Springe nei ynhâld

Lutine (skip út 1779)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan La Lutine)
La Lutine
La Lutine yn swier waar

De Lutine wie in fregat mei 32 kanonnen, boud yn 1779 te Toulon. Op 9 oktober 1799 fergie it, mei in lading goud dy't mar foar in part weromfûn is.

Op 18 desimber 1793, nei de Frânske revolúsje, wie it ien fan de sechtjin skippen dy't troch Frânske keningsgesinden oan de Britske ficeadmiraal Lord Hood jûn waarden yn Toulon. Under Ingelske flagge waard har namme feroare yn H.M.S. Lutine, alhoewol't Lutine (narder) gjin Ingelsk wurd is. It skip blokkearre jierrenlang op de Noardsee de tagong ta de Sudersee en Amsterdam foar de Ingelsken.

Undergong by Flylân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it jier 1799, ûnder lieding fan kapitein Lancelot Skynner, waard mei de Lutine in grutte lading goud en sulver, mei in wearde fan krapoan in miljoen pûn, út Ingelân wei nei Hamburch ferfierd. As begelieding fan de lading reizge in oantal pommeranten mei, wêrûnder de notaris J. Schabracq út Londen. Yn de nacht fan 9 op 10 oktober fergie it skip yn in stoarm tusken Flylân en Skylge en kamen 269 fan de 270 opfarrenden om. Der wie ien skipbrekling dy't de ramp oerlibbe en oanspielde op it strân. De krante Bell's Weekly Messenger melde op 20 oktober 1799 dat dizze oerlibbene de neamde notaris wie.

Direkt nei de ramp waarden der besocht om de kostbere lading te bergjen. Offisjeel levere dat yn de earste helte fan de 19e iuw mear as 200 goud- en sulverstêven op, mar men fermoedt dat klandestine bergers in mearfâld dêrfan opdûkt hawwe. Yn 1936 waard de seeboaiem sekuer ôfbaggele, mei mar ien goudstêf as risseltaat, wêrmei't fêst kaam te stean dat der fan de kostbere lading net folle emar oer wie.

It ferfierde goud en sulver wie fersekere by Lloyd's of London. De ferzekering betelle út. Yn 1860 waard de skipsbelle burgen, en omdat dizze no eigendom wie fan Lloyd's, waard de belle ophong yn de grutte hal fan it destiidske gebou, en letter yn de trije opfolgjende Lloyd's-gebouwen. Fan it burgen roer binne in tafel en in stoel makke. De belle fan de Lutine waard oant ± 1980 lieden by min en goed nijs. No is de belle skuord. De ynskripsje op de belle is "ST. JEAN - 1779". It is net dúdlik wêrom't net de namme fan it skip op de belle stie. De belle waacht 48 kg en is 46 sm yn trochsneed.

Der is in folksferhaal oer La Lutine.

Yn in bankiershûs yn Londen komt in dizenige stalte binnen, it is gjin deftige hear. De man draacht in frjemde mantel en allinnich omdat de bankier graach clientèle opbouwe wol, freget hy wêr't er de besiker mei fan tsjinst wêze kin. De hear wol de direkteur sels sprekke en giet mei in kantoarke. De bankier moat in brief bewarje en krijt in goudstik foar dizze tsjinst. De man wol syn namme net neame en seit ek net hoe lang oft er it brief yn de bank bewarje moat. As de man nea weromkomt, mei it brief noch net iepenmakke wurde. As de bankier him lêze sil, sil ûngelok taslaan warskôget hy noch. De bankier sjocht hoe't de man ferdwynt, der bliuwt in grize nevelsliert efter. De bankier berget de slûf op en yn de neikommende moanne krijt er in soad klanten. It liket oft it jild syn kantoar binnenrôlet en al gau groeit it lytse saakje út ta in skatryk bankiershûs. Op in dei bine de soannen fan de bankier sels súksesfol en hy fynt dan it âld brief yn syn kast. Hy tinkt werom oan de jierren dat er noch in jongfeint wie en glimket as hy de segels ferbrekt. Hy kin de tekens lykwols net lêze en in kjeld krûpt troch syn lichem nei syn hert.

De soannen fine harren heit mei syn antlit op it brief. Se meitsje har gjin soargen om it ûnlêsbere âld brief en se hâlde alles by it âlde. De Frânske Revolúsje set Europa lykwols op syn kop en Ingelân en Frankryk reitsje yn oarloch. De Lege Lannen wurde beset troch de Frânsken en yn 1799 wolle de Ingelsken Noard-Hollân befrije. Der is in slompe jild nedich en der wurdt goud nei Hamburch ferskippe yn in skip dat yn 1793 op de Frânsen ferovere wie. De matroazen sjogge út nei swieren op de Reeperbahn en nimmen tinkt deroan dat "lutin" in narder is. La Lutine is in froulike, dus noch hûndert kear slimmer as in lutin. Seemans(by)leauwe skriuwt foar dat de namme fan in skip nea feroare wurde mei, soks soe ûngelok bringe.

Yn oktober giet de bemanning yn de narder de Noardsee op, mar wurdt oerfallen troch in stoarm op de hichte fan Skylge. Op de Westergrûnen is it fregat fergien mei man en mûs. De ynfal in Noard-Hollân rûn út op in nederlaach en de bank gie fallyt. La Lutine mei har goud bliiuwt omdoarmjen yn de holle fan lju dy't gau ryk wurde wolle. De Karimata hie in offisjele baggelpartij en woe in ein meitsje oan de praatsjes oer in ûnmjitbere goudskat. Der kaam mar ien goudstêf nei boppe. Dervwurdt sein dat der foar sa'n 1.2 miljoen gûne burgen is en sa'n 9 miljoen klandestyn opfiske is. Der is bytiden in Frânsk gegibel oer de Westergrûnen te hearen, de narder mei it goud wachtet.

De Flylanner sjongster Liesbeth List song in liet oer in skip mei in kostbere lading dat fergie. Ut de tekst fan it liet blykte net oer hokker skip it gie, mar de titel fan it liet wie: Het lied van de Lutine.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: