Lac Seul
Lac Seul | ||
geografy | ||
type wetter | mar | |
lokaasje | noardeastlik Noard-Amearika | |
lân | Kanada | |
provinsje | Ontario | |
koördinaten | 50°20′N 92°30′W | |
sifers | ||
maks. lingte | 241 km | |
oerflak | 1.657 km² | |
djipste punt | 47,2 m | |
kaart | ||
Lokaasje yn Ontario.
|
Lac Seul (Frânsk foar 'iensume mar') is in mar yn it distrikt Kenora, yn it noardwesten fan 'e Kanadeeske provinsje Ontario. Dit oerflaktewetter is op it langste punt likernôch 241 km lang fan east nei west. It hat in maksimumdjipte fan 47,2 m en in it oerflak bedraacht 1.657 km². Dêrmei is dizze mar de op ien nei grutste fan Ontario dy't hielendal yn 'e provinsje leit. De grutste mar dy't hielendal yn 'e provinsje leit is de Nipigon-mar (de Boppemar, Hueronmar, Earymar en Ontariomar lizze allegear foar de helte yn 'e Feriene Steaten). De wichtichste rivier dy't yn Lac Seul útmûnet (út it easten wei) is de Vermilion, en de wichtichtste rivier dy't ta de mar út streamt (nei it westen ta) is de English River.
Lac Seul bestiet út in grimelgrammel fan wiid iepen baaien, smelle ingten en eilannen. It is in relatyf ûndjippe mar mei in protte rotsige útsteksels ûnder wetter. Dat makket it in goed habitat foar breedbekbears en snoek, en teffens foar sinnebears, Amerikaanske giele bears en muskellunge. Der lizze seis doarpen oan 'e iggen fan Lac Seul: Ear Falls, Goldpines, Hudson, Lac Seul Post, Sioux Lookout en Wabauskang. Dêrfan is Hudson it haadplak fan 'e Lac Seul Earste Naasje en Wabauskang fan 'e Wabauskang Earste Naasje, twa Yndiaanske stamme-organisaasjes wêrfan't de leden etnyske Odjibwe (Ojibwe) binne (dy't ek wol Tsjippewa (Chippewa) neamd wurde).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |