Simultaantsjerke

Ut Wikipedy

In simultaantsjerke is in tsjerkegebou dat troch ferskillende tsjerklike rjochtings brûkt wurdt.

De earste simultaantsjerken ûnstiene mei de reformaasje yn Dútslân. Simultaantsjerken wiene faak nedich as de befolking njonken protestanten ek noch út in grutte katolike mienskip bestie. Katoliken, luthersen en/of kalvinisten dielden it gebou meiïnoar, faak krigen de protestanten it tsjerkeskip en de katoliken it koer. De tsjerken koenen op ferskillende tiden troch de denominaasjes brûkt wurde, mar it kaam ek foar dat in skiedingsmuorre foar aparte romtes soarge.

Troch it tusken de Republyk fan de Feriene Nederlannen en de troch Spanje bestjoerde Súdlike Nederlannen sletten partaazjetraktaat fan 1661 ûnstiene der ek yn Nederlân simultaantsjerken, al bleau it útsûnderlik.

Oer it algemien fine tsjinsten apart fan inoar plak, mar by guon gelegenheden kin der ek mienskiplike tsjinsten fierd wurde. Sa wurde der bygelyks tsjinsten yn kapellen fan sikenhûzen fierd dêr't ferskillende tsjerklike rjochtings fertsjinwurdige binne. Ek tsjerken op bygelyks earefjilden wurde fakentiden troch meardere denominaasjes brûkt, lykas de tsjerke op it earefjild foar Nederlânske militêren yn Menteng Pulo yn Yndoneezje. De moderne foarm fan in simultaantsjerke is in oekumenysk sintrum.

Tsjintwurdich binne der yn tradisjonele sin fral noch simultaantsjerken yn Dútslân te finen en dan benammen yn de dielsteaten Rynlân-Palts en Beieren. Ek de Elzas en it noardeasten fan Switserlân telt noch in tal simultaantsjerken.

Tige bekende simultaantsjerken foarmje de hillige plakken fan it Hillige Lân:

Simultaneum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De sitewaasje weryn't simultaantsjerken ferkeare wurdt simultaneum neamt.