Sint-Nikolaastsjerke, dy't om 1200 hinne boud waard. Letter is dy tsjerke yn alle gefallen foar 1475 omwijd ta de Sint-Jehannestsjerke. Yn 1540 wie der in grutte brân yn Langenlonsheim, wêrby't ek de tsjerke skansearre rekke. De tsjerke waard yn 1588 op 'e nij boud, mar no as protestantske tsjerke, dy't yn 1777 yn barokke styl en yn 1868 nochris yn neogoatyske styl ferboud waard. Tusken 1697 en 1908 tsjinne de tsjerke as simultaantsjerke. Yn 'e jierren 1907-1908 krige it doarp ek wer in roomske, oan Jehannes de Doper wijde tsjerke.
Om 1860 hinne waard yn Langenslonheim yn 'e Hintergasse 30 in synagoge boud, dy't yn 'e nacht fan 9 nei 10 novimber 1938 fernield waard. Tusken 1938 en 1942 waard de joadske gemeente deportearre en fermoarde. De ruïne fan 'e synagoge waard yn 1958 ôfbrutsen. Yn Langenlonsheim binne stroffelstiennen lein om de joadske bewenners te betinken.
Wynbou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fruchtbere lössboaiem mei it waarme klimaat soargje foar geunstige omstannichheden foar wynbou. Nei Bad Kreuznach, Guldental en Wallhausen is Langenlonsheim de grutste wynbougemeente oan 'e Nahe.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Jehannes de Dopertsjerke.
-
Barokke wynpleats mei poarte.
-
Rotenberger Hof.
-
Fakwurkhûs Naheweinstraße 95.
-
Jugendstil-hûs oan 'e Naheweinstraße 172.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|